Fryske literatuer: Unskuldich fermeits

logo.ensafh
Goeiemoarn letterfreonen. Foar’t juster it nijs kaam oer de nije kultuernota, hie ik ûndersteande kollum skreaun as Skroeier foar takom woansdei. Miskien wol aardich om dy tekst dochs efkes mei jim te dielen.

Unskuldich fermeits

Auck Peanstra, skriuwster en bestjoerslid fan It Skriuwersboun, sjocht it glês it leafst healfol, lit se op FaceBook witte. Kollega-skriuwers as Hilda Talsma en Ferdinand de Jong dogge aardich war om mei opfallende boadskippen op ynternet omtinken te lûken foar harren boeken. It is de Moanne fan it Fryske Boek, der binne optredens, moetingen fan literatuer en muzyk, it moat nó wêze. Spitigernôch dogge boekwinkels der noch net bot oan mei. Se sjogge it Fryske boek as in plicht ynstee fan in kâns en nimme gjin kommersjele inisjativen.

Lês fierder by Abe de Vries