
Dit is de oarspronklike fideoklip, makke troch Steve Barron. (it wie de earste fideoklip fan in swarte artyst foar MTV, lês ik op wikipedia) Sjoch mar ris, it is hast opera. Dy lêste sin set ik der del omdat útjouwer L. dy klip fêst blokkearret omdat it hjir wol om opera heart te gean en net om “popmuzyk”. Fan ‘e moarn hat er syn uterste best dien my te fertellen hoe ûnbelangryk de dea fan MJ wie foar de wrâldskiednis. Te min dûnse bin ik bang. En Nadia Krastéva, ús Carmen, soe sij opsjoen hawwe fan it nijs? Soe sij dûnse hawwe yn de diskoteek yn Sofia op nûmers fan Thriller? As ik sjoch hoe’t se dûnset op dat iene sensuele muzykje foar Don José, tink ik fan wol. Ik hoopje dat ik noch yn ‘e gelegenheid kom om har sokke en hiel oare dingen te foar te lizzen, mar ik doar der net om te freegjen, skytsek dy’t ik bin.
Sjoch fierder op it blog fan Jetske Bilker (op Bornmeer).