Josse de Haan

Leafdeleaze biografy oer Jopie Huisman

logo.ensafh

Ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Jopie Huisman Museum waard yn 2011 in (alternative) jubileumeksposysje hâlden yn Warkum (april – novimber). De eksposysje hie de namme De andere kant, meidat in soad (‘twaddehâns’) wurk op de útstalling hong dat net yn it offisjele museum oanwêzich is. De katalogus by de eksposysje, dy’t tagelyk in soarte fan biografy foarstelle moat is skreaun troch Albert van Keimpema (156 siden oblong, útjûn troch de Stichting Jubileumexpositie JH.). Van Keimpema is gjin keunsthistoarikus, hâldt him net dwaande mei keunst, en hat net earder kritysk of oar wurk oer keunst levere. It taalgebrûk – Nederlânsk – is breklik, de styl hat wat fan it wenstige geswets fan sportferslachjouwers. Oer in keunstner skriuwe easket fakentiids in subtyl taalgebrûk – yn dit gefal sa’t Huisman skildere hat. De ûndertitel fan it boek is de levensgeschiedenis van een volksschilder. Van Keimpema hat it ek oer de myte-Jopie Huisman, in klisjee yn it kwadraat foar ’t neist.

Ik haw noch nea sa’n fodde lêzen as dizze saneamde libbensskets. It iennige wat ik priuw is in soarte fan wraaknimming troch guon dy’t saneamd de oare kant fan Jopie Huisman sjen litte wolle, mar yntusken him, syn famylje en de keunst troch de stront helje.
Yn it boek oer Huisman wurde gjin boarnen jûn, gjin nammen fan ynformanten. Rutger Kopland en Freek de Jonge dy’t gearwurken mei Huisman ûntbrekke bygelyks. It boek is ien grutte skelparij op elitêre keunst – it kin sa yn it partijprogram fan de PVV. Ik soe der gjin oandacht oan besteegje as iksels net direkt en yndirekt op it aljemint kom. Ik lês smoarchbekkerij en in foarm fan plagiaat yn twa alinea’s.
Yn 1964 hawwe in tal lju yn Harns de ‘Stichting De Blauwe Hand’ oprjochte. Bestjoersleden wiene Josum Walstra, Josse de Haan en Paul Panhuysen. Wy woene it monumintale gebou De Blauwe Hand behâlde as galery en keunstsintrum. Walstra wie keunstskilder, hie in galery yn it gebou, en wenne der ek. Yn it komitee fan oanbefelling sieten û.o. Anne Vondeling (minister), Jan Kassies (keunstpaus Raad voor de Kunst) en bgl. H.P. Linthorst Homan (Kommissaris fan de Keninginne).
Yn 1963 debutearre Jopie Huisman yn de galery. Kollega-skilder Jan Murk de Vries iepene de útstalling. Yn tsjinstelling mei wat Van Keimpema skriuwt waarden lang net alle skilderijen ferkocht – Huisman wie noch net bekend. Op de útstalling fan ferline jier mei âld wurk hie oanjûn wurde kinnen wat doe ferkocht is en oan wa. Ek hoefolle jild oft dat opsmiten hat. Van Keimpema beweart nammentlik dat Josum Walstra (‘de angry young men’ – it wie trouwens mar ien man!, en boppedat, wat wurdt hjir suggerearre, en wa is hjir ‘angry’?) al dat jild fan ferkochte skilderijen achteroer drukt hat. Huisman koe nei syn jild fluitsje. (Want) ‘Hij (= Josum Walstra, JdH) kocht een jaar later namens een Stichting het pand…, althans kon het pand kopen.’
As ‘Stichting De Blauwe Hand’ hawwe we it pand yndie kocht, mar wol mei in 100 persint hypoteek. Sûnder bewizen fan it tsjindiel is Van Keimpema mei kwealaster en smaad dwaande, 47 jier nei dato.

