Han Yu, Piter Boersma

ôfwaaide blêden, by it ôfskied fan Chen Yu

logo.ensafh

 

der is gjin rêst foar ôfwaaide blêden it losslein doarmkrûd is net te rêden proai fan ’e wyn dat skieden fan inoar by tafal tegearre koart byinoar de stilte fan de nacht heart ús petear oan de himel ljochtet de moanne klear wa neamde dat in jongkeardelsôfskied in triennefloed makket ús klean trochwiet oersetting/bewurking: Piter Boersma (De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Han Yu libbe fan 768-824.)