Geart Tigchelaar

Moaie bak

logo.ensafh

Besprek Bak fan Sietse de Vries

De hollen fan de minsken rûzje noch nei fan alle ferkiezings wannear’t yn it begjin fan Bak, kadoboek skreaun troch Sietse de Vries, in jonge VVD’er fermoarde wurdt. Samson en Rutte hawwe krekt praat oer harren oparbeidzjen wannear’t De Vries meardere politisy opfierd yn syn boek. De haadpersoan, Sjerp Bak, kriget sels in relaasje mei in CDA’er, Geke Jensma.
Sjerp Bak is in wat sleauwe fyftiger dy’t al mear as tweintich jier op de stedsredaksje wurket en suver ien wurden is mei it meubilêr. Dat makket him ta in soarte fan ikoan, mar wurdt him lykwols ek wolris ferwiten troch dizze of jinge. Sa ek troch de flotte en eigenwize Remco Beets dêr’t er by tafal yn de hûs rekket mei in gles Chablis (of is it no Sauvignon?). Trochdat Beets him gean lit en Sjerp útmakket foar it risee fan de Fryske sjoernalistyk knapt der tagelyk ek wat by Sjerp. Hurdhannich slacht er de politikus mei beide hannen op de houten flier. As ien kear net genôch is, docht er it nochris oant er “der wol hiel stil hinne lei” (s. 12 e-boek).
Yn it ferfolch skriuwt De Vries op libbende wize en dêrmei nettsjinsteande de tragyk fan it foarfal dochs ek humoristysk hoe’t Sjerp him yn de goedichheid fan it lyk ûntdwaan moat. Der sjitte alderhanne prakkesaasjes troch him hinne en om’t er wolris faker fan misdieden ferslach dien hat en wolris in tv-searje sjoen hat, wit er sa likernôch wat er dwaan moat. Suver profesjoneel makket er alles skjin en betinkt him wat er mei it lyk moat om sa lang mooglik bûten skot te bliuwen. De man mei stielen senuwen is ferrassend kalm, hy besjocht it mear as foarfal dat bard is, en dêr’t no mei rêden wurde moat. Wannear’t er mei it lyk ûnder de auto leit, omdat der krekt minsken foarby komme en er syn foet ferskoot, wurdt er kjel om’t er earne tsjinoan stompt. It is in “gerêststellend idee” (s. 34) as er him betinkt dat it Remco Beets mar is.
Dy droege styl en humor past presys by de haadpersoan en behearsket in bedreaune skriuwer as Sietse de Vries oant yn de fingertoppen. Wannear’t Sjerp Bak troch de sjef fan de redaksje op de saak Remco Beets setten wurdt moat er goed syn best dwaan om der sa rêstich mooglik ûnder te bliuwen. Mar hy komt der neigeraden achter dat Remco Beets in hiele, wat tsjustere, achtergrûn hie en dat kin er moai brûke om him sels bûten de skynwerpers te skriuwen.
Fuortdaliks yn it begjin is al dúdlik wa’t de moard pleegd hat, wêrtroch’t it gjin typyske whodunnit is, mar dêrtroch is it net minder spannend en yntrigearjend om fierder te lêzen. It is in aardichheid hoe’t Sjerp him júst net fertocht meitsje wol en der sa it ien en oar byhellet. Mar dat Remco mear die as allinnich de polityk en dat hieltyd mear oan it deiljocht komt, wolst graach trochlêze om te witten te kommen hoe’t it sit. En fansels om de grutste fraach: is Sjerp Bak snoad genôch om út de hannen fan ’e plysje te bliuwen?
Te priizgjen falt dat der no ek in (fergees del te heljen) e-boekferzje is fan it kadoboek. Dêrmei wurdt goed ynspile op de hjoeddeiske ûntjouwings. Lykwols is it spitich dat der noch wat bernesykten yn sitte. Faak in spaasje yn in wurd of soms it ûntbrekken derfan. En dat haadstik ien ynienen op ’e nij begjint mei titelbled en al.
Dat binne mar foarmlikheden dêr’t fierders net tefolle gewicht oan jûn wurde moat. Fan in swierder kaliber is it feit dat der yn sa’n relatyf koart ferhaal wol in hiel soad minsken opfierd wurde. In wynhanneler sus, in ynformant sa. Noch in kroechbaas en in bordeeleigner. Dat hie wol krekt wat minder kinnen om it oersichtlik te hâlden. De relaasje dy’t Sjerp Bak kriget mei Geke Jensma wurdt net hiel plausibel makke en giet wol hiel hurd. Mar om’t it foar de spanning fan it ferhaal te’n goede komt, is dat maklik te ferjaan.
Ik soe sizze, keapje gau oan tsien euro Fryske boeken om it kadoboek der fergees by te krijen of helje him sûnder dy oankeap fergees del op www.moannefanitfryskeboek.nl en oardielje sels oer Bak!

Bak
Sietse de Vries
FBP, Ljouwert 2012
ISBN: 978-90-330-0297-7
Ferkeappriis: fergees