Tekenfersen/ferstekeningen – it plagiaat

(út: ferstekeningen/tekenfersen, KU, 1971)

Jopie Huisman en ik hawwe sa’n sân jier buorlju west yn Hjerbeam. As skoalmaster yn Hjerbeam haw ik syn bern yn ’e klasse hân. Ik haw noch in pear moaie opstellen fan Marretje, de âldste dochter.
Doe’t ik yn 1971 ferhúzje soe nei Schagen (N.H.) skille er in pear wike foar ús ôfreizgjen: ‘Kom even del, it is fansels idioat datst Fryslân ferlitst, mar ik haw dochs wat foar dy makke.’ Hy skonk my in pintekening (fan it skoalhûs), sa’t er de lêste jierren in soad makke hie.
Jopie Huisman en ik hawwe yn 1971, noch krekt foardat ik ferhuze, in bondel tekeningen en gedichten utjûn by de Koperative Utjowerij – ferstekeningen/tekenfersen – mei op it omslach in lêzende Marretje. Ik lies yn dy tiid oer Marc Chagall en in boek fan Herbert Marcuse, – De iendiminsjonale mins. Huisman wie in leafhawwer en bewûnderer fan Chagall – we hawwe der gauris oer praten.
Meidat ik dat boek fan Marcuse – foaral syn ideeën oer poëzy – wichtich fûn, kaam ek dat aspekt op it aljemint. Yn dy bondel gedichten en tekeningen haw ik in stikje tekst opnommen fan B. Majorick (J.J. Beljon), dat komt út de Salamanderpocket G54 Ontwerpen en verwerpen (Querido, 1959). It stiet yn it haadstik ‘De klokken van Chagall, of de lotgevallen van de poëzie’. Van Keimpema wit hjir neat fan en hat yn syn boek oer Huisman opnommen (s.77): ‘Als een bezetene, door een hogere macht gegrepen begon hij te schilderen. Aan B. Majorick ontleende Jopie het volgende uitgangspunt:

De schilder– en tekenkunst moet opnieuw meten met de maat van het menselijk hart, een schilder– en tekenkunst, waarin meer mogelijk is dan in formules is vast te leggen, een schilder– en tekenkunst die zichzelf ontworstelt heeft aan de tirannie van de klok.

Yn it orizjineel fan Majorick wurdt allinne praat oer skilderkeunst, ik haw der tekenkeunst oan tafoege. Meidat Van Keimpema myn Fryske tekst oerset yn it Nederlânsk makket er noch twa grutte flaters: ontworstelt = ontworsteld en heeft moat hebben wêze, omdat ik de twa apart sjoch.
It is dúdlik, Van Keimpema hat dizze – kursive – tekst stellen út it boek fan Huisman en my. Meidat er neat wist fan de achtergrûn fan it sitaat, neat fan de wize sa’t Chagall tocht – dêr’t Huisman wat yn werkende – plakt er dizze tekst tusken in ‘âlde skoech’ en ‘de broek fan meuke Albertsje’. Je tinke dan al gau: ‘Dit sil wol net it iennige plagiaatstik wêze.’

(út: ferstekeningen/tekenfersen, KU, 1971)

Hella de Jonge oer Jopie Huisman
Ik haw al faker argewaasje hân fan it foarútdatearjen fan troch Huisman makke skilderijen en tekeningen. Oer guon tekeningen yn ferstekeningen/tekenfersen (1971) dy’t foar it grutste part makke binne yn 1969 en earder wurdt no skreaun dat se yn de tachtiger jierren ûntstien binne.
In skilderij as De kermisgangers (en in heel soad yn dy trant) haw ik al yn Hjerbeam sjoen – se kamen út de fyftiger jierren. Ek it Oud-ijzerfeest komt út dy tiid en net út 1965. Ik haw sân jier sjoen wat de skilder makke dêre yn de keamer tsjinoer ús hûs. Sa is bygelyks de Holle Mar net yn 1985 tekene mar yn 1969 – ik kaam der hast elke wike wol even en seach hoe’t it wurk foardere.
Yn syn ynlieding seit Van Keimpema, dat Thom Mercuur tinkt dat dizze eksposysje fan wurk dat net yn it museum hinget ôfbrek docht oan de namme fan Huisman. Neffens my docht dit boek noch folle mear ôfbrek oan Jopie Huisman. It is in fodde oer in parttime-foddeboer dy’t basearre is op wraak, rankune, domheid en oergeunst. Fan Huisman wurdt in karikatuer makke – de grutte keunstner dy’t it sa swier hie, dy’t sa meilibbe mei syn meiminske, mar krekt rûnkomme koe, en folslein nayf as in bern op ’e wrâld omrûn. Maatskiplik in stakker. Kwats, tink ik dan!
De hele perioade Hjerbeam – skoalle De Moskeflapper, Jopie Huisman (1962-1971), Trinus Riemersma – skeat my in skoftke lyn wer heel skerp yn ’t ûnthâld doe’t ik it boek Spring (De Bezige Bij, 2012) fan Hella de Jonge (-Asser) lies, in yndrukwekkend geskrift oer har eigen libben en har libben mei Freek de Jonge. Se skriuwt oer Jopie Huisman:

Jopie Huisman was voddenboer en kunstschilder in het Friese stadje Workum geweest, waar Freek zijn jongste kinderjaren had doorgebracht. (Freeks heit wie dêre dûmny, JdH).
We kregen meer inzicht in de antieke tegelhandel. Jopie legde uit dat handige jongens in oude boerderijen tegels aantroffen, vaak achter behang of multiplexplaten, ze sloopten, voor weinig of geen geld van de naïeve boerin overnamen en voor grof geld doorverkochten. Jopie wist zich oom Frans van Freek wel te herinneren. ‘Voorkomende slimme zakenman’, was zijn oordeel (pag. 85).
Hella de Jonge hat net troch dat Huisman it oer himsels hat as handige jonge. Ik haw in pear kear mei west op in nacht om yn Noard-Hollân, dêr’t Huisman in buorkerij kocht hie, in pear tegeltablo’s fan de muorren en út de skou te slopen. Hy wie sa handich dat er ien brutsen tegel op fyftich netskeinde hie. Op ien fan dy nachten kamen wy thús mei in trijehûndert âlde tegels – tablo’s fan skippen, merken en stedstafrielen.
Fan fjouwer, njoggen of sechtjin tegels makke er ‘nije’ tablo’s. Foaral Dútsers wiene gek op dy âlde fragminten. Se betellen grif in fiif hûndert, tûzen of mear foar sokke santjinde ieuske tafrielen.

Direkt fan de teleyzje op Jopie’s hiem
Hella de Jonge hat noch in pear siden oer Huisman skreaun yn har libbensferhaal. Se hat mei Freek op besite west yn Hjerbeam en beskriuwt dat autentyk (pag. 91-95):
Hij had gehurkt bij zijn tegels in een ruime opslagplaats gezeten toen we de krakende deur openden. Hij keek op, sjekkie in zijn mond, en zag Freek. Alsof hij lang op hem had staan wachten zei hij spontaan: ‘Hé, ben je daar eindelijk, vriend?’
Jopie nam ons mee naar het voorhuis. Aan de muur hing een schilderij met twee mannen in een bootje in het duister. Op de ezel stond een klein doek – een vogelnestje met drie eitjes. Als een aartsvader nam Jopie plaats in zijn stoel. Hij vertelde het verhaal van zijn leven. Zijn grootvader werkte op een strontschuit, kreeg de minachtende blikken van de gegoede burgerij. De pesterijen die Jopie had moeten ondergaan omdat hij stonk.
Dat waren jouw ouders, ze sloegen de deur voor mijn neus dicht en nu zit jij hier kerel’, zei hij met een vette glimlach.

Dan nimt er har mei nei de stâl dêr’t Huisman al syn kostbere attributen sammele hat – klean, boartersguod, poppen, berneweinen, skuon, hobbelhynders, en wat al net. Heel wat hie er al fêstlein op syn doeken. Hella en har man meie spul útsykje foar de nije sjo fan Freek de Jonge, De Tragiek. Se lade de auto fol. Huisman glundere: ‘Het is net of je zo uit de televisie mijn terrein opgelopen bent. Prachtig!’ Dêrnei fertelt Hella de Jonge yn har boek oer de ferhalen fan Jopie, oer ielrikjen, oer streupen – mei oare wurden, de ferhalen dy’t ek ik al heard hie. Huisman biedt har in rikke iel oan: ‘Nee, dank u, het zijn lijkenvreters,’ seit Hella. En dan:

Paling was onrein, had mijn moeder van opa Miller geleerd. Het was een van de weinige Joodse voorschriften die ik van huis uit had meegekregen. En dat kleine stukje verleden respecteerde ik. Ik at geen varkensvlees en geen paling.

