Piter Boersma

It Fryske literêre libben (9): De yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis fan de provinsje Fryslân ‘Grinzen oer’ nimt de ferkearde wei

logo.ensafh

Grinzen oer?

De ‘Integrale beleidsnota cultuur, taal en onderwijs Provincie Fryslân’ hat as titel Grinzen oer meikrigen. Yn it foaropwurd stiet ûnder hokker flagge de nota stiet: ‘Onze hoofdstad Leeuwarden is in de race voor de titel Culturele Hoofdstad 2018. Die kandidatuur ondersteunen wij met de volle 100 procent. Bijvoorbeeld met onze plannen voor de komende jaren. De lêste sin fan it foaropwurd giet sa: ‘Fryslân heeft deze rijkdom. Een prachtbezit, dat we graag aan de buitenwereld willen laten zien.’ Mei ‘deze rijkdom’ wurdt it neikommende bedoeld: ‘Het Fries geeft kracht. Dat geldt ook voor de andere talen die in onze provincie worden gesproken. Meer talen betekenen meer toekomst.’

Wat hâldt it boppesteande yn mei it each op wat de nota foar de literatuer yn it fet hat? Ien ding: ‘Om de Friese literatuur een groter podium te bieden dan onze provincie, ontwikkelen we samen met het Nederlands Letterenfonds en Tresoar de brochure Books from Fryslân … Het is daarom belangrijk om een goede ambassadeur, een zogenaamde intendant voor de Friese literatuur te vinden die de Friese literatuur een warm hart toedraagt … De Nederlandse delegatie zal op de (Frankfurter) Buchmesse versterkt worden met deze Friese intendant.’ (s. 28-29).

Oangeande dit punt binne twa dingen op te merken.

Ien: de ôfrûne fyftjin jier ha der ûnderskate inisjativen west, fan Tresoar (dy’t dêr in literatuerbefoarderer foar ynsette koe) yn de mande mei it Nederlands Productie- en Vertalingenfonds (de foargonger fan it sûnt in jier besteande Nederlands Letterenfonds) en fan yndividuele útjouwers om Fryske boeken oerset te krijen yn it Nederlânsk en Fryske útjouwers ha ek sels Nederlânske oersettingen útbrocht. Al dy inisjativen wiene gjin sukses en strukturele winst ha se net of amper opsmiten. Men kin wol stelle dat it krewearjen fan yndividuele skriuwers – dy’t al of net ek yn it Nederlânsk publisearren of dy ambysje hienen – om har boek yn oersetting by in Nederlânske útjouwer útjûn te krijen yn guon gefallen wol in pear suksessen sjen lit.As we sjogge wat de ôfrûne jierren opsmitenha is der gjin inkele reden om te tinken dat mei in nij soarte yntindant in feroaring ta stân brocht wurde kin. Yn it by de nota hearrende rapport Bundeling van conclusies van evaluatierapporten op de beleidsterreinen cultuur, taal en onderwijs is hjiroer neat te finen. Wat is der oant no ta ferkeard gongen en wêrom soe it doe dan no wol slagje kinne? Ik doar te wedzjen dat dêroer en oer de helberheid fan ien en oar net in tel neitocht is. Wêrom komme de Nederlânske útjouwers net ta útbringen fan oersettingen fan Frysktalige literatuer? Ha se der gjin belang by? En as Nederlânske útjouwers dat net hawwe, wêrom soene bûtenlânske útjouwers dat dan wol hawwe? Wat binne de drompels? En soe dat mei help fan yntindant wol mooglik wêze om oer dy drompels te kommen?

Ik doar te stellen dat it ynhieren fan in yntindant as troch de provinsje bedoeld, hoe dan ek weismiten jild is, yn alle gefallen as dat net bart op basis fan in deeglike analyze fan de situaasje fan de Fryske literatuer.

Dat bringt my by de twadde opmerking dy’t ik meitsje wol: it opfallende oan de nota is dat oer de situaasje oangeande it Fryske poadium, breder steld de situaasje fan de Fryske literatuer sels neat te finen is.

