Ulke Brolsma

Palmtûken en kriich yn Cordoba

logo.ensafh

Peaske
Juster seach ik hjir yn Cordoba in kardinaal mei in ploechje folk efter him oan. Net sa’n protte, in beskieden hapke leauwigen. Sy allegearre mei palmtûken yn de hân en hy mei syn miter op de holle. It is Palmsnein. Hy is op wei nei syn wurkplak: de katedraal. Ik bin der efkes efteroan rûn om te sjen hoe’t soks hjir tagiet. Hy moai yn syn poarperen klean mei sa’n pyplyts mûtske fan deselde kleur. Doe’t er de hannen omheech stuts en begûn mei: ‘oremus’ fûn ik it tiid om him mar allinnich te litten mei syn eigen folk.

Peaske yn Argentinië soe fansels ek wat wêze foar ús prinses Maxima. De Semana Santa is hjir in grut famyljebarren. Se soe op besite kine by de âld heit dy’t ik hjir fan ‘e wike noch op de TV seach. yn it selskip fan diktator en moardner Videla. Oft it ferstannich is om op reis te gean nei it heitelân? Ik soe it har net riede. Nee, se kin wol op Schiphol de loft yn sûnder swierrichheden, mar by Buenos Aires is it net wis oft it fleantúch de lanningsbaan hellet. De radar fan fleanfjild Eseisa doocht fan gjin kanten. Is âld, kadúk, hâldt der samar mei op. Fan ‘e wike foel it hiele radioferkear mei de fleantugen út. Wolkom yn Argentinië, se hawwe der altyd wol in ferrassing foar je klear. Je moatte der net oan tinke: Maxima dêr sa boppe yn de loft, gjin radar dy’t har mear fine kin, har piloat soe it noch mei de radio besykje kinne. Mar dy is der miskien ek net mear. Wat er dan bart? Ja, in oare troanopfolger. En dat allegearre om´t it net doocht by dat ferdomde fleanfjild.

Twa jier lyn wie it hjir ek al sa´n gedonder by datselde fleanfjild. Sûnder beswier passearren 50 koffers mei kokaïne alle kontrôles.De ôfstjoerder? De soan fan de kommandant fan it fleanfjild. Presidint Kirchner hat ûndertusken in nije radar besteld, mar dy is der noch net. Dus Maxima, bliuw mar efkes yn Wassenaar.

Maxima kin út dat Wassenaar wol fan alles dwaan foar de minsken hjir. Der binne yn it noardeasten sa’n 65.000 op ‘e rin foar it hege wetter. Se binne alles kwyt. It reint dêr oan ien ein troch. Maxima kin moai wat berneklean fan har Amalia en Alexi nei Argentinië stjoere. Der wurdt hjir oeral al klean ynsammele foar de flechtlingen. Sa´n keninklik oranjebroekje of jurkje, wat soe soks dochs moai wêze.
 

De diktatuer
It binne slimme tiden. Presidint Kirchner wie hjir yn Cordoba foar de betinking fan de militêre kûp. Yn de streamende rein hat er yn in taspraak fjouwer rjuchters fan it Hof fan Kassaasje útskolden. Der binne 160 helpers fan de diktatoer feroardiele. Minsken dy’t meiholpen hawwe 30.000 minsken te fermoardzjen en noch hiel wat mear te marteljen. Alle 160 binne yn berop gien. En dat duorret no al jierren. It Hof docht neat. Kirchner hat se it mannewaar oansein. Oft it helpt?

Yn dyselde taspraak hat er ek noch in ek generaal, haad fan in konsentraasjekamp yn Cordoba, útskolden foar Cobarde, lafferik. It proses tsjin dy man duorret ek al jierren. Mei sa´n presidint hawwe je wille. Doe’t ik him twa jier lyn foar it earst op de tillevysje seach, wie it feest. Hy stuts syn finger de loft yn en rôp: ‘Neuk op!´ Soe Balkenende dat ek kinne?
 

Las Malvinas
Hjoed moat ik hjir wat hoeden operearje. It is 25 jier lyn datt it dappere Argentijnske leger de Falklandeilannen besette. Falkland, ik doar it hjir net lûdop te sizzen. Yn it Ingelsk prate, is it ferstannich? Falklandeilannen, hjir kinne se allinnich mar Las Malvinas. En Las Malvinas hearre by Argentinië, sa ienfâldich is dat.

