
‘It bestjoer wol op ôfstân bestjoere.’ /// Dat is in net te kontrolearjen útspraak mei’t notulisten absolute swijplicht hawwe.
‘Yn de fakatuere fan foarsitter wolle wy net elkenien hawwe. Wy sykje immen mei in fisy.’ /// Hokker fisy is net nei te gean.
‘It bestjoer hat fêststeld dat de direkteur yntern en ekstern bûtengewoan goed funksjonearret.’ /// Hy wie ek op de begraffenis fan syn folle oantroude nicht fan de kâlde kant. Dy waarmte die it bestjoer goed. /// ‘Dat de direkteur dêr as haadferantwurdlike foar de Fryske literatuer wie.’
‘It bestjoer is fan betinken dat de funksje fan direkteur de lêste jierren swierder wurden is. Der moat wat langer wat mear kommersjeel tocht wurde. Dy kommersjele eksponint moat neffens it bestjoer net út it each ferlern wurde.’
‘It bestjoer is fan betinken dat it yn it ramt fan de fierdergeande en aloan sterker wurdende twang ta fluch-fluch besluten saak is dat it karbrief feroare wurdt.’
‘It bestjoer is mei de direksje fan betinken dat it foar de kontinuïteit goed is dat bestjoersleden nei de perioades dy’t neffens it karbrief tastien binne sit nimme yn de advysried.’
‘It bestjoer fersmyt it advys fan it Berie foar it Frysk dat der in nij taalburo komme moat. It bestjoer is fan betinken dat al oanwêzige kennis en feardichheden dêr’t de direksje oer beskikt ta folle waaksdom komme kinne. It bestjoer nimt it advys fan de direksje oer dat it yn dat ramt needsaak is dat it leangebou fannijs besjoen wurdt.’
‘It bestjoer makket him soargen oer it idee fan KH2018 om in libbensgrut byld fan Doutzen te meitsjen. De direksje jout oan al in petear mei de ferantwurdliken hân te hawwen. In earste effektuearring fan dy petearen is in koerswiziging fan beskate websiden. It bestjoer priizget de direksje om syn antisipearjend fermogen.’
‘Foar de oare gearkomste jout de direksje it bestjoer yn oerwaging nei te tinken oer de neffens de provinsjaal amtners op kommendewei te wêzen fraach oft wy ree binne ferantwurdlikheid te nimmen om it iennichste meartalige moanneblêd foar ús rekken te nimmen. Dêrby moat oanmurken wurde dat soks allinnich kin as it iennichste ientalige blêd ophâlde sil te bestean. It is neffens de direksje saak dêr hoeden mei om te gean om’t it byld net ûntstean moat dat wy as in ielreager oan de kant steane. It bestjoer sil der de oare kear op werom komme.’
‘De foarsitter jout noch oan dat er lûden opfongen hat dat gâns websiden fan kulturele ynstellings lykas uzes net up-to-date binne. De direksje sil dêr nei sjen en seit ta mei in rapportaazje oer it brûken fan nije media te kommen.’
***
By it ôffûstkjen freget de foarsitter: ‘Zeg, wat is dat eigenlijk met die acht Maltezen die hier willen komen logeren?’ De direksje: ‘Ach joh, is alleen maar goed voor ons. Zal een flinke impuls geven aan de invulling van onze ambitie om aan 5.000 cursisten te komen.’
‘De Friese handelsgeest. Wat zijn jullie toch ook een bjusterbaarlik volk.’