Doe’t ik sjo’s fan Freek de Jonge seach miende ik soms ferhalen fan Jopie Huisman te werkennen. No, nei it boek fan Hella de Jonge begryp ik wêr’t guon weikamen. De rasferteller Jopie Huisman hat soarge dat ek Freek en syn frou yn ’e besnijing rekken. Njonken skilder wie Huisman in grut ferteller. Ik haw der fan genoaten de jierren dat ik tsjin him oer wenne yn Hjerbeam.

(omslach bondel ferstekeningen/tekenfersen – dochter Marretje lêst)

De skildersblackout fan ein sechtiger jierren
It idee om in bondel gedichten en tekeningen út te jaan is ûntstien doe’t Huisman in soarte fan skildersblackout hie. Syn houlik rûn op ’e klippen, wat er nea ferwachte hie, hy bleau achter mei lege hannen – syn wrâld foel yn diggels. Ik haw doe gauris middeis nei skoaltiid en jûns by him west. Hy skildere net mear, hy wie lam slein. Soms kamen lytse pintekeningen foar ’t ljocht. Ik fûn de tekeningen moai, faak heel tear, en technysk fan in grutte kwaliteit.
Ik skreau alfêst in pear gedichten by in tal tekeningen, it spruts him oan. Sa’t ik sei, de ferhalen oer Chagall dy’t ik lies en dêr’t ik mei him oer prate foelen ek yn goeie ierde. Dat sadwaande binne wy yn 1969 en 1970 tige yn beslach nommen troch – tekenfersen/ferstekeningen.
Ik wit net oft dit wurkjen oan dit boek mei tekeningen en gedichten him ynspirearre hat, mar hy is wol trochgongen – earst foaral mei pintekeningen sa’t yn de bondel steane – mar op in stuit hie er it âlde ritme wer te pakken. Krekt foardat ik ferhuze nei Noard-Hollân – yn augustus 1971 – is de bondel by de Koperative Utjowerij yn Boalsert ferskynd. It wie myn earste offisjele bondel gedichten.
Huisman koe aardich rûnkomme. De myte fan de earme keunstner sit yn ’e holle fan Van Keimpema en konsorten dy’t har brûke litten hawwe, of hy hat bewust dy nonsens opskreaun om mei dit skotskrift te skoaren sa’t de blêden dat ek faak dogge.
De Iepenbiere Legere Skoalle Hjerbeam hat in soad stipe fan Huisman en syn frou hân. Hy wie altiten ree om te helpen, ek finansjeel. De âldste dochter, Marretje, haw ik twa jier hân en mei wat ekstra bywurkjen koe se streekrjocht nei de HBS yn Harns. De twa jongsten sieten by de juffer en letter by Trinus Riemersma yn ’e klasse.
Huisman wie net daalk in doarpsman, mar as de mienskip in berop op him die – by it oanlizzen fan in iisbaan, foar skoalreiskes op Flylân yn it Doniahûs fan Volksonderwijs, by it opknappen fan de tsjerke, by it jubileum fan de keatsclub Jan Zeinstra, dan koest op him rekkenje. Guon út it doarp wurken by him yn it âldizer en yn de tegel- en foddebisnis. Hy kocht alles op dat mar brocht waard troch opkeapers út it hele lân.