Dy oanfal fan de Argentijnen op de Falklandeilannen wie fansels in spul fan neat. Sa´n lyts Ingelsk garnizoen ferslaan is maklik. Dat de Ingelsken mei in hiele fleat werom komme soene, dêr hiene se net oan tocht. Fan ’e moarn wie it de grutte betinking op it plein by de katedraal. Foar de katedraal oer stiet in lange rige militêren yn it gelid. Moaie gewearen mei bajonetten der op. Der is ek in part yn unifoarmen sa as myn oeroerpake Hessel oan hie op wei om de Belgen yn elkoar te slaan.

‘Nuestre Malvinas,’ ropt in sprekker dramatysk. ‘Se binne fan ús, se bliuwe fan ús.’ Hy neamt de mear as 600 ‘titanen’ dy’t omkommen binne yn de striid tsjin it perfide Albion. De boargemaster fan Cordoba komt der oan, in moaie santiger. Hy stapt foar in mikrofoan en sprekt de soldaten ta:’Buenos dias!’ It hiele leger ropt werom: ‘Buenos dias’. We kinne begjinne. Tsjin de jonge soldaten oer steane de âld-striders. Ik rin der wat tusken troch. Fjouwer televysjestasjons binne drok dwaande om dizze helden te ynterviewen. Guon rinne heal yn legerklean, oaren binne yn boarger mei op it T-shirt in pear medailles. Se sjogge hjir maten werom út dy tiid. Se krûpe mekoar hast oan. Der binne bernsbern, froulju dy’t by dizze helden hearre. De helden fan in kriich dy’t se sa ôfgryslik ferlern hawwe. En it begjin fan ‘e ein fan de militêre diktatuer.
 

Alta Gracia
Twa jier lyn begûn ik op Farsk mei in wykboek Argentinië. Ik bin no werom yn Alta Gracia. In moai momint om mei dit wykboek te stopjen, de sirkel is hast rûn. Myn earste stik gie oe Alta Gracia, it plak dêr’t Che Guevara oant syn sechtjinde wenne, en de komponist Manuel de Falla stoar. Sa’n plak hat wol wat. Twa jier lyn hongen oeral buorden mei: Alta Gracia, Centro del Mundo. It sintrum fan de wrâld en dat foar sa´n lyts snotplakje. Mar ja, gemeentebestjoeren binne ta alles yn steat as it der om giet harren sels grut te meitsjen. Dat boerd sjoch ik nearne mear. Binne se wat beskiedener wurden? Hawwe se trochkrigen dat in plak dêr’t sels gjin ansichtkaart fan bestiet, it mei wat minder ek wol dwaan kin?

Alta Gracia leit yn de provinsje Cordoba. Yn de simmer, jannewaris, febrewaris, is it yn dy provinsje smoardrok mei toeristen. Der binne plakken, doarpen, stedsjes, dy’t hast hielendal fan dy twa moannen besteane. Oeral is it folboud mei simmerhúskes en hotels. Underweis fan Mendoza nei Cordoba kamen we lâns dy plakken. In protte húskes sitte ticht en hotels binne slúten, de simmerfakânsje is foarby, de skoallen krekt wer begûn. Sokke plakken hawwe wat deads, it libben is der út. Alta Gracia hat dêr gjin lest fan. Der binne gjin kampeminten mei simmerhúskes. De toeristen dy´t der komme hawwe mar in pear doelen: it wenhûs fan de famylje Guevara, it stjerhûs fan Manuell de Falla en de Estancia Jesuitica: in kleaster mei tsjerke dêr’t in 30 Jezuïten hûnderten slaven oan it wurk hâlden. Ik woe wol ris sjen hoe’t it hûs fan ‘Ernestito’ der no by stiet. Der is wat feroare. Op it terras sit in lyts jonkje fan in jier of acht. Hiel echt, mar wol fan brûns. Der is ek in nije plakette yn brûns op de muorre, fan twa ferneamde toeristen dy’t hjir yn 2006 op besite kamen: Chaves, presidint fan Fenezuela en Fidel Castro.

Foar in ferhaal yn De Moanne oer it hûs fan de Gueavara’s ynterviewde ik de filmmakker Luis Altamira. De man hie fan alles útsocht oer de bernejierren fan Che. Syn maten út dy tiid interviewd en der in film fan makke. Hy krige der prizen foar en it regear stjoerde him in brief dat syn film fan nasjonaal belang wie. Hy krige hope dat der noch fan alles barre soe. Nije films en wit ik wat mear. Hy is noch in pear kear ôfreizge nei Barcelona en Italië.
En no? Twa jier letter? Hy hat it net bêst. Stiet alle dagen tsjin de Estancia Jesuitica oer mei in kreamke, dêrop in lyts televyzjeskerm en in stapeltsje dvd’s mei syn film. Mei noch hiel wat hannelers wachtet er op de bussen mei toeristen foar de Estancia, Che en De Falla. Hy draait de hiele dei syn film oer Che. Hy docht syn bêst, dy dvd moat him troch it libben skuorre. Doe’t ik mei him prate, hie er o sa’n hope dat er noch fan alles berikke soe. En no?
 

