
It kin fansels wêze dat ik wat oer de holle sjoen haw, hoewol’t ik op 56-jierrige leeftyd noch altyd sûnder bril lês, en ek noch altyd net mei mes en foarke yt. Ik doel op it feit dat der neffens my dit jier, 2012, om krekt te wêzen, noch gjin Frysktalige dichtbondel by in ‘offisjele’ útjouwerij ferskynd is.
Ik bin útgien fan de list, byhâlden op de side fan Tresoar.
Wy binne, wat 2012 oanbelanget, al sawat op ‘e helte. Tryntsje van der Veer hat in bondel by Elikser publisearre, en dan binne der noch de ‘Gedichten en lieten fan Sytse van der Werf’, dy’t by Gemeente Achtkarspelen ferskynden. Utjeften fan Elikser moatte, mei alle respekt, sjoen wurde as lúkse útjeften yn eigen behear.
De reguliere útjouwers lûke har hannen ôf fan de poëzij, sa liket it wol. Yn it ferline wie der fan dy kant noch wolris wat idealisme, en wiere leafde foar de Frysktalige dichtkeunst, mar dat is sa jierren 2001/2008! Der waard, yn myn eigen gefal, mear ynteresse toand yn it oantal wurden fan de nije bondel, as yn de kwaliteit en ynhâld. Wat mear wurden, wat mear subsydzje fan de Provinsje, dat sa. Jo sille mar Fryske haikû’s skriuwe moatte!
Sûnt koart is der lykwols HotSum, dat soe faaks de rêding foar de Fryske dichter wêze? De namme docht my oars mear tinken oan in pittige snack by in Fiëtnameesk kreamke as oan in útjouwer, mar dat hat mei persoanlike omstannichheden te krijen.
HotSum sil twatalige poëzijbondels útjaan, Frysk- en Hollânsktalich. Dit betsjut dus dat in Frysk dichter no ek yn it Hollânsk skriuwe moat, as er útjûn wurde wol. En as jo efkes trochtinke: wêrom soe ien, as it likegoed yn it Hollânsk kin, ek noch yn it Frysk skriuwe?
Twatalige bondels, it is allegear goed bedoeld, dêr twifelje ik net oan, mar it liket my de begjin fan de ein fan de Fryske poëzij. Mar dat proses wie dus al yn gong setten, dat wat kin’t skele.