Zbigniew Herbert, André Looijenga

Lykklachte fan Fortinbras / Tren Fortynbrasa

logo.ensafh

 

foar M.C.

No dat wy op ússels binne kinne wy prate prins as man ta man
ek al leisto op de trep en sjochst likefolle as in deade miammel
te witten in swarte sinne mei brutsen strielen
Nea net koe ik oan dyn hannen tinke sûnder gnyskjen
en no dat se lizze op it stien as delrûgele nêsten
binne se lyksa warleas as foarhinne Dat is de eigenste ein
Earms lizze apart Swurd leit apart Apart de holle
en fuotten fan in ridder yn sêfte toffels

In begraffenis silst ha mei kriichsear ek al wiedest gjin kriichsman
it iennichst ritueel is it dêr’t ik wat fan wit
Net komme der wijde kearzen gjin rekwiëm der komme lonten en gedroan
kisteklaad oer strjitte sleept helmen spikerlearzens artillerygudsen trommelom trommelom ik wit neat moais
dit wurde myn manoeuvres rjochting machtsoername
ferlet is der en gryp de stêd by de kiel lit har wat skrikke

Sa of oarsom moastesto dea Hamlet wieste net foar it libben
leaudest yn kristallen ideeën net yn minsklike klaai
libbeste hieltyd mei setten as jagest yn ’e sliep op meunsters
happich bietest de lucht en fuortdaalks koarrest it út
koedest gjin minskedingen sels sykhelje koedest net

No hasto rêst Hamlet hast ôfmakke wat oan dy hearde
en hast rêst Wat bliuwt is gjin swijen it heart lykwols oan my
keazeste foar it maklikste part in stek mei effekt
mar hoe stiet in heroyske dea foaroer it ivich weitsjen
mei in kâlde appel yn ’e hân op in hege stoel
mei útsjoch op in miammelheap en in oerwurk

Farwol prins der wachtet my in riolearringsprojekt
in beslút oangeande prostitúsje dak- en thúsleazen
moat boppedat neitinke oer in better stelsel fan finzenissen
omdat sa’tsto terjocht opmurkest Denemark in finzenis is
Ik dûk myn dossiers yn Hjoedtenacht wurdt berne
de stjer Hamlet Nea net sille wy inoar moetsje
dat wat fan my bliuwt wurdt net ûnderwerp fan in trageedzje

Net oan ús om te groetsjen noch te fûstkjen wy libje op archipellen
mar dat wetter dy wurden wat krêft wat krêft ha se prins

Zbigniew Herbert (1924-1998) wie ien fan de wichtichste Poalske dichters fan de tweintichste ieu. Dit fers publisearre er yn 1961. Yn it hjir folgjende filmke lêst Herbert it sels foar:

http://www.youtube.com/watch?v=UlovMqHUkF0

Der bestiet yn Poalen in bysûndere tradysje fan muzikale foardrachten, de saneamde ‘poezia śpiewana’ (songen poëzij). In grutte namme op dat mêd is Przemysław Gintrowski (*1951), in sanger en komponist dy’t yn de ôfrûne desennia in grut part fan Zbigniew Herbert syn fersen fertolke hat. Hjirûnder Gintrowski syn krêftige foardracht fan de ‘Lykklachte fan Fortinbras’:

http://www.youtube.com/watch?v=54SS7H4k4uQ

Tren Fortynbrasa

dla M.C.

Teraz kiedy zostaliśmy sami możemy porozmawiać książę jak mężczyzna z mężczyzną
chociaż leżysz na schodach i widzisz tyle co martwa mrówka
to znaczy czarne słońce o złamanych promieniach
Nigdy nie mogłem myśleć o twoich dłoniach bez uśmiechu
i teraz kiedy leżą na kamieniu jak strącone gniazda
są tak samo bezbronne jak przedtem To jest właśnie koniec
Ręce leżą osobno Szpada leży osobno Osobno głowa
i nogi rycerza w miękkich pantoflach

Pogrzeb mieć będziesz żołnierski chociaż nie byłeś żołnierzem
jest to jedyny rytuał na jakim trochę się znam
Nie będzie gromnic i śpiewu będą lonty i huk
kir wleczony po bruku hełmy podkute buty konie artyleryjskie werbel werbel wiem nic pięknego
to będą moje manewry przed objęciem władzy
trzeba wziąć miasto za gardło i wstrząsnąć nim trochę

Tak czy owak musiałeś zginąć Hamlecie nie byłeś do życia
wierzyłeś w kryształowe pojęcia a nie glinę ludzką
żyłeś ciągłymi skurczami jak we śnie łowiłeś chimery
łapczywie gryzłeś powietrze i natychmiast wymiotowałeś
nie umiałeś żadnej ludzkiej rzeczy nawet oddychać nie umiałeś

Teraz masz spokój Hamlecie zrobiłeś co do ciebie należało
i masz spokój Reszta nie jest milczeniem ale należy do mnie
wybrałeś część łatwiejszą efektowny sztych
lecz czymże jest śmierć bohaterska wobec wiecznego czuwania
z zimnym jabłkiem w dłoni na wysokim krześle
z widokiem na mrowisko i tarczę zegara

Żegnaj książę czeka na mnie projekt kanalizacji
i dekret w sprawie prostytutek i żebraków
muszę także obmyślić lepszy system więzień
gdyż jak zauważyłeś słusznie Dania jest więzieniem
Odchodzę do moich spraw Dziś w nocy urodzi się
gwiazda Hamlet Nigdy się nie spotkamy
to co po mnie zostanie nie będzie przedmiotem tragedii

Ani nam witać się ani żegnać żyjemy na archipelagach
a ta woda te słowa cóż mogą cóż mogą książę