
Yn it sintrum fan Brussel hie ik in nije outfit kocht en ik fielde my as Tûfke* yn syn bêste albums, fol entûsjasme, ynsicht en nijsgjirrichheid. Mar werom yn ‘e stêd waard ik belle en it wie ferskriklik: in goeie kunde wie omkaam, ik hearde it nijs no krekt. In lytse kamion wie fan links op him ynriden. Triennen sprongen my yn ‘e eagen en foarby it sealtsje fan ‘e Jehova’s rôp ik: ‘Jezus wêr wiest?’ De fraach wie terjochte, mar in oare fraach likegoed: Wêr wie ik? Ik krige de aginda derby, mar eins wist ik it al. Wierskynlik wer earne yn it bandsjessirkwy.