
Poëzij
Wieren, Atze van – oerset troch Klaas Bruinsma
Bedevaart | Pylgerreis
Staalboek, Veendam 2012
ISBN 97890 7293 8572
Ferkeappriis € 7,50
De Fryske masteroersetter Klaas Bruinsma sette tal fan klassiken oer. Hy krige twa kear de Obe Postmapriis útrikt en hat yn 2007 de Zilveren Anjer krigen foar syn literêre fertsjinsten. Yn de bondel Bedevaart/Pylgerreis fine jo syn treflike oersetting fan de achtentweintich tsjerkegedichten fan Atze van Wieren út
dy syn bondel Bedevaart, dy’t yn 2011 by útjouwerij IJzer yn Utert ferskynde. It binne sprankeljende, krêftige oersettingen, yn in Frysk sa’t jo dat hjoed de dei noch mar komselden hearre. Neist de oersetting stiet yn dizze bondel ek de Nederlânske tekst.
De parse oer Bedevaart:
Ljouwerter Krante: ‘syn behearste, raffinearre wize fan tinken en dichtsjen behoedet Van Wieren foar sentimintaliteit. It lotteret de útsprutsen gefoelens en hâldt de langstme oprjocht.’ (Eppie Dam)
Deiblêd fan it Noarden: ‘it sykjen nei sinjouwing, ferdjipping en gearhing. Nei himsels. Poëzij as oplossing fan it wrâldriedsel.’ (Joep van Ruiten)
Proaza
Boelens, Corrie
Wa fertelt de takomst?
KFFB, Dokkum 2012
ISBN 97890 7491 8923
Ferkeappriis €16,00
Haadpersoan Wytske hat, nei har skieding, de beide dochters Sandra en Fenna allinnich grutbrocht. No binne dy folwoeksen en ta de doar út. Dat seit net dat Wytske it har no oan tiid dwaan kin. As pedikuere hat se in eigen drokke praktyk. Fierders binne der ek in soad saken dy’t omtinken freegje. Altyd allinnich mei dy problemen ompakke is net maklik. Safolle ûnbeäntwurde fragen en de takomst liket bytiden ûnwis.
De dochters hawwe harren eigen problemen. Fenna kriget gjin bern en dêr hat elkenien yn de neiste famylje it dreech mei. Benammen har mem, mar Sandra ek, dy’t yn in pear jier tiid twa bern kriget. Is der in mooglikheid om har suster te helpen?
Tolkien, J.R.R – oerset troch Anne Tjerk Popkema
De Hobbit – of Dêrhinne en Wer Werom
Elikser, Ljouwert 2011
ISBN 97890 8954 4742 (hardback) | 97890 8954 1123 (paperback)
Ferkeappriis € 29,95 | € 20,-
Jubileumútjefte fan dit Obe Postmapriiswinnende boek! It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy’t ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen.
Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn ‘e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr’t Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.
Dit klassike ‘berneboek foar folwoeksenen’ fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy’t de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat.
De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset. De linige, hjoeddeiske oersetting is fan Anne Tjerk Popkema.
Non-fiksje
Rauwerda, Reimer
Auke Rauwerda – Liever kleine baas dan grote knecht
Wijdemeer, Ljouwert 2012
ISBN 97890 8185 2159
Ferkeappriis € 19,50
Yn 1932 besleat Auke Rauwerda, doe’t er wurke by Fabers Haardenfabriek, om foar himsels te begjinnen. “Liever kleine baas dan grote knecht.” Oan de Westerplantage yn Ljouwert begûn er in hannel yn klompen, skjinmakkers- en húshâldlik guod mei as namme ‘Noord Brabantsche Klompenhandel’.
Yn de rin fan de jierren groeide dy winkel út ta in labyrint fan gebouwen, dêr’t in hast ûnbegrinze foarried opslein leit. It boek Auke Rauwerda – Liever kleine baas dan grote knecht docht ferslach fan de bjusterbaarlike ûntjouwing fan dat lytse winkeltsje ta in saak dy’t in begryp is oant fier bûten de grinzen fan Fryslân. Dêrneist litte gâns foto’s yn dit boek jo efter de skermen sjen by dit bysûndere bedriuw.