Ana
We binne ek yn Alta Gracia om freondin Ana op te sykjen. Ana hat my twa jier lyn twa wiken lang alle dagen Spaanske les jûn. Se wie learares Ingelsk, mar hat it no ta direkteur fan in skoalle skopt. Soks is moai, mar it plak is fier fuort. Se moat der moarns om acht oere wêze. Dat betsjut om healwei seizen yn de bus sitte. En jûns jout se yn Alta Gracia ek noch les op twa ferskillende skoallen. It is hjir hurd wurkjen yn Argentinië. De salarissen binne leech en it libben djoer. Foar de Argentijnen dan. Net foar ús.

We sille in dei mei nei de skoalle. Dizze kear yn de auto. En we hoege ek net sa ferrekte betiid, mei tank oan de burokrasy. Ana moat moarns yn Alta Gracia in hiele bulte papieren ynleverje by de Inspekteur fan it Underwiis. Dy kontrolearret alles wat sy docht. En sa kin sy wat letter. Moai al dy regels.

It is in lyts plakje, warskôget Ana ús. Doe’t sy er de earste kear kaam, wie se wat te drinken gien mei in pear minsken fan de skoalle.

‘Wer is hjir de haadstrjitte?’frege se.

‘Der binne we no,’ wie it andert.

De skoalle stiet oan in wei sûnder ferhurding. Ien part is hûndert jier âld en in oar part wat nijer. Ana nimt ús mei nei de direkteurskeamer. In lyts hokje mei in buro, twa krukjes foar ús en derefter in grutte standert mei de Argentijnske flagge. Ana hie ferline jier 160.000 pesos fan de provinsje krige om it gebou oan te pakken. Alles wie moai oan it wurk, doe’t de provinsje samar stoppe mei beteljen. No is de skoalle mar foar de helte te brûken. Klassen fan fyftich learlingen binne normaal. Der is in protte ûnfrede, sawol by learlingen as by de leararen.

De learlingen krije yn dizze gebouwen earst trije jier algemien ûnderwiis en de lêste twa jier kinne se in fak kieze. Elektrisien, timmerman ensfh.

De skoalle hat in grutte keuken, dêr’t trije froulju it iten foar de bern klearmeitsje. Foar de earme bern is it iten foar neat. De rikeren meie betelje. Hoe’t de provinsje deroer beskikt? De learlingen wurdt frege oft se in mobyl hawwe, is der thús in televyzje, hawwe se in dvd? Je kinne wol riede, de dvd-besitters krije gjin hap om neat.

We wurde meinommen nei in klasse mei sa’n fyftich jonges en famkes fan sa’n jier of fjirtjin. Allegearre yn grutte blauwe jassen. Dat is normaal yn Argentinië. Alle skoallebern moatte soks hawwe. Der binne ek hiel wat skuollen mei in eigen unifoarm. Al dy blauwen hawwe krekt Ingelske les. Wy komme der yn en ja, it is in bytsje Artis. Mar no sitte wy efter de traaljes.

Ien jonge fleant oerein en set twa stuollen foar ús klear. Se wolle mei ús prate. Dat wolle wy ek graach. Oer tweintich menuten sille we werom komme. Yn dy tiid, mar dat wisten wy doe noch net, binne der in hiel stel dy’t fragen betinke en se opskriuwe yn it Ingelsk. As we werom komme steande der twa stuollen foar yn de klasse klear. De Ingelske learares stelt ús foar. En dan begjint it. Se binne o sa nijsgjirrich, wolle fan alles witte, oer drankgebrûk, oer marihuana, wat we dogge. De klasse wurdt hieltyd entûsjaster. De bel giet foar it frije skoft. Der is gjinien dy’t fuort rint, se wolle prate, prate. Op it lêst is it ôfrun. Ik meitsje foto’s fan de klasse. We nimme ôfskie.

As we dy middeis werom sille mei de bus, Ana moat noch wurkje, is it by is busstasjon fol mei learlingen út krekt dy klasse. Se groetsje, laitsje, komme op ús ta. As we yn de bus sitte en fuortride, stiet der in hiele ploech te swaaien nei dy frjemden út sa’n fier lân.
 

Nei in wike stappe we wer op út Alta Gracia. Oft we der ea wer komme? Oft der ea wer in wykboek Argentinië komt? Ik wit it net. Mar wol dat ik der no mei ophâld. Nei trije moanne Farsk haw ik echt fakânsje: noch oardel moanne.

Yn Argentinië.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *