
Mear as trije jier lyn is it al wer dat it neffens de provinsje dien wêze moast mei de Stichting It Fryske Boek. It Fryske Boek organisearre de Fryske Boekewiken (oan ’e ein fan ’e winter) en de ferneamde Sutelaksje (yn ’e hjerst). It mei wier wêze dat de Stichting It Fryske Boek de swung wat út wie, feit bliuwt dat no goed trije jier letter konstatearre wurde kin dat de provinsje wat al te hastich de stekker der út lutsen hat en de net al te gelokkige kar makke hat om It Fryske Boek oer te heveljen en opgean te litten yn Tresoar.
De aktiviteiten fan It Fryske Boek wiene rjochte op it stimulearjen fan de ferkeap fan Fryske boeken en benammen mei de sutelaksje ek op eigen ferkeapaksjes. Tresoar hat him mei goedfinen fan de provinsje de taak tatocht fan algemiene promoasje.
De twa foarige Moannen fan it Frysk boek ha neffens de lûden amper of neat bydroegen oan de ferkeap fan Fryske boeken, mei de Moanne fan it Frysk dy’t no rint (fan 14-9 oant 16-10) sil dat net oars wêze. Mar dat is de bedoeling ommers ek net, it giet ommers om algemiene promoasje. Lykwols is dat as men sjocht nei de aktiviteiten dêr’t Tresoar mei komt net it hiele ferhaal.
Want wat docht Tresoar no krekt?
Tresoar jout yn de Moanne fan it Fryske boek wol in kadoboek út, dat men kado krijt by de oanskaf fan Fryske boeken foar minimaal 10 euro. Dat liket dan wer op in Boekewike-aktiviteit, want dat die It Fryske Boek altyd by gelegenheid fan de Fryske Boekewiken.
Krekt as earder It Fryske Boek organisearret Tresoar ek boekejûnen yn biblioteken (dy jûnen wiene al ta sleetsk ferklearre; der moasten nije wegen socht wurde.)
Krekt as earder It Fryske Boek yn ´e mande mei It Skriuwersboun organisearret Tresoar it Frysk Boekefeest, earder de iepening fan de Fryske Boekwiken en no dus de iepening fan de Moanne fan it Fryske boek.
En wat noch mear?
It falt op dat alle oare aktiviteiten dy’t yn it programma stean gauris amper mei in Moanne fan it Fryske boek te rymjen binne – yn alle gefallen lang net spesifyk genôch binne – en gauris ek noch rjochte op in beheind publyk. Guon aktiviteiten binne ek net troch Tresoar organisearre, dêr slút de Moanne fan it Fryske boek om sa te sizzen by oan.
Men kin konstatearje dat Tresoar oant no ta gjin nije dingen ynbrocht hat dy’t der ta dogge. Goed besjoen stelt it neat foar. De Moanne fan it Fryske boek foarmet dúdlikernôch as saneamde ‘algemiene promoasje’ gjin nije ympuls, kekt oarsom.
Ien programmapunt wol ik wat mear oer sizze: Ekspedysje Laaksum Besiele Plakken. Yn dat programma folje twa Nederlânsktalige skriuwers as sprekkers de foarnaamste ûnderdielen yn. Dat dêr yn it kader fan de Moanne fan it Fryske boek gjin Fryske skriuwers foar keazen binne kin men dochs mei jins ferstân net by. En dan hâldt it programma dêrnêst foar de minsken dy’t der hinne wolle yn dat dêr in bustocht út Ljouwert wei nei Laaksum by heart. Hoefolle lêzers fan Fryske boeken sille dêr oan meidwaan? Soks is fansels fierstente elitêr.
Oer it programma fan it Boekefeest fan freed 14 septimber wol ik ek noch wat kwyt. Ik seach dat de útrikking – o nee, it is noch mar de bekendmakking – fan de Obe Postma-priis (de trijejierlikse provinsjale priis foar de bêste oersetting) dêr in ûnderdiel fan is. No is Tresoar troch de provinsje ta organisator fan dy priisútrikking oanwiisd, mar dat betsjut dochs net dat men alles mar trochinoar grieme moat. It docht gjin rjocht oan de priis en priiswinner om sa’n bekendmakking te bombardearjen ta ûnderdiel fan it Boekefeest. Soks is al te goedkeap.
De konklúzje kin wêze dat Tresoar oant no ta gjin nije fyzje sjen litten hat op de promoasje fan it Fryske boek. By Tresoar bestiet gjin fokus, alteast gjin goeie fokus, Tresoar wurket sa te sjen nei in algemiener kader ta en lit de saak sa ferwetterje en tagelyk witte se net goed wat se moatte – it ûntbrekt har oan fyzje – en dêrom helje se mar wer dingen út de kiste mei sleetske saken fan it earder Fryske Boek, gean se mar wer yn see mei inisjativen fan Boeken fan Fryslân en It Skriuwersboun, inisjativen dy’t ek wer it opheljen betsjutte fan saken dy’t It Fryske Boek earder die. Troch it ûnderbringen fan It Fryske Boek by Tresoar binne wy oant no ta fan de rein yn ’e drip bedarre.
It punt is fansels dit: troch it opgean fan It Fryske Boek yn Tresoar is de ferbining tusken promoasje en ferkeap trochsnijd en promoasje dy’t net ferbûn is oan ferkeap hat gjin doel. Dat hiene de útjouwers in pear jier lyn ek troch en dy ha doe it inisjatyf nommen ta it oprjochtsjen fan de Stichting Boeken fan Fryslân, dêr’t de provinsje dan ek wer jild ynstutsen hat. By Boeken fan Fryslân giet it om de ferkeap en it idee wie yn earste ynstânsje benammen om nêst de ferkeapline fia de boekhannel in alternatyf te finen foar de eardere Sutelaksje. Boeken fan Fryslân is oant no ta noch net folle fan op ’e hispel kaam om’t de kant út tocht waard fan in eigen nije organisaasje. Aldergelokst sil dat no oars, de Afûk sil as profesjonele organisaasje útfiering jaan oan de BFF-ideeën en dêrby ek de gearwurking sykje mei Tresoar.
Op ’e falreep is dêr fan ’t jier ek noch wat fan telâne kommen. Op inisjatyf fan Boek fan Fryslân is der yn ’e mande mei Tresoar in krantekatern yninoar set dat sawol yn de Ljouwerter Krante as it Friesch Dagblad opnommen is. It katern stelt net safolle foar, it wurdt wei yn ’e krante, dat it sil amper of gjin fertuten dwaan. Mar goed, it is in earste blyk fan gearwurking tusken BFF en Tresoar. Mar ek hjirby is Tresoar wer ynstapt by in, no noch suterige, fuortsetting fan it eardere jierlikse boekemagazine dat troch It Fryske Boek makke waard by gelegenheid fan de Sutelaksje.
En dan is de Skriuwerskalinder der ek wer. Ek dêr docht Tresoar oan mei, mar dat op inisjatyf fan It Skriuwersboun.
De takomst is fansels, dat Boeken fan Fryslân (mei as útfierder de Afûk) en Tresoar tegearre oplûke om tûk yn te spyljen op de ûntjouwingen yn de wrâld fan it boek op it mêd fan produksje en fersprieding en dat ta stipe fan de útjouwers dy’t de produkten meitsje en de lêzers dy’t dy produkten oanskaffe wolle.