Berne- en Jongereinboeken
Schaapman, Karina – oerset troch Mindert Wijnstra
It Mûzehûs II – Sam & Julia yn it teater
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012
ISBN 97890 3300 2663
Ferkeappriis € 16,95
Sam en Julia, de twa mûzebern dy’t wy al kenne út it earste, suksesfolle boek fan
Karina Schaapman en oersetter Mindert Wijnstra, belibje nije aventoeren yn Sam & Julia yn it teater. Sam krijt in nij freondintsje – wat Julia net echt SUPERleuk fynt – en mei syn trijen meitsje se in foarstelling foar it teater. Mar der bart noch folle mear: Sam fynt bygelyks in hiele seldsume moaie stien… Wat soe dat no wêze?
De mûzebern geane op besite by in ECHTE keunstner. Al lêzendewei sjogge wy wer in hiel soad nije keammerkes fan it mûzehûs.
De parse wie SUPERentûsjast oer it earste boek: ‘Net earder waard der foar bisten sa’n moai nêst boud as It Mûzehûs fan Karina Schaapman,’ skreau NRC-Handelsblad. En Trouw fûn: ‘Komselden hie in debútprinteboek sa’n fleanende start.’
Oersettings fan dat boek ferskynden yn mear as tsien lannen, ûnder mear Japan, Korea en Australië. Boppedat waard de útjefte bekroand mei de Zilveren Penseel.
En fierder…
Afûk : TRIJE FRYSKE TOP-ROMANS FOAR € 10,00
No by de Afûk, trije Fryske top-romans foar € 10,00.
Dit foardielige pakket út de rige ‘Afûk’s bêst ferkochte’ bestiet út: It Ferset fan Harmen Wind, Eilândochters fan Wilco Berga en Oxzana fan Marga Claus.
It ferset – Harmen Wind
In ynkringend ferhaal oer in heit en in soan dy’t elkoar net berikke kinne. De soan besiket syn jeugdjierren troch de eagen fan syn heit te besjen. De heit is slim siik en ferset him oan it lêste ta tsjin syn dea. Yn de weromblikken spilet ek it ferset yn ‘e oarloch in beskieden rol.
Eilândochters – Wilco Berga
Yn ’e simmer fan 1991 wurdt yn ’e dunen fan Skylge in achttjinjierrige jonge dea fûn. Al gau wurdt dúdlik dat der geweld yn ’t spul wie. Mar fan de dieder gjin spoar.Tsien jier letter stiet Arend Boomsma, destiids freon fan de jonge, en no wenjend yn Spanje, foar in dilemma. Syn heit, oannimmer op it eilân, is ûnferwachts stoarn. Arend begjint in oan in reis werom, sawol yn letterlike as figuerlike sin.
Oxzana – Marga Claus
De Oekraynske studinte Oxzana hat fan har kommunistyske heit meikrigen dat je better net mei bûtenlanners omgean kinne. Dochs fynt se, op de universiteit fan Kiev, yn de Afghaanske filosofystudint Ghalil har grutte leafde. Tsien jier letter sjocht Oxzana yn Nederlân werom op har libben, dat begûn as in mearke en útrûn op in boaze dream.
Op kommende wei
Ein oktober ferskynt fan Eeltsje Hettinga de dichtbondel Ikader.
Skilder Sjoerd de Vries makke spesjaal foar dizze bondel de tekening, tagelyk ek de omslachyllustraasje fan dizze bondel.
Gert Jan Slagter tekene foar de opmaak en foarmjouwing.
‘IKADER, IKADER,
DÊR GIESTE, DÊR GIESTE
DO FADERTJE, FADERTJE
FERLIEZEND DE IERDE,
DE IERDE.’
Hettinga, Eeltsje
Ikader
Gerben Rypma Stifting, Blauhûs 2012
ISBN 97890 8158 1806
Ferkeappriis € 17,50
Ein novimber ferskynt by Weidemeer in boek fan prof. Ph. H. Breuker oer de Greidhoeke. Yn dit ryklik yllustrearre en mânske wurk (sa. 480 siden) beskriuwt de auteur de skiednis fan dit gebiet dat rûchwei tusken Ljouwert, Harns, Snits en Boalsert leit, oant 1800.