Beart Oosterhaven

Prima teksten, en meastal de goede toan

logo.ensafh

It moaie fan platesaak King Kong Records te Ljouwert (Foarstreek 11), is dat yn ’e euro-bakken by de yngong ek geregeldwei, as lokkerkes, de moaiste lp’s (want dy binne al wer in skoft hartstikke hip!) en cd’s te finen binne. Sa trof ik dêr okkerdeis de noch mar krektlyn ferskynde cd Wytfear fan Grytsje Kingma út Sint Jânsgea yn oan.
Wytfear is de opfolger fan Kingma har debút-cd Wjerlûd út 2010. Lietteksten fan dy twa skiven steane behalve yn ’e kreas fersoarge cd-boekjes ek yn har bondel Tûzen dagen, dy’t yn oktober 2011 útkommen is.

Teksten
Op ’e cd Wytfear binne 14 nûmers te hearren. Fan 11 stikken hat Kingma sels de wurden skreaun. Trije teksten (‘Bargelibben’, ‘Wetterdripke op reis’ en ‘Ofskie fan ’e dei’) waarden oanlevere troch Atze Bosch (15/11/1927-20/12/2011), dy’t it ferskinen fan Wytfear noch krekt meimakke hat.
Bosch skreau ek it ‘Foaropwurd’ fan ’e al neamde bondel Tûzen dagen. Yn dy publikaasje hat Grytsje Kingma har teksten sels yndield neffens ûnderwerp/tematyk. Op sa’n wize is ek moai oan te jaan wêr’t har nûmers op Wytfear sa al oer geane, nammentlik oer: koartswyl (it titelstik ‘Wytfear’, ‘Oade oan ’e geranium’, ‘Hipperhapkes’ en ‘Myn waarman’); neisten (‘Lokkich’ en ‘Doarp fan doe’) en ynkear (‘Nij begjin’, ‘By de see’, ‘Stil gebed’ en ‘Halleluja’). En dan is der noch in foege ‘restkategory’, dy’t Kingma as ‘Fierder’ oantsjut hat. It nûmer ‘Eelkje’, in foege ballade dy’t skreaun is nei oanlieding fan it libben fan ’e haadpersoan yn Anne Wadman syn roman De smearlappen (1963), is dêr in sprekkend foarbyld fan.
Yn ’e sin hjirfoar skreau ik mei sin ‘sprekkend’, om’t ik foaropwurdskriuwer Atze Bosch fan Tûzen dagen, meistim, as dy op side 9 seit: ‘Dizze foarm fan lietteksten beskikber stelle foar in breed publyk, sûnder muzyknotaasje, ferplichtet de lêzer om him inkeld en allinne op de tekst te konsintrearjen. En as de teksten mar sterk genôch binne, nimme se de lêzer wol yn beslach.’ (Kursivearring fan my, B.O.) Grytsje Kingma har lietteksten binne dus ek nei myn betinken sá goed, dat se ek sûnder de muzyk derby besteansrjocht hawwe. Har tema’s binne werkenber en har taal is linich, geef, byldzjend en ritmysk. As foarbyld meie tsjinje de lêste rigels út it al neamde nûmer ‘Eelkje’:

Al har dreamen spatten stikken, fuort wie al har ideaal,
se wie hieltyd de ferliezer yn dit drôvige ferhaal.
Master, Wilte en syn bruorren, ek troch heit wie se bekocht,
al dy mannen yn har libben hiene mar ellinde brocht…

[…]
Eelkje lange nei it libben, lust en leafde lutsen har.
D’ iene smearlap nei de oare sloech har dreamen yn elkoar.

Muzyk
Fan tsien nûmers op Wytfear hat Grytsje Kingma sels de muzyk skreaun. Foar fjouwer stikken liende se wizen fan oare groepen en artysten. Wat dat lienen oanbelanget, hat se in treflike smaak. It is gjin niget, dat se foar in reflektyf nûmer oer har bertedoarp Kimswert (‘Doarp fan doe’) in mankelike Ierske wize (fan The Dubliners), nammentlik dy fan ‘The town I loved so well’, keazen hat. Sa’t de lofsang op ’e rêst en skientme yn ’e natuer (de skepping) winlik ek mar op ien ‘wize’ songen wurde koe, nammentlik op dy fan ‘Hallelujah’ fan Leonard Cohen. En Kingma bringt dan wol sáfolle ‘ekstra’s en eigens’, dat it nûmer perfoarst net sjoen wurde kin as de safolleste cover fan dat Cohen-stik!
It eigene oan ’e muzyk op Wytfear moat foar in grut part ek op it konto skreaun wurde fan ’e twa muzikanten dy’t Grytsje Kingma (sels spilet se gitaar) mei rie, die en net te min ynstruminten bystien hawwe. Dat binne Rob du Jardin (fioele en muzikale advizen) en Wil van Eekeren (allerhanne toetsynstruminten, blokfluiten, effekten en muzikaal advys). Dy mannen fiele hiel goed oan wat oft Kingma har nûmers oan muzikale oanklaaiïng brûke kinne. Mei-inoar hawwe se sa fan Wytfear in prima klinkende folk-cd makke, dy’t der ek útkypt troch de frissens fan syn produksje.

Sizzingskrêft
Is der dan alhielendal neat ôf te tingjen op Grytsje Kingma har twadde cd? Jawis wol! Wêr’t Kingma noch oan wurkje moatte sil, is de foardracht fan guon fan har lietsjes. Se moat ôfleare om nûmers lykas ‘Lokkich’, ‘Bargelibben’ en ‘Wetterdripke op reis’ op har aldermoaist en -leafst sjonge te wollen. Dy nûmers reitsje troch dy wize fan presintearjen har sizzingskrêft folslein kwyt. Nim no dat ‘Bargelibben’. Atze Bosch hat mei syn tekst in wiere protestsong levere tsjin de gongbere yntinsive bargehâlderij. Sa’n nûmer moat dêrom fûl en grimmitich yn ’e mikrofoan slingere wurde. Grytsje Kingma bringt it lykwols, as soe ’t in widzelietsje wêze foar har leafste bern.
Dat se wol wít hoe’t it moat, lit Kingma yn alle gefallen hearre yn ‘Doarp fan doe’, ‘Wytfear’, ‘By de see’ en ‘Halleluja’. Dat binne de priisnûmers fan ’e cd Wytfear en dêryn treft se alle kearen de goede toan.

Grytsje Kingma: Wytfear (cd); Eigen behear; Sint Jânsgea 2011.
Grytsje Kingma: Tuzen dagen. Teksten út Wjerlûd & Wytfear en oare wurdboarterijkes; Eigen behear; Sint Jânsgea 2011.
(Beide útjeften binne te besetten fia: 0513-551139, grytsje.kingma@filternet.nl en www.grytsjekingma.nl )