
Op freedtejûn 16 novimber 2007 waard yn ‘De Buorskip’ te Beetstersweach de cd Nachtrave fan ’e ‘Wâldrock’-groep Bricquebec presintearre. By dy gelegenheid rekke ik yn petear mei de bruorren Sido en Roelof Wagenaar, respektivelik sjonger-gitarist en drummer yn ’e band Helder. Sjonger-mûlharpist Henk Osinga fan ’e bluesformaasje Chickens Go Mad wie ek by dat petear. Op in stuit kaam de winsklikens om (in part fan) it repertoire fan ’e Ingelske boogierockband Status Quo yn it Frysk oer te bringen en dat dan op cd te setten, te praat. De Wagenaars hiene fuortdalik foar eagen hoe’t soks moatte soe: it soe in prachtich projekt foar Helder wêze en op sa’n wize dy band nij libben ynblaze kinne. Henk Osinga, dy’t yn 2001 mei Chickens Go Mad de Frysktalige cd fan bluescovers Rau, blau en gau útbrocht hie, wie, as ûnderfiningssaakkundige, ek tige optein oer it idee fan ‘Status Quo-yn-it-Frysk’.
Gelegenheidsformaasje
Hoe’t it neitiid allegear krekt yn syn wurk gien is, wit ik net, mar in feit is, dat net Helder, mar Henk Osinga anneks is mei de koartlyn ferskynde cd Stiet as Quo, dêr’t trettjin nûmers fan Status Quo op covere wurde yn it Frysk troch in gelegenheidsformaasje. Osinga nimt yn in pear nûmers de mûlharpe foar syn rekken.
De gelegenheidsformaasje Stiet as Quo is oprjochte troch tekstskriuwer Wiebe van der Mei. Hy is al sûnt de santiger jierren fan ’e foarige ieu in leafhawwer fan ’e ûnkomplisearre, feestlike rock ’n’ roll dy’t Status Quo (noch altyd) makket. Yn 2010 en 2011 hat Van der Mei him dwaande hâlden mei it oersetten yn it Frysk fan sa’n 20 lietteksten fan Status Quo. Neitiid hat er njoggen muzikanten byinoar socht en dy oan it repetearjen set mei dat troch him ferfryske materiaal. Dy muzikanten wiene: Eggie van Kammen (sang), Benny van der Wal (sang), Tim Schwarz (gitaar), Arvan Blok (gitaar), Arne Dieckmann (gitaar), Leo Bergstra (basgitaar), Gert-Jan Vos (keyboards), Maikel Tanger (drums) en ’e al neamde Henk Osinga (mûlharpe). Al gau die bliken, dat der in beskate ‘gemy’ ûntstie tusken de muzikanten ûnder inoar, en tusken harren en it materiaal dat Van der Mei oanlevere hie. Reden om in stap fierder te gean en 13 stikken op te nimmen yn Ernst Langhout syn ‘Studio Landscape’ te Gau. En dat allegear mei oan ’e knoppen (en ûnder produksjoneel tafersjoch fan) Jan Switters. Stiet as Quo hat de cd mei dyselde namme ûnderwilens suksesfol presintearre op ûnder mear it Aaipopfestival te Nijlân yn april en op it Feanhoopfestival yn july fan dit jier.
Represintatyf
Op ’e cd Stiet as Quo is in moai represintative kar út it mânske oeuvre fan Status Quo (oprjochte yn 1967) te hearren. Fan ‘Paperplane’/‘Fleantúch fan papier’ út begjin santiger jierren (de postpsychedelyske tiid fan ’e band) oant it repertoire út ’e grutte suksesperioade fan Status Quo, dy’t foaral yn ’e twadde helte fan ’e santiger jierren foel, mei nûmers lykas ‘Rain’/‘Rein’, ‘Dear John’/‘Sipke’ en ‘Roadhouse Blues’/‘Ma Kelly’s Blues’. Dat lêste is oars in nûmer fan The Doors út 1970, dêr’t de Kanadeeske bluesrocker Jeff Healey letter ek in soad sukses mei hân hat. En de grutste hits fan Status Quo: ‘Don’t Waste My Time’/‘Ik bin net blyn’, ‘Down, Down’/‘Del Del’, ‘Roll Over Lay Down’/‘Rôlje om, jou dy del’ en ‘Rockin’ All Over The World’/‘Rocke troch it Fryske wâld’ stean der ek allegear op.
