
Nasjonalisme is my frjemd en Frysk nasjonalisme al hielendal. Ik moat der neat fan ha. It sil, lykas in hiele protte oare saken, wol te krijen ha mei myn bernejierren. Ik bin op it lêst gjin Fries en gjin Hollanner. Ik bin in mutant. Us mem Feansters/Frysk, ús heit út Delft. Dêr kaam by dat ús heit in Marxist (better sein in Stalinist) fan de earste oarder wie. As hy al nasjonalistysk wie, dan wie it Russysk nasjonalistysk. Keninginnedei en de legere skoalle wienen dêrtroch foar my as bern in ramp. It wie in de jierren ´50, middenyn de kâlde oarloch en de Hongarije-kwestje. ‘Smoarge kommunist’ wie de meast freonlike skelnamme foar my. Dochs woe ik graach meirinne yn de Keninginne-optocht. Us heit woe it wol lije. Hy tocht dat it goed foar myn opfieding wie. Ik moast sa gau as mooglik leare wat in poppekast it wie, sjonge foar de Keninginne. Hy hie frjemde ideeën. Nei de Roomske misse mei in freondintsje wie bygelyks om deselde reden ek gjin probleem. Dus wol de optocht, ferklaaiersklean krige ik net. De obade by Crackstate koe der ek mei troch. Ik hie slim op ‘In een blauw geruite kiel’ en ‘Piet Hein’ oefene, want sjonge is net myn sterkste side. Wy krigen in synappel en yn De Schouwburg wie der in film dêr’t ik my neat fan herinnerje kin. De oare dei siet tefolle yn myn holle. Ik moast as iennige yn de klas frij freechje foar de 1 maaie middei yn it Posthûs en wie wer in smoarge kommunist. Fan dy 1 maaie middei wit ik ek neat mear. Allinich dat it Posthûs in âlde binde wie, dat it der stonk en wy oare ferskes as ‘In een blauwgeruite kiel’ sjonge moasten. It is my allegearre wol bêst dat Schoorstra stiet te razen oer it Frysk ensfh. Sa fûl tsjin as Willem bin ik net. Ik bin pas lilk as Schoorstra my twinge wol om ‘Frysk bloed tsjoch op’ te learen. En as it dan moat wol ik yn optocht nei it Provinsjehûs, yn ferklaaiersklean sjonge foar Jorritsma, in synappel krije en nei in film. ‘De Gouden Swipe’ of sa. Ik koesterje myn frustaasjes.
Anneke van Renssen
Schoorstra en Geofiksje
Wat driuwt sa’n Willem Schoorstra (en in oanhing fan 650 oaren)? Wylst yn Europa it paspoart net folle mear foarstelt – mear en mear grinzen binne iepen – komt dizze skriuwer mei nochris de fraach om as nasjonaliteit ‘Frysk’ op syn paspoart te krijen.
Nasjonaliteit jout oan út hokker lân jo ôfkomstich binne. Lân, dat is hokker naasje. Fryslân is wol lân, mar net in lân, gjin naasje. Gjin naasje, gjin paspoart. Schoorstra sil him earst ynsette moatte om de steat Fryslân te realisearjen. Dat giet net sûnder tûkelteammen. Want wat wolle de ‘Frysknasjonale revolúsjonêren’?
Wolle se de Stellingwerven etnysk skjinmeitsje of doarre hja it oan fuortdaliks al wer in minderheid binnen in minderheid te tolerearjen? Yn alle gefallen sil dat Stellingwerfsk net langer yn it offisjele ferkear en op skoallen brûkt wurde meie. Dêrfoar yn it plak wurdt it Frysk ferplicht foar Stellingwervers en praters fan stedsdialekten.
Wat sille de revolúsjonêren dwaan mei de ymport? Ferplichte ynboargering? Ferplichte taalkursussen? Bliuwe dy sûnder fertuten, dan folget ferbanning?
Wy Friezen binne, seit Schoorstra, op ‘t lêst in erkende minderheid.
Dat mei sa wêze, mar is dat in argumint foar in Frysk paspoart?
Schoorstra makket hjir in tinkflater: Om’t er gjin sprake is fan in Fryske naasje, is der ek gjin kritearium om mei útmeitsje te kinnen, wa’t wol en wa’t net yn de beneaming komt foar registraasje as Fries.
En salang’t der gjin Fryske naasje ûntstiet, komme der ek gjin Fryske paspoarten.
Soe Schoorstra geofiksje net kenne? Dat liket my no krekt wat foar him.
‘Geofictie is het ontwerpen van fictieve geografische eenheden zoals steden, landen en planeten. Schrijvers van sprookjes, sciencefiction en fantasy wagen zich meer dan eens aan geofictie. Op sommige scholen wordt gewerkt met geofictie als economieproject.’ [Wikipedia]
Dat is fierder in ûnskuldich fermaak, jo kinne mei sa’n optochte wrâld alles nei jo hân sette wat yn de deistige wrâld net mooglik en soms/faak ek net winslik is.
Hokker maatskippij Schoorstra yn inoar nifelje soe? De Republyk Redbad?
Yn it krantestik (4 maaie) hellet er de dingen trochinoar.
Der moat in omslach yn it tinken komme, fynt Schoorstra: ‘Wy binne in erkende minderheid, dus we ha ek rjochten. Dêrmei moatte se ús identiteit alle romte jaan.’ De earste stap neffens Schoorstra, is it fêstlizzen fan de Fryske nasjonaliteit.
Dat soe kinne as de Fryske nasjonaliteit bestie. Ja, yn guon hollen, mar net yn it gewoane libben. De ideeën oer de Fryske nasjonaliteit, it Fryske folkskarakter, it typysk Fryskeigene, it binne neat mear as steapels stereotypen en foaroardielen.
Sa draait Schoorstra mei syn 650 taalstriders ûnlogyske rûntsjes en… bin ik bliid dat ik gjin Fries bin.
Willem Winters