
Koate wurdt wekker en rekt him ris goed út. Hy hat goed sliept fannacht, al snoarke Dwatte no en dan wol lûdroftich. Mar dêr is er sa stadichoan aardich oan wend en dat kin syn nachtrêst net folle mear ûnderbrekke. Wat moat er no hjoed werris by de ein ha? Hy kin wol begjinne mei it ynspektearjen fan de groep, as elkenien der noch wol is en as der net in nijenien bykommen is. Dat bart de lêste tiid oars wol folle faker en hy kin net sizze dat it him noasket. Dan is der minder iten foar elk, want de basisregel bliuwt wol dat se alles earlik parte moatte. Hy stompt Dwatte oan dy’t him sleau omdraait en efkes gnoarret en wer fierder sliept.
‘Kom op jong, derôf!’
‘Dalik Koate, oft ik wit hoe’t dizze dream beteart,’ is syn slûch andert.
‘Goed, ik sjoch dan earst wol efkes as elkenien der noch is,’ seit Koate mear tsjin himsels as tsjin syn broer. It hat gjin nut om him noch mear oan te trúnjen. Hy komt derôf oft er it sels wol en dêr feroaret in oar neat oan. Ek dat hat de tiid him wol leard. Hy hat der moarns ek gjin nocht oan om him dêrfoar yn te spannen.
Lodde, Potse, Kjille, Mertsje en Aksel binne der allegear noch. Se lizze op it achterste stee en sliepe alle fiif noch. ‘Moai, no noch sjen oft der ek nijen by binne,’ tinkt er lûdop.
‘Watsei?’ heart er efter him sadree’t er fierder rinne wol. Foar’t er him omdraaie kin om te sjen wa’t tsjin him praat is Lodde al by him. ‘Goemoarn myn bêste jonge,’ kreaket de âlde. ‘Hat er goed slept? Sil efkes meirinne, soan, do silst de boel efkes ynspektearje, nim ik oan.’ Sa’n stoarm fan wurden moarnsbetiid kin Koate net oer en dat is krekt wêrom’t Lodde de mûle sa faak iepen en ticht docht. It is net ferkeard bedoeld, mar hy mei graach moarns efkes narje. Koate giet der mar net op yn, want dan wurdt it allinnich mar slimmer. Stilswijend rint er fierder.
‘Wêrom geane wy net dwersoer, dat is folle koarter.’
‘Dat skoddet my te bot, dêr kin ik net sa goed oer moarns.’
‘Wêr kinsto wol oer moarns?’
‘Lekker rêstich, allinnich, in blokje omrinne fan foaren nei achteren of krekt oarsom, dat makket my neat út en dan oer de rêch want dat skoddet sa bot net. Dan as ik dat dien ha, krekt efkes sitte te bekommen en dan ris sjen oft ik wat iten fine kin. Ha ‘k myn búkje dan wer fol iten, dan is de moarn hast om en dan komt de wrâld yn beweging en dan bin ik der wol klear foar. Ek wol foar in praatsje ensa.’ Koate wie suver in bytsje fuortdreamd by it byld dat er troch syn wurden foar eagen krych.
‘Oh,’ is it koarte andert fan Lodde dy’t net wend is dat er safolle prate kin op de iere moarn. ‘Ik leau, der is net ien bykommen. Dat is wêr’t wy it beide wol oer iens wurde kinne, ik hâld ek alhielendal net fan dy frjemden. Dit is ús plakje en oaren,’ Lodde wachtet efkes om op azem te kommen omdat er suver wat kiezzich wurdt, ‘oaren, dy sykje mar in oar hinnekommen.’
‘Dêr binne wy it allegear mei elkoar oer iens. Wy wolle allegear mei ús sânen bliuwe en fierder gjin drokte,’ seit Koate dy’t syn dreambyld fan krekt as wetter fuortspielen sjocht. ‘Wy moatte no dochs mar efkes oer de búk, want je witte nea dat dêr guon binne. De jongerein is noch wolris oermoedich en gean dêr lizzen te sliepen.’
‘Oh, hjir leit in hiel lekker stikje, dat moat ik earst efkes pakke,’ seit Lodde gysten en stoart him op it lekker stikje iten. ‘Woest ek in stikje ha?’ freget er nei’t er it loswrotten hat.
‘Noh, wol graach!’ is Koate syn andert, fernuvere oer de goede bedoelingen fan syn âlde heit.
