
Wy hawwe net safolle mei it betinken fan ús (grutte) foargongers. Wy ferjitte se. It omgean mei har is in behyplike saak. Faaks is dat wol net goed. Wy gean sloarderich om mei de de helden út it ferline, mei grutte foargongers, mei wat Fryske ikoanen wêze moatte soene en dat betsjut faaks dat wy sloarderich mei ús sels omgean.
Ik bedoel net dat wy ek helden binne, ikoanen. As Jacco de Boer fan de bidboekgroep fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 stelt dat Doutzen Kroes in Frysk ikoan wêze soe, dan is de ûnderlizzende gedachte fan de bidboekers dat se it sels binne, yn alle gefallen wêze wolle. Mear as ea is it kredo, men moat jinsels delsette. Prima, mar asjeblyft net op in mispleatste wize troch ien fan de eigen generaasje as ikoan del te setten.
Wat ik wol bedoel is, dat it goed is dat wy beseffe op hokker skouders wy stean. Skouders dy’t sa sterk binne dat de Fryske literatuer no grutter is as doe.
Op freed 18 maaie wie der in lyts barren yn Baard yn ferbân mei de njoggentjinde ieuske Fryske skriuwer en beweger Harmen Sytstra. It is dit jier 150 jier lyn dat Harmen Sytstra (1817-1862) dêr ferstoarn is. Hy wie doe yn Baard haad fan ’e skoalle. It idee foar de betinking kaam net by ynstitúsjes wei, net bygelyks by Tresoar. Ynstitúsjes binne like sleau as wysels. It inisjatyf kaam út Baard wei. En ik tink dat it ûntstien is yn ’e skoalle dêr, want de skoalbern ha wat makke. De Fryske literatuer is grut wurden troch ienlingen en lytse ploechjes en dêryn past sa’n inisjatyf as yn Baard.
Wat barde dêr op 18 maaie? De skoalbern hiene in ‘Taalbeam’ makke, dy’t midden yn it doarp oan ’e kop fan it sportfjild (it ôfgroeven stik terp) syn plak krigen hie. Oan ’e tûken fan dy beam hongen, kreas op in plankje skreaun, alle wurden fan de twa lêste strofen fan Sytstra syn gedicht ‘Bern’. En dy beam waard op 18 maaie ‘ûntbleate’ troch Harmen Sytstra sels, dy’t mei syn famylje oanwêzich wie, en troch my, hjoeddeisk Frysk skriuwer. Dêrnêst mocht ik dy twa strofen foarlêze en wat oer Sytstra fertelle. Apart, mar tekenjend foar de lytsskalichheid fan it barren, wie dat de seremoanje tagelyk ek jilde as iepening fan de Littenseradielster Keunstrûte dy’t dat wykein hâlden waard. Mar wy libje yn in tiid dat dingen net mear op eigen fuotten stean kinne, se moatte inoar der troch hinne slepe: cross over, crossing border.
Mei each foar tradysje wie ek it muzykkorps út Easterwierrum oproppen, want it is mar sa, in plattelâns- en doarpsbarren krijt pas mei de klanken fan de harmony of de fanfare syn ôfwurking. Fansels waard ‘Moai sûnder wjergea binne de Wâlden’ spile en wy songen dat troch Harmen Sytstra skreaune liet op muzyk fan Mozart út folle boarst mei, wat oars net tafoel, want de dirigint hâlde foar it moaie in fierstente stadich tempo oan, bang tink, dat wy oars de tonge brekke soene oer de tekst.
Harmen Sytstra wie in earnstich man. De twa lêste strofen út it gedicht ‘Bern’ oan de ‘Taalbeam’ yn Baard binne:
Hwêr se ljeaf en ienich boartsje,
Blierket my de freugde ta,
Soarge wykt, en mei in hoartsje
Bin ik wer in bern as hja.
Berntsjes, lok is jitte jimme,
’t Swiet fornoeien en de rêst!