It sil dochs by de provinsje ek bekend wêze dat it ûnder de minsken bringen fan Fryske literatuer stûket of skerper steld, op essinsjele fronten ynstoart is. De ferkeap fan Fryske boeken fia de boekhannel is slim achterútrûn en de oanwêzichheid fan in knappe kolleksje Fryske boeken yn ’e skappen fan de boekhannel komt net mear foar, útsein dan yn de boekwinkel fan de Afûk. Dêrnêst is der gjin sutelaksje mear. Wat binne de oarsaken dêrfan? Binne der net genôch lêzers mear foar Fryske boeken? Ha de boekhannels har prioriteiten ferlizze moatten? Wêrom rûn de ferkeap yn de sutelaksje achterút? Wêrom is de stichting It Fryske Boek – dy’t de sutelaksje organisearre – ynstoart?

Om’t de ferkeap fan Fryske boeken achterútrûn is en it provinsjaal subsydzje foar de útjefte fan in boek minder wurden is, is it foar útjouwers dreech om Fryske boeken út te jaan.

En om’t de útjouwers yn in drege posysje sitte wat it útjaan fan Fryske boeken oangiet, sitte de auteurs fan dy boeken dat ek: se ha minder kâns om útjûn te wurden, harren ynkomsten rinne achterút, se komme yn in situaasje te sitten dat se sels jild meibringe moatte om in boek útjûn te krijen.

Ek no binne der noch keapers fan Fryske boeken, ek no binne der noch útjouwers fan Fryske boeken, ek no binne der noch skriuwers fan Fryske boeken, mar de saak stiet der net florissant foar.

Der is mar ien konklúzje mooglik: de provinsje stapt mei ‘De grinzen oer’ om it alderearste, it werklike probleem dat der leit hinne en it plan fan in yntendant en alles wat dêrby heart, kin dêrom allinne mar ynterpretearre wurde as in flecht nei foaren.

Hoe kin de provinsje miene dat de Fryske literatuer de wrâld yn kin as de situaasje yn ’e eigen krite abominabel is en net tarikkend as basis om kwaliteitsliteratuer ta stân te bringen. Op syn bêst sil dat by útsûndering sa wêze en dan nettsjinsteande de algemiene situaasje.

It plan fan de provinsje is yn it ljocht fan de reële mooglikheden oer it oer de grins bringen fan de Fryske literatuer slim nayf en sjoen de situaasje fan de Fryske literatuer yn ’e eigen krite ûnfoarstelber.

Debutantebeurzen?

Yn de noat stiet it sa: ‘Om schrijvers te stimuleren willen we met schrijversbeurzen gaan werken. Wij denken aan zo’n vijf schrijversbeurzen op jaarbasis. Voor de Friese literatuur is het van belang dat er nieuwe talentvolle schrijvers bij komen. Daarom zullen we debutantenbeurzen introduceren. Daar schenken we na de jeugdliteratuur aandacht aan, door in het tweede of derde jaar van deze beleidsperiode vijf beurzen voor dit doel beschikbaar te stellen. Verder kan natuurlijk ook bekeken worden welke andere genres in de Friese literatuur extra aandacht verdienen.’

Hjir falt it folgjende oer op te merken. It is sjoen de werklike situaasje in yllúzje om te tinken dat elk jier fiif talintrike Fryske skriuwers opstean. Dat wit ik út myn jierrenlange ûnderfining wei as útjouwer, tydskriftredakteur en belutsene by ûnderskate projekten foar begjinnende skriuwers. Se sille der deagewoan net wêze en dan moat sa’n oanbelangjende debutant ek noch mar ris in talint wêze dat daliks wat delsette kin. In beurs foar allinne debutanten is dêrom net sinfol en weismiten jild. Dan moat men jin ek de fraach stelle oft it nêst de mooglikheid foar skriuwers om yn oanmerking te kommen foar in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds noch nedich is dat de provinsje mei in eigen beurzestelsel komt. As men dat wol moat men dochs oanjaan wêrom. En dat wurdt yn de nota net dien. It hat tinkt my allinne doel as der in werklike needsaak foar is, dat wol sizze dat te min Fryske skriuwers foar in wurkbeurs fan it Letterenfonds yn oanmerking komme of as men fynt dat foar de Fryske literatuer wichtige skriuwers mei de hichte fan in wurkbeurs fan it Letterenfonds en de ferkeap fan harren boeken net genôch ynkommen generearje kinne om beropsskriuwer wêze te kinnen.

