
‘Hören Sie die Kinder der Nacht singen?’ Klaus Kinski tsjin Jonathan Harker yn Nosferatu. Werner Herzog 1979. Wat kin ik? Kin ik oars dan? It is nacht Dy’t my ropt Moat gean oant Earste stop Klokslok de flok Bierpompen jankerje FE-DE-MA It bline liet fan flessehals Sjongt oare halzen ta Ja, op paad bin ik strieljend moai Gleone sûplaplever Keizelhurd yn ’e lea Baarnende floeistof Skomjend batst yn Kalken poppebealch Pine wykt It wurdt letter en letter Wis ik wit ik sil Foar altyd bestean Net besocht troch dea Yn ieren brûst ivich bloed O sok sterk wetter.