Huisman en Schakel – karikatueren fan harsels
Ik haw gauris de petearen meimakke tusken Huisman en syn ‘klanten’. Der siet tige apart spul tusken. De meast fantastyske en surrealistyske ferhalen haw ik yn de skuorre fan Huisman heard. Yn allerhanne talen. In oare wrâld. Yn guon romans fan my komme dy wrâlden werom. De skoalle wie myn normale wrâld, as ik by Huisman wie om in slokje, en syn ferhalen beharke, dan libbe ik even earne oars. Sa’t ik dat ek hie as ik dwaande wie mei in roman of mei gedichten.
Op in stuit moast de PTT by my nije kabels en ferbiningen oanlizze yn ferbân mei de grutte belangstelling foar de Operaesje Fers-telefoan (1968). By my stiene de antwurdapparaten. Ik tink dat it de iennige kear west hat dat Huisman in skoft by my sitten hat om te harkjen nei de bellers. De antwurdapparaten klikten konstant oan. Tûzenen skillen. Hy fûn it lykas ik fassinearjend. Hy wurdearre ek de eask dat it maklik tagonklike gedichten wiene – se moasten sa skreaun wêze dat de harker it daalk begriep. Hy hat Operaesje Fers stipe mei in moai aardich bedrach. Hy hâlde fan datsoarte fan keunst.
Dy aspekten fan Jopie Huisman hat de skriuwer fan de biografy gjin sjoege fan. Hy hat him net echt ferdjippe yn it fenomeen Huisman.
De ûnsin dy’t troch Keimpema oer de famylje skreaun wurdt, oer yndividuele leden, oer it libben fan de eardere partner fan Huisman, Elly de Boer, oer har leafdes en foaral oer Yde Schakel mei wa’t se letter troud west hat – ek oer de freondinne/kollega–skilderesse Janneke Hengst – hawwe mei de keunst fan Jopie Huisman neat te krijen. Dat nivo is noch leger as Privé of de Ingelske skandaalblêden.
Ynteressant hie wêze kinnen as de skriuwer frou Elly de Boer tusken de twa giganten Jopie Huisman en Yde Schakel setten hie, hoe’t sy posityf en negatyf op beide kreativelingen wurke hat. Mar dan moatte je tink ik in literêre skriuwer wêze en/of in tûke psycholooch. Beide manlju ferwurde yn dit boek ta karikatueren fan harsels.

Ik sit te skriuwen op in nacht yn de foarkeamer fan it skoalhûs, achter dat hûs stiet de tsjerketoer fan Hjerbeam, dêrnjonken baarnt in nachtlampe. In oantinken oan sân goeie jierren. Dizze tekening is opnommen yn myn boek ‘100 jier keatsen Hjerbeam’ (1993, KU).

Kryptyske teksten
De leagens en heale leagens yn Jopie Huisman-De andere kant binne net te tellen. Troch it breklik taalgebrûk en ek troch ynsinuaasjes begripe je soms net wat bedoeld wurdt. Alles oer testaminten, oer broer Lieuwe/Louis Huisman, oer de relaasje Elly Huisman en Yde Schakel, oer de bern, oer syn earmoede kin fergetten wurde. Jopie Huisman koe swetse, seach wolris tefolle op by de notabelen of bekende Nederlanners lykas Freek de Jonge, naam de wierheid soms mei in kerl sâlt, wie gjin filantroop, mar Van Keimpema oertreft him hjir yn it kwadraat.
Ien alinea yn it boek seit faaks wêrom’t dit boek skreaun wurde moast sa’t it bard is – it is sa kryptysk dat allinne in ynsider begrypt wat der stiet (side 41):

In het boerderijtje aan de Hertog van Saxenlaan (Frjentsjer, JdH.) stond de wieg voor de vierde maal in huis. De bekoorlijke Elly werd immer begeerd door mannen. Dat was al zo toen ze een tiener was. De stoere adonis uit haar jeugd had zelf een zeilboot gebouwd en voer over de meren. Hun liaison kreeg op een zwoele julidag in 1963 langs de rietkragen een aardse dimensie in de persoon van Jacob. Het gezin was compleet.

Jacob Huisman dy’t mei syn neef Joop Huisman de útstalling Museum De Andere Kant gearstald hat, is berne yn april 1964. Yn it gûnzjend neiwurd + foto fan Albert van Keimpema (Dijken, 1958) wurdt dat net fermeld. Mar neffens my leit dêre yn dat lytse fragmintsje de kym fan it boek.
De meast ynteressante fraach oft Huisman de bou fan syn eigen museum betelle hat wurdt net beäntwurde. Yn dit boek oer in earme keunstner–sloeber koe dat ek net. De saneamde Romantyk is op ‘e kletter slein mei Van Keimpema en syn IQ, foarsafier’t in IQ fleksibel is. Hy hat in leafdeleas boek skreaun.

Albert van Keimpema
Jopie Huisman – De andere kant
Stichting Jopie Huisman Jubileumexpositie, 2011
oblong, 156 pag.

(LC, 30-10-’71, besprek bondels fan Steven de Jong en my troch J. Noordmans – hast 1 side.
Ik bin 30, nei 3 jier wille mei Operaesje Fers, jou al Nederlânsk op de RSG yn Schagen).