It is fansels ek in yllúzje om te tinken dat mei in slúf mei jild in skriuwer út ’e grûn te stampen falt. Jild is allinne goed bestege as it tadield wurdt oan in skriuwer dy’t him wiermakke hat, yn alle gefallen genôch sjen litten hat om der aardich wis fan te wêzen dat er de wurkbeurs wurdich wêze sil.

Men soe it tema ‘Wurkbeurzen’ ek noch yn ferbân bringe kinne mei it oer de grins bringen fan de Fryske literatuer. Soene der om wat tsjin de drompels op dat mêd te dwaan net wurkbeurzen jûn wurde moatte om de talinten dêr’t men fan tinkt dat se werklik in boek skriuwe kinne soene dat de grutte wrâld yn kin as se har dêr mei in finansjele stipe foar frijmeitsje koene. Om kwaliteit te krijen moat der yn minsken dy’t dy kwaliteitta stân bringe kinne ynvestearre wurde.

Mar yn alle gefallen sil by it plan fan ’e stimulearringsbeurzen om ta wat sinfols te kommen de beheining ta debutanten fan tafel moatte.

Literêre prizen

It útstel fan Deputearre Steaten is om troch te gean mei mar ien literêre priis: ‘De Friese literatuur kent de Gysbert Japicxpriis. Waar het om proza gaat wordt dit, meer dan tot nu toe het geval was, een oeuvreprijs. Het prijzengeld gaat omhoog naar € 10.000. We geven meer cachet aan de prijs en de uitreiking en belonen de winnaar met een vertaling in het Nederlands of in een andere taal. De prijs wordt, net als nu, eens in de twee jaar uitgereikt. We handhaven het onderscheid tussen proza en poëzie door de prijs beurtelings voor proza en poëzie uit te reiken.’ (s. 9)

Dat betsjut dat de debutanteprizen de Fedde Schurer-priis en de Fedde Schurerpriis en de oersetpriis de Obe Postma-priis ferdwine.

Ik merk it folgjende op.

Yn de Bundeling van conclusies van evaluatierapporten op de beleidsterreinen cultuur, taal en onderwijs is net te finen wêrom’t it besteande stelsel ferdwine moatte soe. Alle prizen, op ien nei, funksjonearje dan ek skoan. Allinne de Fedde Schurer-publykspriis funksjonearret net. Debuten binne noch fierhinne ûnbekend by in grutter publyk en by in publykspriis is it der krekt om te rêden dat dat gruttere publyk syn stim hearre litte moat.

De Gysbert Japicx-priis is sûnt de earste útrikking derfan yn 1947 in prestizjeuze, wichtige en stimulearjende priis bleaun, krekt troch it karakter derfan. Ek de jongere Fedde Schurer-priis en Obe Postma-priis ha gewicht.

Hoe komt men der yn ’e goedichheid by om wat goed is te ferfangen troch wat no krekt de dea yn ’e pot wêze sil. Ynstee fan foar ferrassing en dynamyk – en dat ymplisearret dochs Grinzen oer, kiest men by de Gysbert Japicx-priis nuvergenôch ‘meer dan tot nu toe het geval was’ foar in oeuvrepriis, (mar wêrom dan allinne foar it proaza?). It belang en de aardichheid fan de Gysbert Japicx-priis is de mooglikheid om it bêste út in perioade of eventueel it wichtige oer in lange perioade te bekroanen. De Gysbert Japicx-priis tanket syn belang benammen oan de earste mooglikheid. Krekt troch it karakter dat de priis no hat, stimulearret er de ûntjouwing en fernijing fan de Fryske literatuer en lûkt er it omtinken.

