Fang Gan, Piter Boersma

op trochtocht yn Shenzhou

logo.ensafh

 

hjir binne tsientûzenen omkaam mar inkelen hat it swurd net naam sûnt koart komt wer reek út ’e hutten by de bern binne noch gjin grutten troch âlde beammen waait kâld de wyn yn ferlitten forten glimwjirmskyn in ûnôfsjenbere woastenij wer helder is de rivier as nij oersetting/bewurking: Piter Boersma (De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Fang Gan stoar om 888 hinne.)