‘Hmm, dit is fannacht krekt opwoeksen, tocht ik,’ seit Lodde mei de mûle fol. ‘Dit is lekker!’
Mar dan slacht it needlot ta. Ut de fierte begjint it te tongerjen en te waaien en dêr komt ferweging yn de wrâld. It skoddet oan alle einen en kanten, it iten falt op de grûn en rôlet fan ‘e wrâld en yn de djipte, dêr kinne se net mear by. De djipten wurde noch folle djipper wannear’t de wrâld omheech komt. Lodde ropt noch wat, mar Koate hoecht net te ferstean wat it is om te witten wat er dwaan moat. Dit is de spikerhurde realiteit dy’t harren alle moarnen te wachtsjen stiet, allinnich no wat betider as oars. Hoe kin dit no? As de oaren no mar op ‘e tiid wekker binne. Potse, Kjille, Mertsje en Aksel wierskynlik wol en dy klampe harren wol fêst. Mar Dwatte is foar tsienen net wekker te krijen en it is no noch mar healwei tsienen. Bliksempiebe, oft er dan mar net fan ‘e wrâld ôfrûgelt. Hoe moatte se him dan wer krije? Nei’t de wrâld hielendal oerein kommen is, binne se wer wend oan de earste skoddingen en witte se wer hoe’t se harren rêde moatte. Se besykje earst in pear kear ûnwennich om foarút te kommen. Mar sa as alle moarnen rinne se dêrnei like linich as wat nei it achterste stee. De fjouwer dy’t dêr leinen binne ek oer de earste skrik hinne. Aksel hâldt har noch wat skruten beet. It is dan ek te betiid en se is de jongste fan de ploech en is it dus sa goed net wend as de oaren.
‘Allegear yntakt?’ freget Lodde as besoarchsume heit. Der wurdt wat twifelich knikt troch syn bern. ‘Moaisa, en wêr is dy dikkop?’ No in unanym skouderopheljen.
‘Blinder, oft er der mar net ôf kukele is.’
‘No, in iter minder. Ha wy wat mear,’ is Potse fan betinken.
‘Sa sille wy hjir net,’ seit Lodde en Koate jout har in pedagogyske tik. Hy is in pedagoach fan it âlde stimpel sadat Potse der wer in blau plak by hat.
Ta harren skrik komme se ynienen bûtendoar. It waait goed hurd en it reint ek noch, mar gelokkich duorret it net lang dat se yn ‘e iepen loft binne en komme se yn in frjemde benaude keamer. In grut rút foar en achter en in pear oan de sydkanten. Der steane allinnich mar stuollen en in bank yn. Gjin tafel of in plant yn de finsterbank. Se binne allegear feraltereare. Dan begjint de keamer te bewegen.
‘Wat krije wy no?’
De keamer bliuwt noch lang yn beweging en sadree’t se wat oer de skrik hinne binne moatte se earst mar wat iten ha. Se moatte no wol wat by mekoar bliuwe, want je kinne net witte wat der noch mear barre sil. Nei in goed healoere bliuwt de keamer mei ruten stil stean en stapt it grutte meunster dat hieltiid njonken harren sitten hat, út en efkes letter ferlit harren wrâld it fertrek ek om wer yn de wyn en rein te bedarjen. Lokkigernôch net lang, want se komme no yn in grut gebou. Alles is wyt en troch it grutte tal tl-ljochten krijt it wite suver in sterile glâns. Der rinne grutte skepsels yn lange wite, gewaden.
‘Wêr binne wy no, is dit de himel, binne wy dea? Sjochtst no wol, de wrâld is ta syn ein kommen!’ begjint Kjille te jammerjen.
‘Stil do! Wy binne net dea, want oars soe dit gjin sear dwaan,’ en Koate knypt syn suske yn ien fan har poatsjes, wêrnei’t se begjint te jammerjen fan ‘e pine. ‘Fielst wol, it docht sear en dan bist net dea. En as ús libbensljocht út wie, dan hie ik net op sa’n gedachte kaam,’ seit er suver in bytsje sadistysk.
‘Mar wat is dit hjir dan wol, Koate?’ wol harren heit witte.
‘Dat woe ‘k heit krekt freegje.’
