
Yn Feneetsje koe ik myn 250e sniebol skoare, in gondel mei dêrin in lytse bol mei ek in gondel.
Oeral yn ’e stêd waarden deselde sniebollen oanbean. Mar by de iene winkel wiene se wol twa kear sa djoer as yn ’e oare en dat wie ek sa mei in gleske bier. En Annek moast € 1,50 betelje for it pisjen.
Fierder duorret it in skoft foardatst dy realisearrest dat de hiele stêd yn it wetter stiet. Patricia Highsmith hat in prachtich, grouwélich ferhaal skreaun oer in ferwûne rôt yn de kelders fan Feneetsje. Mar rôtten hawwe wy dêr net sjoen. It foel ús krekt op dat it nettstjinsteande it drokke ferkear it wetter tige skjin wie. Smite de Italjanen mei it grutste gemak harren ôffal yn de berms, sa net yn Feneetsje.
Fierders hawwe wy fansels alle wrâldferneamde tsjerken, paleizen en hokker arsjitekturele heeghstantsjes dan ek besjoen mar ja, dy wiene my net ûnbekend, omdat se yn elts boek oer keunstskiednis te finen binne. Dêrom sil ik der ek net fierder op yngean. Fan museumbesyk hawwe wy ôfsjoen fanwege de lange rigen dy’t foar de kassa’s stiene. Wol in pear hûndert meter by elk museum. Op affysjes seach ik dat der ûnder oaren tentoanstellings wiene fan Dali en Uercker, no ja, spitich, hoewol’t dy beide keunstners ús ek net folle nijs te bieden hawwe. Mar hawar. Feneetsje is in prachtige stêd. Hoewol ’t my wolris wat yneffisjint liket dat alles mei boatsjes moat. Boppedat: wylst troch al dy kloften toeristen de boaten dy’t it persoaneferfier fersoargje stiiffol sitte, binne de kades hast net om troch te kommen.
Mar myn sniebol ha ik!