Anneke van Renssen, Willem Winters

Gjin keunst / Kassel, as wetter fan in ein

logo.ensafh

Gjin keunst

Simmer 1968. Ik wie op fakansje mei myn oansteande. Nei Lúksemboarch, Vianden. It wie de tiid fan ‘De Praachske Maitiid’ en sels yn Lúksemboarch stienen de kranten fol mei ynformaasje oer de Russyske ynfal. Oansteande hie der gjin each foar. Hy woe allinnich mar in bytsje op syn brommerke toere, frije en ûndertusken my dúdlik meitsje dat de slang Eva wiswier tasprutsen hie. Oansteande wie in kreaze leauwende. No ja, kreas… Ik hie ûnderwilens swierrichheid dêr yn Lúksemboarch. Ik wie krekt wer yn ’e kunde mei Willem kaam en woe Willem earlyk sein dochs folle leaver as in kreaze leauwende. ‘Lit dy slang mar raze, ik wol nei hûs, nei Willem,’ tocht ik. Ik hie gelok: it brommerke koe ús beiden net mear oan en ik moast allinnich mei de trein nei hûs. Mar thús gjin Willem, hy siet ûndertusken mei Tom Mercuur, Sies Bleeker en Hylke Wierda yn Kassel, op de Documenta. In pear foto’s en moaie ferhalen, dat is alles wat ik yn 44 jier meikrigen ha van de Documenta. En Willem fansels, want de oansteande haw ik oan ’e kant set. Noait spyt fan hân. Willem praat net oer Eva en slangen, Willem praat oer ûnder oare keunst en frije wol hy ek wol. No soe it heve, einliks tegearre nei de Documenta. Ik woe it wolris sjen. Giet moai net troch. In resinsje yn de Volkskrant wie deadlik. Allinich mar ellinde, de hiele wrâld in floed fan triennen. Dat wol ik net, it deistige libben is al beroerd genôch. Dan mar wat oars betinke foar in wike út. Wy hoege einlings net op in brommerke. Wy hawwe in riant ûnderkommen yn de foarm fan ús bus. Underweis kranten lêze wolle wy noait, dan nimme wy gjin notysje fan it wrâldleed. Fansels, wy sille wol oare plakkken besykje dêr’t wat mei keunst te krijen is. Keulen, Aken, Maastricht. En foar de rest: as it meisit in bytsje lêze, in bytsje om ús hinne sjen en wat frije.

Anneke van Renssen

Kassel, as wetter fan in ein


Sies Bleeker, Willem Winters en Thom Mercuur foar de masine fan Geldmacher en Mariotti

Yn 1968 ha ik der west: op de fjirde Documenta fan Kassel. Geweldich fûn ik dat, safolle keunst, safolle minsken. In pear nammen: Albers, Dine, Lichtenstein, Barnet Newman, Oldenburg, Cristo, Klein, Warhol. Popart wie goed ferstsjintwurdige. Oare streamingen: Ljochtkeunst, neo-Dada, minimal art ensfh.
Manzoni’s, blikje mei poep fan de keunstner en yn de bedelte Goldmacher en Marinetti’s metershege kubus dy’t fan in soarte fan ‘meccano’ makke is. Jûns, by tsjuster kamen der twa gitaristen yn. De hûnderten kleurde lampen yn de kubus waarden oanstjoerd troch it lûd fan de gitaren. It wie ferbjusterjend moai. Bûten stie noch in gigantysk ding, in fallus fan ynpakkeunstner Cristo. Minima Art en neo-Dada kinst sjen as krityske reaksjes op de maatskippij, lykas ek Lichtenstein mei syn útfergrutte stripplaatsjes en Tom Wesselman mei syn American nudes en opkloppe reamme, kanttekeningen meitsje by benammen de konsumpsjemaatskippij
Wrâldproblemen, dêr wie wat oan te dwaan. De miljeuproblemen kloppen oan de doar; techneuten soene der wol wat op fine.
Wat in ferskil yn sfear doe, ein ’60, en hjoed!

Doe’t dan de krante oer de nije trettjinde Documenta skreau woe ik der wer hinne. Ik socht al kempings en oare ynformaasje op ynternet.
Doe kaam de moarnskrante mei de klompen yn it spul. Yn in wiidweidich stik oer Kassel en wat de direkteur Carolyn Christiov Bakargiev der fan makke hie. Hja woe fia de keunst it publyk konfrontearje mei de wrâldfraachstikken. De Volkskrant: ‘Het wereldleed is nauwelijks te overzien op Documenta 13. Dat gaat ten koste van de kunst, dit jaar bijna een vies woord op ’s werelds grootste kunsttentoonstelling.’

Alle dagen krante- en tillevyzjenijs, letterlik ferskuorrend nijs, is my al tefolle (sjoch de kollum van Anneke). Sa’n ekstreme bleatstelling oan grouwélige bylden, hellet neat út. Bakargiev wol de minsken bewust meitsje fan de problemen, dan pas kin der wat feroarje. In uterst bekende teory. Alle emansipaasje-bewegingen fan de lêste twahûndertfyftich jier hongen dat idee oan. Mar oft dat te berikken is mei in oerstjelpende soad wrede bylden, oarloch, hûnger en dea, betwivelje ik.

Better as dy ellinde oan de muorre, is it om jin dwaande te hâlden mei skilders as Mondriaan, Rothko. Hat men ienkear each foar harren keunst dan wurket dat tige relativearjend. Alle radikalisme en oare maatskiplike ûnsin rint fan jin ôf, as wetter fan in ein.

Dat sadwaande, net nei Kassel dit jier…

Willem Winters