Dan springt de wrâld wyld omheech en bedarret op mulhichte fan de grutte reuzen. In grutte holle mei twa glêzen foar de eagen komt gefaarlik tichtby. Se krûpe hurd achter de stâlen dy’t se beammen neame. In grutte wite klau strykt de beammen plat. Se moatte noch tichter op de grûn krûpe en klampe harren fêst om net meinommen te wurden troch dy wite kleau. Stimmen fan beide minsken, de ingel en deselde dy’t yn de keamer mei ruten siet en dy’t oars ek altyd yn it hûs is wêr’t harren wrâld is. It buldert der oer en sadwaande kinne se it net ferstean. Mar it striken wie blykber net genôch, want efkes letter reint it wol hiel pleatslik. In grutte, rûne, glimmende wolk strielt wetter as wie it in gewoante. In nuver gielich ding giet hurdhandich oer de grûn hinne en de beammen slaan alle kanten út. Kjille ropt moard en brân, dit is it ein fan ‘e wrâld sa’t se dy kenne. Ut de giele fjouwerkant komme grutte flokken skûm en dat wurdt alle kanten út strutsen, it hat ek in ferrekte eigenaardige lucht. Se kinne wol oer harren tonge kakke, oft se dy hienen teminste. De wolk spielt efkes letter it lêste skûm fuort. De wrâld skoddet ien kear stevich en de beide skepsels gjalpe deroer. Dan falt it doek foar harren. Se wurde droechrost troch in grutte, wite doek. De beide meunsters bolderje noch efkes hinne en wer en dan komt de wrâld wer yn ferweging. Nei in hoartsje binne se wer yn de frjemde keamer mei ruten en noch letter is de wrâld wer yn har eigen planetestelsel bedarre. Der moat earst noch in hiel soad gefoelens en emoasjes ferwurke wurde.
‘Binne wy no dan einliks dea?!’ freget Kjille oerémis.
‘Nee, mar echt libben fiel ik my ek net,’ seit Lodde rydboskjend.
‘Wat wie dat allegear?’ wol Koate witte.
‘In… in, ja in yts. It wie as ja, as yts wat sa om en ta giet,’ seit Mertsje.
‘Dêr komme wy fierder mei, juh,’ en Koate wol wer in opfiedige tik útdiele, mar syn heit is him foar.
‘Dat hoecht net altyd,’ seit dy.
‘Ja heit,’ is Koate syn koart andert. ‘No’t wy hjir wer feilich binne en dochs net witte wat dat wie, dan kinne wy likegoed sjen wêr’t dy dikkop is.’
‘En hoe woesto dat ha?’
‘Ien fan ús moat aanst as alles sa in bytsje rêstich bliuwt, fan de wrâld ôf om dan yn de djipten te sykjen nei Dwatte.’
‘Jawis wat oars, salang’t ik mar net hoech,’ seit Potse.
‘Ik fyn dat Koate mar moat. Hy is by einbeslút de âldste fan jim bern en hy wit it bêste wêr’t Dwatte omhingje kin om’t er syn twillingbroer is en dat skept in bân, no,’ mient Lodde.
Koate wol noch wat sizze, mar hy kin wol fan de gesichtsjes lêze dy’t him fol betrouwen oansjogge dat er der dochs neat tsjin ynlizze kin. Hy moat, alwer. It komt altyd op him oan. No goed, as dit syn foarlân is dan leit er him der wol by del. ‘Goed,’ knikt er. ‘Ik sil wol sjen oft ‘k him fine kin. Bin ik hjir jûn noch net, dan moat ien fan jim ús sykje. Dan begjinne wy fan âld nei jong. Heit mar net, want dy is wat te gebrekkich kwa lea.’ In ûntankbere eachopslach fan syn heit hat dat as gefolch, mar de âlde is wol bliid dat er net hoecht. Mar sok praat hoege je fan je bern fansels net te pikken. ‘Ja, goed,’ giet Koate fierder, ‘dus, Potse, Kjille en dan Mertsje. It sil wol net sa raar komme dat jimme alle trije der op út moatte, mar je kinne it net witte.’
‘Koate hat sprutsen,’ komt Mertsje droech út ‘e hoeke.
‘Wêrom Aksel net?’ wol Potse witte mei in gesicht as in toarre, ‘wy kinne wol fan jongsôf oan begjinne ommers.’
‘Do witst ek wol dat Aksel noch te lyts is. Koate hat sa besletten en sa komt it,’ seit harren heit foar Koate.
