Ferdinand de Jong

Haadpriis: in deakiste

logo.ensafh

Myn earste kollum foar Ensafh. Doe’t ik frege waard oft ik wol ris in stikje skriuwe woe, ha ’k dêr lang oer neitocht. Sa lang dat der in stik as wat mails op my ta kamen, sa fan: bist hast út ’e rie? Ja, mar ik skriuw leafst net oer literatuer, dêr wurdt al sa’n soad oer skreaun. Dat wie gjin probleem.
Sil ik it mar oer literatuer ha, dan? Of lektuer. Ek goed. Komt er.

Foar my leit in glossy. Ien mei fan dy krekt wat te glêde siden. De Linda, de Foppe, jim kenne se grif. It komt der faak op del dat der gjin flikker yn stiet en dêrom binne se net oan te slepen. Reklame foar guod dat je nea keapje sille, of jo moatte jild oer, en in tik fan VT-wonen en Landleven meikrigen ha. Eigenaardich is ’t, soks wolle de minsken besjen.
Myn glossy is wat oars. Nee, de siden binne like glêd, mar hjir stiet wol wat yn. It ding kostet yn de winkel € 7,95. Dat is dus 17,51 gûne (!) Hoe doarre se it te freegjen. Ik ha him fergees, it is fakliteratuer, sjoch.
Wêr ha we it hjir dan oer? Thema Tijdschrift Begraven. Moai omkaft mei in solitêre ikebeam op de ivige jachtfjilden fan Windows, sa sawat.

Trije topartikels, neffens de foarside. Lees en huiver:
1: Earm en ryk: mei trije frjemden yn in grêf of in mausoleum fan twa euro ton.
2: Youp van ’t Hek is noch net oan bedobjen ta, oare BNers wol.
3: De nijste trends: natuerbegraafplakken, boppe de grûn begrave (!) en werom nei it famyljegrêf. In tige hippe glossy, dus.

En dan ha je fansels de ûnûntkombere puzel noch. Yn dit gefal is de kar fallen op in wurdsiker. Mei trije prizen.
As jo de tredde priis winne kinne jo rekkenje op in eksimplaar fan it yllústere blêd Doodgewoon, allinnich noch yn antikwariaten te finen.
De lokkige man as frou dy’t as twadde eindiget: in eksklusive ekskurzje op begraafplak De Nieuwe Ooster yn Amsterdam en it Uitvaartmuseum.
En tadaaa: de haadpriis is in deakiste. Mar net samar in deakiste, by jo libben te brûken as boekekast. Dat liket my no de ultime priis foar in Fryske skriuwer lykas ik.

Der is goed oer dy kiste neitocht. Hy hat sân plankjes, dêr’t jo de boeken op sette kinne. Dy plankjes foarmje meielkoar dan wer it deksel. Jo kinne de kiste ek op de kop delsette, de foarmjouwer hat him sa makke dat er dan presiis oer de plint by jo yn de keamer falt en dus moai strak tsjin de muorre stiet. Soa. No de puzel noch efkes oplosse.

De Joast Halbertsma, de Obe Postma, de Fedde Schurer, de Gysbert Japicx, de Rely Jorritsma, de Piter Jelles en de Rink van der Velde. Dat binne sa’n bytsje de literêre prizen dy’t we hjir ha. It stik as sân, dat is dochs wol tafallich, fine jim net?

Wat sei…?

Tip fan de ûntwerper fan de kiste: it deksel yn etappes slute, de deade ferdwynt dan stadich út byld. Dat jout de famylje de tiid om weardich en yn harren eigen tempo ôfskie te nimmen.

Tsja, dizze glossy kin noch jierren mei. As ik de kiste win, lit ik him nei oan de bern. Ik wol net bedobbe wurde, en opbaarne is skande foar sa’n prachtich moaie design-kast. Mei oare wurden: lang libje it Frysk.