Jimme mei’ ’t er jit fan nimme;
Ringen komt des libbens lêst.
De bern sille har wol achter de earen klaud ha doe’t juffer of master harren mei de tekst yn ’e kunde brocht, mar se sille de wurden likegoed mei ynmoed en de tonge út ’e mûle op ’e plankjes oanbrocht ha.
Harmen Sytstra waard yn 1817 berne yn Mullum. Noch foar’t er twa jier wie stoar syn heit. Hy kaam doe by syn beppe yn Achlum te wenjen. Syn mem stoar fiif jier letter, en seis jier dêrnei syn beppe, As jonge fan tolve komt er dan by syn omke dy’t bakker yn Achlum as bakkersfeint yn ’e hûs. Hy wist yn dy tiid trouwens net better as dat syn fan, syn achternamme ‘Zylstra’ wie. Pas jierren letter by syn trouwen, doe’t de gegevens fan it gemeentehûs der by komme moasten, waard dúdlik dat it ‘Sytstra’ wêze moast. Nei syn Achlumer tiid wurke Sytstra noch by de bakker yn Arum, Seisbierrum en Winaam, Fierder leare kin neat fan komme, mar hy brûkt syn frije tiid foar selsstúdzje (talen, stjerrekunde en wat ek mar). Hy skriuwt ek al en yn 1841 komt syn earste Fryske boek, Tsien tuwsen uwt de lotterij, oaf Jouke Rommerts scriften, út. Yn 1842 brekt er út it bakkersfeintebestean wei, jout him oan it skriuwen oer en giet yn Harns oan ’e jui. Nei in moannemannich wurdt him dan in skoalmastersplakje taskikt. Hy stiet foar de klasse yn Seisbierrum, Winaam, Arum, Frjentsjer, Burgum en fan 1852 ôf yn Baard. Hy hellet yn dy jierren de 4e, 3e en 2e ûnderwizersrang en letter – yn Baard – ek noch akten foar talen en wiskunde. En ûnderwilens set er him op ferskate wizen yn foar it Frysk, as skriuwer, as taalkundige, as oprjochter (yn 1845) en redakteur fan it tydskrift Iduna, as mei-oprjochter (yn 1844) fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekenisse. Tagelyk wie er in wiere folksopfieder. Al mei al wie Harmen Sytstra in Frysk foaroanman fan komsa. En hy seach it djip en grut. Yn ‘Wurd oan ús lânslju’ út 1848 skriuwt er: ‘Wy libje mei de Hollanner ûnder ien steatshúshâlding: yn safier as ús mienskiplike belangen rikke, lûke wy mei him ien line; mar yn East- en Noardfriezen sjogge wy ús bruorren: de Grinslanner is ús jit altyd sibber as de Hollanner.’ En yn it gedicht ‘Foarút’ stelt er: ‘Foarút! Foarút! De naesjes om ús hinne Tsjenn’ allegearr’ nei heger doelwyt op. En wy, wy soene toevje? Wy allinne?’
Harmen Sytstra is ien fan dy Fryske njoggentjinde-ieuwers dy’t de omstannichheden tsjin hiene, mar bejeftige mei in knap ferstân, ambysje en idealen de skouders ûnder har libben setten. Sytstra hat noch mear dien, hy hat ek it Frysk omheechtild. Hy is fergetten, mar soe hjoed de dei trochgean moatte foar in Frysk ikoan by útstek.
Moai dat de Baarders Harmen Sytstra foar even optakele ha. It brocht Pieter de Groot fan de Ljouwerter Krante op it idee om in dei foar de ‘ûntbleating’ yn Baard yn syn kollum yn ‘Freed’ Sytstra yn it sintsje te setten en Eelke Lok neamde it barren op syn webloch. En de redaksje fan Ensafh is der troch ynspirearre rekke, want ien fan de kommende ynternetôfleveringen sil oan Harmen Systra wijd wurde.