André Looijenga

Onderhodende horror út de Woden

logo.ensafh

Ynienen wiene der fan ’t hjerst de stickers. Op Ljouwerter lantearnepeallen en jiskebakken seachst dy oranje moannen mei it profyl fan in gûlende wolf. It Beest fan de Westereen kaam deroan.

Fryske horror, djip út ’e dûnkere Wâlden, bluodderich en blastich. Jo resensint lies dizze roman op in tsjustere hjerstjûn, yn de trein nei Grins, dy’t by in ferlitten Kûkherne lâns gisele. Krekt dêr, op in sodzige kemping op Kûkherne, spilet ien fan de aaklike kaaisênes fan It Beest him ôf.

Ate Grypstra (*1973) syn Beest fan de Westereen is in boek dat him op minstens trije nivo’s lêze lit. Foar de ien is it moai grouwélich horrorferhaal. In oar sil foaral de skets fan it opgroeien yn de Wâlden oansprekke, begjin jierren ’80 tusken kleurrike typstra’s. Boppedat kinst dit boek (hooplik ferjouwe jo de beropsdeformaasje fan de kritikus) lêze as in eksperimintele literêr-Fryske roman.

Wat It Beest as thriller oangiet, wol ik jo leafst neat ferklappe fan it plot. Hoe’t it ek jûket fan ál. No goed, it giet oer wolven. Oer it kwea dat de brave en net sa brave lju fan ’e Westereen beslûpt. Oer in kristlik-grifformearde dûmny dy’t oan de tsjoede kante bedarret. Mear as genôch is dêrmei sein. Ik wol jo de griiswille ûnder it lêzen net fierder bedjerre.

It skriuwen fan in huverstoarje yn it Frysk is Ate Grypstra goed slagge. Yn syn besprek fan It Beest yn it Frysk Deiblêd wiist Jaap Krol derop dat Grypstra kundich de wetten fan it sjenre folge hat: earst fertraging opbouwe om de lêzer mei te lûken en him dan oan ’e ein fan it iene spannende hichtepunt yn it oare tûmelje litte. Sa’t it heart, is it in ûnwierskynlike en ‘oergryslike’ histoarje.

De fertraging hat Grypstra yn syn boek fakkundich oanpakt. Hy lit syn ferteller, Steven Kingma, de tiid nimme om de tarin en syn eigen prakkesaasjes út te sprekken. Dêrby wurdt geandewei it hiele wrâldsje om Steven hinne, mei noflike irony, typearre. Yn de opbou fan syn narratyf toant de skriuwer him betûft. Koarte haadstikjes mei ûnregelmjittige lingte brekt er ôf mei klifhingers, lykas by de earste kear dat it Beest fan him hearre lit. Steven fytst mei in klasgenoat nei skoalle troch de bosk by Feankleaster, dêr’t se plysje-auto’s stean sjogge. De side dernei binne wy twa wiken fierder, en fertelt Steven oan twa dronken maten yn in kafee mei in tergjend útrinnende oanrin stammeljend fan it bier it bluodderige tafriel dat se dêr oantroffen.

Sokke útskaaiende petearen binne part fan de krêft en de sjarme fan dit boek. Treflik sketse se it libben fan in sechtjinjierrige jonge fan De Westereen yn 1984, grotesk en gewoan. Sûperij, punkers en it Geloof der Vaderen binne de griemerige eftergrûn fan it moarddiedich barren. En in soad werkenbers: op ’e fyts nei skoalle, fakkefulle yn ’e supermerk, stevich drinkende minderjierrigen, ôfwaaiend stoer praat, en omhampelje mei de famkes. Yn it jaan fan in tiidsbyld is der in opfallende parallel mei Dammen met Ome Hajo (1999) fan streek- en generaasjegenoat Meindert Talma.

Briljante fertraging yn It Beest is de kosmologyske diskusje oer Yts, Nyts en de evolúsje dy’t de pubers ha nei ôfrin fan kattebak (kategisaasje). It Leauwe, of leaver sein it Geloof, nimt yn alle gefal in opmerklik plak yn yn dizze roman. De swiere tsjerken binne likegoed part fan wat de Noardlike Wâlden útmakket. It jout ek in ramt wêrbinnen’t it Kwea reëel oanwêzich is. Helske ferskuorrende meunsters ha ommers ferlet fan in habitat.

(It plot sit frij strak yn elkoar. Lykwols is der in stikmannich anagronistyske skientmeflaterkes. Fan wolven dy’t yn West-Dútslân opdûke, wurdt neffens in kranteberjocht it DNA ûndersocht (s. 14). Fregest dy ôf oft soks doe al koe. En kóéne wylde wolven eins yn 1984 wol mei libben liif útpike troch it Izeren Gerdyn? Hawar, bot ta de saak docht dit net.)

Foar wa’t gewoanlik net sa fan de skrillers is, meitsje de sfear fan puberteit op in doarp en Grypstra syn libbenige ferteller It Beest ta in tige slagge útlêsboek. Myld en iroanysk set er de wrâld fan haadpersoan Steven del, dy’t rekket oan de wrâld fan Grypstra syn eigen jeugd. Jo besprekker koe der (hoewol in lyts desennium jonger en net út de Wâlden) yn alle gefallen frijwat yn werom.

Mar der sit noch wat mear yn dizze ûnderhâldende roman. Merkst as lêzer de wille dy Grypstra hat oan it skriuwen yn it Frysk. Hy wit te boartsjen mei it ferskil yn stylnivo’s yn it hjoeddeiske Frysk, mei de grutte kleau tusken it skreaune taalregister en de deistige praktyk.

