Syds Wiersma

Et lux perpetua

logo.ensafh

 

Op ’e kusten fan de Middelsee stekke B., J., B. en W. de toer út de beammen, fingerje it hegere gjin idee wêr’t de himel syn kitel hat. De loft allinnich al is hjir sa godlik grut dat God wurdt reed, kuilbult, jarrekolk, molkrobot, do. D. begrypt dat soks as in sipel noch it bêste antwurd is: healwize mantra hasto my skyl op skyl it ljocht yn keard.