‘Sa is dat, heit,’ knikt Koate ynstimmend dy’t wol wat grutsk is dat syn heit him safolle ferantwurdlikheid jout. ‘Moai, dan gean ik mar, dit praten makket it allinnich mar letter.’ Ta syn gelok steane se al leech, of de wrâld is sakke. It is mar krekt hoe’t je it besjogge. Sa leit er mei in pear behindige sprongen yn de sêfte djipten. In sêfte grûn fan in nuvere, plústerige en pearse soarte fan stof. Noch in sprong en hy stiet yn it djipste fan it djipste, wat heit flierbedekking neamt. It is sa sêft net as wêr’t de wrâld him yn del jûn hat, mar it mei der wêze, it fielt wol wat kâld oan. Hjir en dêr sjocht Koate dat der ek soarte fan slytplakken ynsitte. Benammen foar de bergen. Yn dizze romte stean ferskate grutte bergen, mei in nuver plat flak en dan giet it wer steil omheech, de bergen lykje lekker sacht. Somtiden sitte der fan dy grutte reuzen yn dy’t der dan in ein yn weisakje. Mar goed, hy moat no sykje om syn dikke broerke. Wêr soe er sitte kinne? Wêr’t iten is, mar wêr yn de goedichheid is hjir iten te finen? Hoe kin ien yn dizze barre romte oerlibje, wêr is yn dizze wyldernis wat ytbers te finen. Mar Dwatte kin fêst wol wat fine, hy hat der in goede noas foar. It sit yn syn natoer om iten te finen, hy is ek net ta folle mear as dat yn steat. It grutte skepsel, dat hja de Baas neame foar it gemak, is op it stuit nearne te finen en dus hat Koate moai efkes frij baan. Alderearst besiket er al springend en klauterjend om op in grutte, flakke, houtene planke te kommen op fjouwer poaten. Syn heit hat sa’n ding ek wolris beneamd, mar dat is Koate fergetten. Grutte, nuvere, feale kringen sitte hjir en dêr op it houtene flak. Der stiet ek in rûn ding yn de midden. It koe suver wol rikje, ja deale, der komt reek út dat rûne ding. Wat soe dat betsjutte? Reeksinjalen? Lit Dwatte witte wêr’t er is? Ha, Koate moat laitsje om dy healwize gedachte. Dêr soe syn broerke nea opkomme kinne om dat te dwaan. Soe it him lykwols wol yn de dikke bolle plasse opkomme dan soe er net witte hoe’t er it klearspylje moatte soe. Mar nijsgjirrich is Koate wol wurden en hy wol sadwaande witte wat dy reek te betjutten hat. As er op de râne hipt is, sjocht er in soad jiske yn it rûne ding lizzen. Hy wit dat it jiske is omdat er soks alris earder sjoen hat en doe hie syn heit, dy’t in soad wit, it him ferteld. Soks krije je as je wat opbaarnd ha. Nuvere stâltsjes lizze heal opbaarnd wat wyld yn de rûnte fan ’t rûne ding. Wat it is, joast mei it witte. Hawar, dat wie dat. No mar fierder. Nei in goed oere rûn te hawwen komt er achter yn de keamer oan. Dwatte is yn elk gefal net op de flierbedekking. Moai, dat kin er útslute. Mar no moat er wer omheech, yn in wat lytsere romte, dy’t oanslút op de grutte keamer. Hjir is in grut houten stellaazje boud en krekt as mei dat ding fan dy fjouwer poaten hat dit ek in plat flak. Mei in soad muoite en gedoch komt er dan einlings der boppe op en dan sjocht er syn eagen út. Yn de midden is in grutte sulveren tobbe of sokssawat, mei in grutte dikke stâl, ek fan sulver dy’t dêr boppe hinget. Mei gelikense ynterfallen falt der hieltyd ien drip wetter út yn de tobbe. Alder, alder, wat in eigenaardich ferskynsel. Der hinget ek gâns wat ark oan in (alwer sulveren) richeltsje. Lange stâlen binne it mei grutte punten deroan of rûne en ovalene dobben. Der steane ek in hiel soad rare dingen opsteapele oan de oare kant fan de tobbe. Wite, rûne dingen mei in soad smoargens deroan, dat is oars wol lekker en Koate begjint te snobjen. Hy is al wer lang ûnderweis en hat wol sin oan wat krigen. Trochsichtige tuorren steane njonken de wite