Unlykwichtich
De oersettings dy’t Wiebe van der Mei makke hat, binne oer ’t generaal knap foar de hearen kommen. Opmerklik is wol, dat er geregeldwei mindere mei treflike rigels ôfwikselet. Soks kin sels yn ien-en-itselde nûmer it gefal wêze! Ik jou twa foarbylden fan dy ûnlykwichtigens. Alderearst út ‘Do hast wat leave dêr’t ik fan hâld’ (‘Something ’bout You Baby I Like’):
Elke dei op ’e buorren
Rinsto oan my foarby
Ik wol dy leare kinnen
Dat fansels net al te geef Frysk is (Elke dei = Alle dagen; leare kinnen = kennen leare).
[…]
En binn’ de ljochten dan út
Dan strúnsto troch myn dreamen
En do joust my in tút
Dat, wat my oanbelanget, skoandere poëtyske rigels binne.
Twad út ‘Ik bin net blyn’ (‘Don’t Waste My Time’). Yn ’e earste strofe fan dat nûmer steane de (idiomatyske) prachtrigels:
As ik de moster net mear sitten sjoch
Dan fiterest do my der noch in kear troch
Mar yn ’e twadde strofe fljocht Van der Mei dan wer út ’e Frysk-talige bocht mei
Ik wurdt (sic!, B.O.) no wat âlder
Mar wat hasto by it ein
(‘it ein’ moat de ein wêze).
En sa binne der ek foarbylden oan te wizen yn ’e nûmers ’Wâldwei’ (’Railroad’) en ’Fleantúch fan papier’ (’Paperplane’).
Sljochte rock
Wat de muzyk oanbelanget, moat sein wurde, dat Wiebe van der Mei in ploech betûfte muzikanten byinoar swile hat: it binne stik foar stik faklju op har ynstrumint of mei har stim. Hjirboppe skreau ik al, dat der repetearjenderwize al gau in soarte fan gemy ûntstie tusken de muzikanten ûnder inoar en ek tusken it Frysktalige repertoire en dy muzikanten. It die bliken, dat it poerbêst wurke: de bluesy boogierock fan Status Quo en ’e Fryske teksten fan Wiebe van der Mei.
In ferskil mei it oarspronklike wurk fan The Quo is der lykwols ek. Status Quo hat nammentlik, nettsjinsteande de ‘stevigens’ fan ’e muzyk, altyd in hiel eigen licht en transparant, suver poppy lûd hâlden. Beharkje it album Live At The N.E.C. (1982) fan Status Quo bygelyks mar ris neist dat fan Stiet as Quo. Dan docht bliken, dat it de gelegenheidsformaasje fan Wiebe van der Mei net slagge is om hiel ticht by dat unike lûd te kommen. De oarspronklike nûmers fan Status Quo sit folle mear muzikaal raffinemint yn as yn ’e Frysktalige wjergaders fan Stiet as Quo. Lêstneamde formaasje hat, by alle kwaliteit, fan fierwei de measte stikken dochs gewoan sljochte rocknûmers makke. Faaks is dat lêste oars ek wol méi op it konto te skriuwen fan ’e earder yn dit stik al neamde knoppeman en einmikser yn ’e studio te Gau, Jan Switters. Net om ’e nocht stiet op ’e efterkant fan it cd-doaske by dy syn namme: ‘as it hard mut’!
Nettsjinsteande wat hjir fuort boppe sein is, achtsje ik Stiet as Quo in weardefolle ferskining yn ’e al mar langer wurdende rige fan cover-cd’s dy’t njonkelytsen yn it Frysk útkommen binne. Nei ûnder mear Brel, Dylan, Vreeswijk, Cohen en Cash, misstiet it monumintsje dat Wiebe van der Mei no foar Status Quo oprjochte hat, dêryn perfoarst net.
Van der Mei-en-dy binne fan doel om yn 2014 fannijs in cd fol mei Status Quo-nûmers yn it Frysk út te bringen. Dat is in goed foarnimmen. De hjir besprutsen skiif Stiet as Quo smakket, yn al syn rjocht-op-en-dellens, nammentlik mearich!
Stiet as Quo: Stiet as Quo (cd); Marista; Dronryp 2012.