Koart nei’t It Beest útkaam, waard Grypstra op ’e Omrop bekritisearre (troch Hylke Tromp, nei it skynt) om syn brûken fan in min-Frysk Westereender dialekt. Folslein te’n ûnrjochte! Yngenieus hat de skriuwer It Beest trije lagen meijûn: trije stimmen dy’t in oar perspektyf jouwe op it grouwélige barren.

Yn it Westereenders prate, foar it grutste part, de personaazjes sels. Yn it foarste plak haadpersoan Steven Kingma. Yn de dialogen en de útroppen wurdt daalks op it barren reagearre. Foaral de petearen tusken Steven en syn leeftydsgenoaten binne goed slagge. En ja, it Frysk dat se prate is net altyd like geef as poppestront, mar wat de syntaksis en it taaleigen oanbelanget stimt dit Frysk jin eins wol hoopfol oars. Fierders moat it each even wenne oan de ee’s en oo’s, mar it each fan in Frysklêzer stiet wolris foar hitere fjurren. “Bist der wer, Steven? Kom op, man: oereen!” (…) “Dû giest fan dyn stokje”, ferfolge Durk. “Wiest even hielendal fan de weareld, heite.” (s. 177)

Oare figueren yn it boek prate wol wat al te nuvere bryk (healbakken Dútsk). Dominee praat Nederlânsk, wat op himsels aardich de reële taalsitewaasje werjout, mar syn Nederlânske sinnen lykje allegear krekt wat te stiif en formeel om troch in libben minske praat te wurden.

De ferteller fan it grize-oer-de-grouwe-ferhaal is Steven. Hy sjocht acht jier nei dato werom. Aardich is dat Grypstra Steven ferklearje lit wêrom’t er syn ferhaal yn it Frysk docht. Wat de taal oangiet, hat Steven byleard. De ferteller probearret him oan de offisjele noarm te hâlden, mei de nedige moaie wurdboekwurden en geef oersette nederlanismen dy’t dêrby heare.

De ferteller bringt in ekstra filter tusken it wûndere barren en de bûtenwrâld yn. Hy besiket syn belibbenissen te rekonstruearjen. Eins is er syn libben oan it ferfilmjen! “It earste wat myn ûnthâld tefoarskyn tsjoent, is in kamerabyld yn first person fan ien dy’t oer in wiet gersfjild draaft.” (s. 173) Benammen op it spannende hichtepunt fan it boek, wurde bylden brûkt dy’t ferwize nei film. Der sit ek wol in film yn It Beest. En der sitte nei alle gedachten allegear horrorfilms efter It Beest, dy’t jo resensint der net daalks útfiskje koe.

Om it eigentlike ferhaal hinne, sit in ramt dat kommentaar jout en dêrmei noch in stap mear ôfstân foar it ferhaal oer. Mei in fette knypeach begjint Grypstra mei in narratyf klisjee mei hier derop: it ‘ferlerne manuskript’. In alter ego fan ús auteur fynt yn in evangelyske kringloopwinkel de papieren fan Steven, lêst se en beslút se út te jaan. Hawar, Grypstra befynt him dêrmei yn goed selskip: Cervantes parodiearre dit prosedee al en wie ek grif de earste net.

‘Professor’ Grypstra, dy’t de stoarje ynliedt, hat fansels wér in oar taaltsje, subtyl oars as ferteller Steven. Akademysk, en mei distânsje, en mei de klisjees dy’t dêr wer by hearre. “De ferteltrant fan Steven Kingma hat in beskate rûge sjarme en op taalkundich mêd is syn besykjen om de dialogen yn it Westereenders wer te jaan alderaardichst te neamen.” (…) “…in ‘stream of consciousness’-effekt, mei in soad omballingen en assosjaasjes.” (s. 6-7)

Yn it frij boartsjen mei it Frysk sit it literêre eksperimint fan It Beest. En no moatte jo net skrikke fan ‘eksperimint’, want Ate Grypstra (foar it deistich brea learaar Ingelsk en Frysk) fielt goed oan hoe’t jongerein en folwoeksenen prate en lêze. Mar ja, it bliuwt op it lêst wol in boek yn it Frysk. Mei nitelige irony lit Grypstra syn ferteller kommentaar jaan op de drompel dy’t der leit foar Fryske boeken:

“Om dochs noch in bytsje gemoedsrêst te hâlden foar wat betreft it ferbrekken fan de djoere eed dy’t ik sward ha, sil ik yn myn memmetaal skriuwe. Ik haw it Foech Frysk ferline jier op de pabo helle. Der is tsjintwurdich dochs hast gjin hûn dy’t it Frysk in bytsje fatsoenlik lêze kin, dus funksjonearret it winliken as in soarte fan geheimtaal.” (s. 10)

En fansels is it sa slim ek wer net. Tusken de ferteller en de lêzer smeit de skriuwer yn elts gefal in ekstra betrouwensbân. Mar fan it Frysk minder in geheimtaal en mear in lêstaal meitsje, is in missy dy’t jo meneer Grijpstra wol tafertrouwe kinne. In tige onderhodend boek, heite, en jo hoege perfoarst net op de Boekemoanne te wachtsjen om it te lêzen. Meipakke foar de fakânsje, bûke!

Ate Grystra
It beest fan de Westereen
Afûk (2011)