It útstel yn ’e nota kin net oars kwalifisearre wurde as wat dat út ûnbegryp berne is. In ferklearring foar de kar dy’t yn de nota dien wurdt kin ik eins mar ien ferklearring fine: foar elk fjild (literatuer, wittenskip, muzyk, toaniel, arsjitektuer ensfh.) ien priis. Mar dan krijt it spesjale belang en it spesjale plak fan de Fryske literatuer foar Fryslân net syn gerak.

Wat ha wy hjir?

Ik wol noch komme op wat dat ek yn deBundeling van conclusies van evaluatierapporten op de beleidsterreinen cultuur, taal en onderwijs …. stiet: ‘Beliedsmjittich ramt foar dizze nije provinsjale Notysje Letteren is de Kultuernota Finsters iepen! Kultuerfisy 2009-2012. Wichtich útgongspunt fan dy notysje is dat wy it tenei net mear allinne hawwe oer Fryske keunst, mar it breder lûke, en tenei sprekke fan keunst yn Fryslân. Nei analogy fan de nije kultuernota hawwe wy it yn it ramt fan dizze Notysje Letteren tenei dan ek oer Literatuer yn Fryslân. Troch de skieding tusken Fryske literatuer en literatuer yn Fryslân beliedsmjittich op te heffen, kin der tusken dyjingen dy’t yn it Nederlânsk skriuwe en dyjingen dy’t yn it Frysk skriuwe ek in synergy plakfine. Doel is dat ien en oar de ferjonging en ferbreding fan it literêre fjild yn Fryslân te goede komme sil en de Fryske literatuer wat út de “incrowd-sfear” hellet. Konsekwinsje fan dit útgongspunt is al dat de kritearia fan de besteande regeling “útjaan Frysktalige boeken” op ’e nij besjoen wurde moatte sille. Nederlânsktalige boeken fan Fryske auteurs, útjûn by in Fryske (literêre) útjouwer soene, yndachtich dit útgongspunt, tenei ek foar subsydzje yn oanmerking komme moatte.’ (s. 19)

Wêr bedarje en binne wy dwaande as soks wierheid wurde soe? Yn de kultuernota sels stiet by einsluten net mear as dit oangeande de boekesubsydzje.

Yn de nota is op s. 30 ûnder de fermelding ‘Wij willen nieuw perspectief bieden voor het aanbod, de afzet en de productie van Friese literatuur. Ook willen wij het lezen van Friestalige literatuur stimuleren, omdat diezelfde literatuur een cruciale rol speelt in het onderhoud en de overdracht van de Friese taal naar een volgende generatie’ en nei de fraach ‘Wat gaan wij daarvoor doen’ wat dat oangiet telâne kaam: ‘Subsidiëren van het uitgeven van Friese literatuur’.

Mar wat sit dêrûnder/ Wat stiet ús noch te wachtsjen?

Wat soe wier en direkt helpe foar it ferbetterjen fan de situaasje fan it skriuwen, útjaan en fersprieden fan Fryske literatuer?

Foar it skriuwen en útjaan soe in ienfâldige yngreep dien wurde kinne. Jou fuortoan foar it útjaan fan in boek wer safolle subsydzje dat in útjouwer it risiko nimme kin en dat tagelyk de auteur in garandearre honorarium krije kin. As twadde soe de provinsje jild stekke moatte yn it ferbetterjen fan de ynfrastruktuer op it mêd fan de fersprieding en ferkeap fan Fryske boeken. De nota jout net it goeie sinjaal, slacht in ferkearde wei yn. By de provinsje soe it adagium net wêze moatte ‘Grinzen oer’ mar ‘Yn eigen krite de saak op oarder’.

Eardere ôfleveringen fan It Fryske literêre libben:

Nû. 1

Nû. 2

Nû. 3

Nû. 4

Nû. 5

Nû. 6

Nû. 7

Nû 8