
De priiswinners fan de skriuwwedstriid útskreaun troch it Je Maintiendrai Fûns oer it tema regionale identiteit binne justerjûn op in byienkomst yn hotel Tjaarda yn Oranjewâld bekend makke:
Essee: Hein Klompmaker, Onderweg
Ferhaal: Froukje Postma, Tien jaar wachten – Tsien jier wachtsje
Gedicht: Elske Kampen, Altyd de loft
De priis bestie út in cheque fan € 5000,- en it byldsje dat symboal stiet foar de JM Prijs.
Boppesteande teksten en ek de nominearre teksten (klik foar de list dêrfan hjir) binne útkommen yn it troch de Friese Pers Boekerij / Noordboek útjûne boek Mijn land is groen, mijn land is mooi, dat as ûndertitel hat : regionale identiteit in Noord-Nederland.