
út it Requiem fan Fauré Hoe kin it earme bern sa de rein fan snein te middei wêze? Drippen lûke banen oer it rút foar it lân dat oan ’t fersûpen is. En dit is paradyslike muzyk? De treast dan dat leafde komt as it tekoart de wurge wetters iepenteart nei in adagio foar, foar wat.