Geart Tigchelaar

Froulju mei in ferline

logo.ensafh

Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan

Aggie van der Meer (1927) hat by Elikser en Frysk en Frij twa novellen fan har yn ien bân útjûn. It binne op it earste each twa folslein ferskillende ferhalen, sa’t ek Doeke Sijens skriuwt yn ’e LC. Lykwols sinjalearret Jelle van der Meulen dochs oerienkomsten. Yn beide is de haadpersoan in frou en einiget it net posityf. Se binne tekene troch it libben en wat oaren foar ynfloed op harren hân hawwe. Mar de grutste oerienkomst is de typyske styl fan Van der Meer dêr’t de ferhalen yn optekene binne. Dy is ‘tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn,’ sa’t sirkwy.nl it omskriuwt.

In moaie dei yn ’e hjerst

It earste ferhaal giet oer in âldere frou dy’t op ’e ein fan har libben rint en fan de buorman moat se har libben noch beskriuwe. It binne benammen tinzen oer earder dy’t by har op komme en guon koarte sênes mei de buorman en ‘it famke’. It hat in meast filosofyske ynslach der’t it folgjende sitaat eksimplarysk foar is. Tagelyk jout it yn ien sin eins in gearfetting dêr’t it yn it ferhaal om draait.

De dingen fan alle dagen fuorren it tinken en dus feroare it tinken oan de dingen fan alle dagen, dy’t bûten it tinken om, sels ek feroaren. (s. 29)

De oarloch hat djippe spoaren achterlitten dêr’t se gauris op weromkomt. Allyksa de rol fan ’e tsjerke yn har libben. De ik-persoan hat yn har libben ek ris koarte ferhalen skreaun dêr’t in pear de revu fan passearje. Mar benammen it ferlet dat se wollen hie dat se mear mei mannen ‘omslein’ hie. Dat ferlet wurdt namste sterker om’t ek de buorman wol wollen hie dat hja deselde âldens hân hienen om sa wat mei-inoar begjinne te kinnen. Dat kriget oan ’e ein suver wat oandwaanliks wannear’t de buorman de skriften ophellet dy’t hja folskreaun hat.

It hiele ferhaal is tige fragmintarysk en anekdoatysk. Om dy reden steane der hjir en dêr kwasy-wiisheden yn wat in lichte yrritaasje oproppe kin, om’t it wat goedkeap oandocht. In foarbyld is wannear’t de auteur de buorman sizzen docht: ‘Nee, ik bin no in âlde man, wat byleard, mar net wiis wurden.’ (s. 87)

In punt dat wier argewaasje opropt is de hoemannichte oan name-droppings yn it boek. Dat hie yn sa’n relatyf koart ferhaal wol wat minder kinnen. Aardich is wol dat it net allegearre nammen út eardere tiden binne, mar ek in gedicht fan de dichter des Vaderlands Ramsey Nasr wurdt oanhelle.

Lykwols wurdt dat mear as rêden troch neikommend sitaat, wat mar in tipke is fan in langere alinea:

Soms is der in bern dat by in ûndjippe dobbe op ’e hoksen sit om nei de lytse krabkes te sjen en nei de slakken en wjirmen. Alles is heel ljocht, der is gjin sinne, gjin wyn, it is net kâld en net waarm. Se moat der noch achter komme wa’t de stille deaden dêr brocht hat en hoelang’t se dêr bliuwe. Se wit ek net wêr’t se op wachtsje. Miskien op ’e ingel dy’t se ien foar ien tipt mei har wjukken. (s. 53-54)

Wa rêdt Cesilia Tan

Yn dit ferhaal sit mear in plot. Dat komt om’t it ferhaal út ferskate eachweiden wei skreaun is, meast út de manlju wei dy’t harren troch de eachferblynjende skientme fan Cesilia Tan beynfloedzje litte en graach wat fan har wolle.

It ferhaal is tige kompakt en hannelet oer it koarte ferbliuw fan Cesilia yn in lyts doarpke en de opskuor dy’t dat feroarsaket. Om’t se der mar koart is – want yn it begjin fan it ferhaal wurdt al dúdlik dat se harsels te koart dien hat troch in swikje pillen yn te nimmen – is har kommen en gean net oars as in ronfeling yn it wetter dy’t stadichoan wer wei wurdt.

Al sil foar guon fan de manlju har gean wol gefolgen hawwe, want kapelaan Eduard Tops hat krekt wat té faak by har oer de flier west. Dêrom ‘soenen letter ek fragen oer him komme’ (s. 103). Der wurdt skreaun dat er by oare parochianen perfoarst net de doar platrint, somtiden sels net by nije ynkommers delgiet. Cesilia Tan is dy eare wol tagedien.

De amtner Jane Bracht dy’t wurksum is op Grienbehear wurdt ek biologearre troch har komst en set in soarte fan ûndersyk yn om’t Cesilia in mysterieusk ferskynsel is. Sa wurdt him dúdlik dat har ferline skier en net botte fraai is. Dat is krekt dêr’t Cesilia hieltyd mei omtangelet en úteinlik nimt se de stap om mei har styfheit Johan dy’t dêr mandélich oan is ôf te weven, sa’t se sels ferwurdet. Dat rekket har swierder as dat se grif earst yn ’e rekken hân hat.

Lykas al sein is it ferhaal kompakt en de styl fan har skriuwen slút der prachtich op oan. Sa seit in sin op side 103 in soad:

Slagge it de manlju mar amper om de eagen droech te halden, de froulju lieten de triennen ryklik floeie, al run der mear as fertriet oer de bepoeiere wangen.

Dêr’t de âlde frou yn In moaie dei yn ’e hjerst hieltyd yn it ferline omskaait, libbet de jonge frou yn Wa rêdt Cesilia Tan noch yn dat ferline dat se mar net kwyt wurdt. Wurdt se it kwyt, wurdt it har fataal, dêr’t de âlde frou it einleas op ’e nij belibbet.

Aggie van der Meer hat dêrmei twa novellen yn ien boek ôflevere dy’t op it earste gesicht net it measte mei inoar te krijen hawwe. Lykwols binne beide skreaun yn ’e raffinearre styl fan de skriuwster. Yn beide ferhalen sit genôch dat net yn ien kear lêzen útfiske wurde kin.

In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan

Aggie van der Meer

Elikser-Frysk en Frij útjouwerijen, Ljouwert 2012

ISBN: 978-90-8566023-1

Ferkeappriis: € 18,50