Geart Tigchelaar

Foaropwurd 69

logo.ensafh
De sosjale media soarget foar in soad problemen by de puberjeugd fan tsjintwurdich. Se wolle neat misse en as se net fuortdaliks in nij twitterberjocht besjen kinne, dan reitsje se suver yn ’e stress. Se sjogge op syn minst ien kear yn ’e tsien minuten op harren tûke tillefoantsje, sa seit in jonge op it NOS-sjoernaal fan ôfrûne moandeitejûn.
Wie it net moai dat se transpirearje moatte en hertritmesteurings krije soene fan de (Fryske) literatuer. Dat dat sa’n status krije soe dat men perfoarst neat misse wol. Is it in idee om in soarte fan feuilleton op Facebook te setten? Alle dagen in nij ferfolch dat men lêze móat. Ik wit dat de skriuwer Willem Schoorstra ris in Ingelsktalich hurdfytsferhaal yn fiif kear publisearre hat op Facebook. Soks wurdt miskien al mear dien.
Mar no yn ’t Frysk, net te lang, want dêr hâlde wy net mear fan tsjintwurdich. In nije hype? Wa begjint?