
– Poëzij –
Dam, Eppie
Mem sjoch boi
Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2012
ISBN 97890 3300 3462 (80 siden)
Ferkeappriis € 15,-
Eppie Dam is bekend as dichter, skriuwer fan berneboeken en koarte ferhalen en novellen en as biograaf fan Abe Lenstra, Foppe de Haan en Henk Kroes.
Syn nijste dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzij oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp.
Yn seisenfyftich foarmfêste fersen mei omearmjend rym siket Eppie Dam nei de M fan Mem. Fertroude assosjaasjes lykas leafde en beskerming foarmje de moaie kant fan har ferhaal. Mar in mem is ek in minske, mei ûnrêst en pine, post-natale en oare depresjes, blokkades, eangst om te falen. Neist memmen tichtby hûs, bedichtet Dam op ferrassende wize memmen út ’e byldzjende keunst, de literatuer en de bibel.
Wybenga, Jan (Warten 1917 – Grins 1994)
Samle Fersen
Frysk en Frij, Ljouwert 2012
Ferkeappriis € ?? (de presintaasje fan dit boek is sneon 24 novimber)
Jan Wybenga wurdt wol beskôge as de belangrykste moderne dichter yn de Fryske literatuer. Hy wûn twa kear de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre ûnderskieding foar Fryske literatuer. Yn dizze útjefte wurdt Wybenga syn dichtkeunst no foar it earst sammele mei syn byldzjend wurk. Diel Iomfiemet it poëtysk oeuvre fan Wybenga – oer de trijehûndert fersen út syn acht dichtbondels, sa’n 225 net earder bondele gedichten, krapoan fjirtich oersettingen en koarte teksten. Mei in skôging fan Abe de Vries en bydragen fan Teake Oppewal, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas en Piter Yedema. Op in tafoege cd stean tweintich fersen dy’t de dichter sels oait foardroegen hat.
Diel II befettet in bondel mei autobiografysk skildere ferhalen en dêrneist oare proazastikken yn in kollaazje oer libben en wurk. Keunsthistoarikus Huub Mous skôget yn dat diel boppedat Wybenga syn byldzjende keunst. Ut de katalogus fan sa’n 260 akwarellen, gouaches, monoprinten en tekeningen, binne hast 200 reproduksjes yn kleur opnommen.
Op sneon 24 novimber (soe earst 28 septimber) wurdt in sympoasium organisearre oer it wurk fan de dichter Jan Wybenga mei de oanbieding fan syn Samle fersen. Ek is yn Museum De Súdwâl yn Warten in oersjoch fan Wybenga syn byldzjende keunst (gouaches en akwarellen) en syn libben en literêr wurk te sjen yn de útstalling: Wybenga yn byld en wurd.
Grypstra, Ate
Grutte Pier: Krús fan de Hollanner
Afûk, Ljouwert 2012
ISBN 97890 6273 9288
Ferkeappriis € ?? (te keap fan 12 novimber ôf)
It ferhaal fan Grutte Pier: Krús fan de Hollanner spilet yn it Fryslân fan begjin 16e ieu. In aventoerlik ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske folksheld. Nea earder is syn ferhaal sa persoanlik brocht as yn Grutte Pier: Krús fan de Hollanner.
Grutte Pier: Krús fan de Hollanner is in gearwurking tusken auteur Ate Grypstra, útjouwerij Afûk en game-ûntwikkelder Triangle Studios. De Fryske ferzje fan it boek is fan 12 novimber ôf oan te krijen. De Nederlânsktalige ferzje sil letter ferskine.
Neist dit boek wurket Triangle Studios oan de ûntwikkeling fan in fideogame mei de titel Cross of the Dutchman. Folgje de ûntwikkelings fan de game opwww.crossofthedutchman.com.
Mearkes fan Grimm
Oerset troch Anne Popkema
Mei yllustraasjes fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn
Bornmeer, De Gordyk 2012
ISBN 97890 5615 2888
Ferkeappriis € 27,50 (de presintaasje fan it boek is freed 30 novimber)
Yn desimber 2012 is it eksakt 200 jier lyn dat de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm har Kinder- und Hausmärchen útjoegen, yn 1812. Yn 1825 brochten se dêr in eigen seleksje fan út, dy’t bekend stiet as de ‘Kleine Ausgabe’. Dy blomlêzing fan 50 mearkes wie it begjin fan de wrâldwide segetocht fan de mearkes en is dan ek de basis fan de Fryske oersetting. It boek is gaadlik foar bern likegoed as foar folwoeksenen en alle doelgroepen sille dan ek wille ha kinne fan de moderne, linige oersetting en de hielendal nije, spannende yllustraasjes. Folgje dit projekt fia de spesjale Facebookside
– Berne- & Jongereinboeken –
Dijk, Paul van
De Kening fan Juster
Afûk, Ljouwert 2012
ISBN
Ferkeappriis € ?? (te keap fan 30 novimber ôf)
Paul van Dijk (Warkum, 1981) is skriuwer en learaar. Hy skriuwt ferhalen, teaterstikken, tekenet strips, yllustraasjes en makket muzyk foar teaterstikken en spilet yn bands.
Fan him ferskynde by de Afûk syn earste berneboek: Renske wol stoer wêze! mei eigen yllustraasjes; in magysk ferhaal oer peste, freonskip en jaloezy.
Ek foar De Kening fan Juster makke Paul van Dijk sels de yllustraasjes.
N.J. Frank & Ruerdtsje Ellens
Sibeltsje Aventoer – De Plattelânsk Symfony & Kening Winter
MijnEigenBoek, Amsterdam 2012
ISBN 97890 5179 9071
Ferkeappriis € 19,95 – fia www.mijneigenboek.nl
Frysk Lês- en Lústerboek, mei klassike muzykfragminten. It fredige Fryske plattelân is it toaniel fan de aventoeren fan hûntsje Sibeltsje, it boerepear Tjisse en Geeske en harren bysûndere fee. It libben op de pleats liket skoan te gean, lykwols hawwe hja gauris argewaasje mei de stoefe buorman Minnema dy’t neat ha moat fan minsken en fee. As dan lang om let ek noch de strange winter ynfallen is rint de spanning tige op. Kin it symfony-orkest rêding bringe?
N.J. Frank & Ruerdtsje Ellens libje as troud pear mids harren fee op in lyts pleatske op in moai plakje yn ’e Fryske Wâlden. Hja hâlde harren yn it deistige bestean dwaande mei muzyk, kreatyf kompjûtertekenjen, ferpleging, hobbybuorkjen en it skriuwen fan in ferskaat oan boeken en koarte ferhalen. Hja genietsje fan de natuerskientme en rjochtsje harren safolle as mooglik op it goede yn ’e wrâld om sa mei te wurkjen oan it behâld fan Gods skepping.