
Nije roman fan Piter Boersma, De krêftproef,ferskynt op 7 septimber 2012 as e-boek.
De krêftproef, de nije roman fan Piter Boersma (yn 1998 winner fan de Gysbert Japicxpriis), is in nuveraardich boek. It bout nei de foarm fierder op syn earder ferskynde wurk as It libben sels (1997) en It útsjoch (2005). Yn koarte, poëtysk kleure haadstikken beskriuwt Boersma syn filosofy en (Fryske) literêre achtergrûnen. De eigen belibbingswrâld fan de skriuwer stie yn dy romans sintraal, yn dit nije boek leit dat oars.
Yn De krêftproef draait it ferhaal om de actman Jelle Westerbaan, om it projekt dat er betinkt en om syn freone- en kunderûnte yn de stêd Ljouwens.
Haadrollen binne dêrby weilein foar Boersma syn literêre foarbylden en helden Arthur Rimbaud, Daniil Charms, Velimir Chlebnikov, Paul van Ostaijen en Richard Brautigan. Mei harren bringt Jelle Westerbaan, in dochminske, wat ta stân dat eins ûnmooglik liket te wêzen. Troch de fantasyrike, absurdistyske kant fan it boek slút De krêftproef oan by Boersma syn mearke-eftige roman De klûs
fan Copmanshurst.
De krêftproef is a e-boek te keap in de wenstige boekewebshops foar € 14,00.
Ek kin de papieren fersy fan dit boek besteld wurde, as POD-útjefte.
De priis is dan € 17,50.
Boekgegevens:
Piter Boersma, De krêftproef
E-boek. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2010
ISBN: 978 90 330 03127
Ferkeappriis: € 14,00 (e-boek); papieren útjefte € 17,50