Daam de Vries

Kutbinde, dy beropsfriezen

logo.ensafh

Sawat hiel bestjoerlik en amtlik Nederlân is gear oer de kwestje Haren. De fraach is hoe’t ien en oar sa healwiis beteare koe. Myn buorjonge – ien út in modelhúshâlding – hat der ek hinne west. ‘Even de ramptoerist spelen,’ twittere er.

Fan ferskate kanten wurdt mei klam wiisd op de rol fan de sosjale media. Dy hiene wy hjir oars fjirtich jier lyn al. Kaam de knokploech fan Bitgum de Ingelumer kant út. Soks wie – freegje my net hoe’t er it hie – bekend by plysje De Jong. En dêr hiene wy as jonkjes fan in jier as tsien-tolve in soad respekt foar.

Stie plysje De Jong tusken de ploegen yn en sei neat oars as: ‘Jim dat út en jim dat út’. Dat wie it. Bitgumers wer thús, Ingelumers ek.

Sokke plysjes misse wy hjoeddedei. Guon dy’t midden yn de mienskip steane. Skoalmasters wenje net mear yn it doarp dêr’t se oan skoalle stean, dokters hjir te uzes wenje yn Ljouwert en sels dûmny’s hawwe der in hantsje fan de goegemeente as wurkkaptaal te besjen.

De minsken sels bliuwe der lykwols frijwat egaal ûnder. Sizze wat se sizze wolle. Fiere feest as se tinke dat it tiid foar feest is. En kommunisearje soks ek. Bûten it eachweid fan de bestjoerders.

Lit dat no krekt wêze wat der ek yn literêr-kultureel Fryslân spilet. In úthuzige stifting Boeken fan Fryslân, in humoristysk bedoeld Nederlânsktalich ferslach fan it Boekefeest op de side fan De Moanne fan it Fryske Boek. Sa’n 170 foto’s, gjin LFT-eetsjes mar benammen mear fan itselde op it nivo fan groep 6/7 basisskoalle. In min oersjoch fan boekhannels oanlevere fan de Afûk mei in heech gehalte tsiisbuorkerijen en nifelwinkeltsjes. In net te iepenjen E-boek. Om it oer alle staveringsflaters mar net te hawwen.

En as it aanst ûntspoart dan witte de Bûterhoekemantsjes wer net hoe’t it kommen is. Underwilens giet it mar troch. Lykas yn Haren.

‘En it giet mar troch’. Dy útspraak ha ik net fan mysels mar fan in Fryske útjouwer dy’t net sa op it snjit is mei de gong fan saken. Ik tink dat it deselde is as dy’t der op tsjin wie dat Boeken fan Fryslân op de Bûterhoeke yn de brij bedarre is.

Fragmint fan wer in oaren út in mail: ‘En ja, doe kaam it te praat oer subsydzjefûnsen en útjouwerijen. Fansels lieten de minsken oan de oare kant fan de tafel de namme “Afûk” falle. Mar no way!! Wy wolle út noch yn net by in subsidiearre útjouwerij as de Afûk in boek útkomme litte!!’

It binne sinjalen. Se sille lykwols net oankomme. De skoalmaster dy’t… de dokter… en de dûmny…

Plysje De Jong hearde soks wol allegear. Doe noch net fia tsjets mar fia de buorfroulju en de memmen. Dy tsjetteren der op los. Op ’t heden dogge wy soks digitaal. Ek dêrfan hjir wer in fragmint: ‘Twa dingen foardat dit de djipte yn giet. Ien: It is hjoed snein en oant no ta ha ‘k in aardich goed sin. Twa: dy goedwollende lju, wêr wenje dy? En no’t ik dochs dwaande bin ek mar in trije: Ik moat allemachtich noadich skite as we hjir oer troch geane. In oantal petearkes hân op it boekefeest. Ien mei in útjouwer […]. It smoar yn op alles dat mei de promoasje fan it Frysk te krijen hat. […], hy flokte der oer. Oar petearke mei ien fan de Bûterhoeke: De Sutelaksje koe echt net mear. Stel je foar, minsken mei kontant jild yn ‘e bûse, it is net mear fan dizze tiid, blabla. Mar hy fûn my in leuke fint. Ik kin ferdomme wol by Tryater, sa goed kin ik toanielspylje. Do meist riede by wa fan de twa ik dat dien ha. Kutbinde.’

Plysje De Jong. Wy mochten him net mar it is al ivich skande dat er dea is. Hy soe bespeurd hawwe wat der geande is. Hy hat lykwols gjin opfolger krige. Sadat de Bûterhoekehooligans har eigen ynterne ‘social media’ foar de bûtenwrâld ôfskermje kinne. Ut it sicht fan plysje De Jong dus.

Yndied, de ‘kutbinde’.