dingen. Krekt as ruten yn in gebou, dy binne fan itselde soarte spul makke. Fierder steane der noch gruttere rûne dingen, krekt sa’n foarm as de sulveren tobbe, mar dan wat lytser mei earen oan de sydkanten. Oan de oare kant fan it houten flak sit in fjouwerkant swart yts. Wat it is, joast mei it alwer witte. Der sitte ek rûne draaidingen oan. Spitigernôch is Koate fierstente lyts om dy dingen omdraaie te kinnen. No ja, it is wol eigenaardich, ditte. Sa sit der ek noch in goede kant oan de ferdwining fan Dwatte, sa kom je nochris earne. Koate bedarret suver yn in oeribelen grutte ekstaze fan al dat nijs wat er sjocht. Hy hie net tocht dat harren planetestelsel sa ferskuorrendste grut is. De wrâld rint der wolris troch hinne, mar dan sjogge je der dochs oars tsjinoan. No steane je los fan de wrâld der midden yn en is it sa oerstelpjend dat er him suver fêsthâlde moat. As er noch heal stiet te bekommen fan al dy nije yndrukken, sjocht er ynienen wat bekends. Dat is syn broer en hy leit, ja hear, hy leit te sliepen. Wat oars! Foar it houtene flak oer stiet wer sa’n houten ding op fjouwer poaten. In tafel, sa hjit sa’n ding. It sjit Koate ynienen te binnen. Lykas alle grutte geasten dy’t trochdat se yn hegere sfearen ferkeare, de seldsumste ynjouwingen krije. Mar oer dizze tafel leit wat kleurichs hinne, it hat wol wat fan wêr’t harren wrâld yn leit, mar dan wat minder pluzich. Der stiet ek sa’n rûn wyt ding op it… hoe sil er it ris neame? It is in soarte fan doek en it leit op in tafel, in tafeldoek, ja, dat moat it mar wurde. Der stiet in wyt foarwurp op it doek en dêr middenyn leit syn dikke broer te koesen. It ding is sa smoarch as wat, smoarger as dy’t hjir by him stean. Dwatte hat grif syn búkje fol fretten en hat him dêr mar deljûn. Hoeden klimt Koate nei ûnderen en klimt dan op it stelsel dêr’t syn broerke leit. As er njonken him stiet, yt er earst noch wat, der leit genôch en fan al dat geklauter en gedoch hat er sin oan wat krigen . Dan stompt er Dwatte oan. ‘Hé jong, wekker wurde!’
‘Heu? Wat is der oan, ik lis dy net yn ’t paad wol?!’ ropt Dwatte lulk. ‘Lit my efkes lizze, ik ha al sa’n reis makke.’
‘En no moatst wer in reis meitsje, mantsje. Do moatst werom nei de wrâld. Do kinst hjir net yn de djipten, yn de Netienlannen, bliuwe.’
‘Jawol, ik fyn it hjir moaier, it is hjir grutter en it iten is lekkerder,’ seit Dwatte slieperich en stikelich.
‘Mar do witst net wat foar gefaren oft hjir binne. As de Baas werom komt kinsto sa hurd net fuort komme. Dat kinst wol by ús op ‘e wrâld. Dan bist ferskûle ûnder de beammen en sok iten set gjin seadden oan de dyk, man. It is lekker, dat is it, it is foar de lekkere trek, mar it is gjin krachtfoer. Dat waakst wol by ús op de wrâld.’
‘Oh, nohja, do silst it ek wol witte. Do hast it ferstân,’ seit Dwatte dy’t belies jout omdat er te lui is om der fierder tsjinyn te gean. Mei in bult gekrimmenear en gestin komt er oerein. ‘Wiis my it paad, broerleaf.’
Nei in lange en swiere reis, want Koate moast Dwatte hieltyd oantrune om troch te rinnen en net ôf te dwalen, komme se dan einlings wer by harren wrâld oan, dy’t noch altyd leit te sliepen. Sûnder al te folle muoite bedarje se wer by harren famylje.
‘Dêr binne wy wer,’ seit Koate wurch en jout him efkes lekker del.
‘Goed idee,’ is syn broer it mei him iens en giet nêst him lizzen.
De oaren binne wurch fan it yn spanning sitten hoe’t it beteare soe en gean der ek mar by lizzen. Dan hearre se moarn wol hoe’t it wie yn de djipten. Oer de luzen falt in fredige rêst no’t de ferlerne soan der wer is, mar wol in rêst mei in soad gesnurk fan Dwatte.