
Rûchwei ha wy twa soarten sensuer: saken dy’t ferbean wurde en saken dy’t ús oplein wurde. Meast tinke wy by sensuer oan it skreaune wurd mar dat hoecht wat my oanbelanget net.
It twa kear beëdigjen fan ministers moat om’t it folk sjen kinne moat dat ien en oar wier bard is. Earder mochten wy soks net sjen. Dat wie sensuer. Dizze toanielspilerij is dat fansels likegoed. Yn in wat slimmere mar foar it each tûkere foarm.
It komt leau ik hjoeddedei net mear foar, mar foarhinne moasten de skoalberntsjes ferplichte rjochts skriuwe. En dat waard der nei’t ik mien yn slein. Strips lêze wie ek gjin goed ding.
Op ’t heden wurdt it der likegoed noch yn slein. Talintearre pianisten moatte ferplichte meidwaan oan bokslessen; soks yn it ramt fan it op te bouwen ôfwarsysteem tsjin ‘pleagjen’. Wêrby’t jo je yn dit gefal bot ôffreegje kinne (moatte?) wa’t wa no krekt narret.
Ik sil nei de tekst. Dy moat foarmjûn wurde as wy ús mei-inoar teminsten net oerleverje wolle oan Word. Dat mannichien dat al docht is ek in foarm fan sensuer. Gelokkich binne der foarmjouwers. Dy wolle harren talinten noch wolris breder ynsette as inkeld op it plak dêr’t se yn in beskate libbensfaze by tafal ferkeare. Dan kin it wêze dat se fûleinich it leksum krije fan de baas om’t dy sokke útstapkes net op priis stelt. Sa’n foarbyld fan sensuer sitte jo op dit eigenste stuit op jo skerm nei te sjen.
In mear tekstuele wize fan foarmjaan fan teksten is de útdaging fan de notulist. Dy wurdt achte de gearkomste sa krekt mooglik te ferslaan. Krije jo dit: ‘De foarsitter sprekt syn noed út oer it ynsette trajekt fan twataligens’. Dat hat de notulist kreas opskreaun, moai taktysk ek. Likegoed kin it wêze dat it de direksje net noasket en dy stiet dan oan op de folgjende wiziging: ‘De foarsitter is tige te sprekken oer it earste besykjen twataligens stal te jaan en hopet dat wy dêr yn de takomst tûk mei omgean sille.’
Yn it earste kinne wy in skeel lêze, yn it twadde net mear. Ha jo net by de gearkomste west dan sil it jo daliks net opfalle. De foarsitter glimket ris by it lêzen fan it ferslach. Dêr bliuwt it by. It is lykwols sensuer yn optima forma. Mar it komt net nei bûten, oars as nei in parlemintêr ûndersyk. Yn De Haach neame se it dan ‘niet volledig geïnformeerd’ of sa.
Wat jammerdearlik genôch noch faker foarkomt is dat sein wurdt: ‘Helje dat der mar út, oars krije wy dêr letter wer praat oer’. De Haachske kretology dêrfoar kin ik net betinke, yn it Frysk soe ik sizze: ‘Bek ticht’.
Jo begripe wol: ferslaggen, jo kinne der hielendal neat mei salang’t it gjin letterlike ferslaggen binne. It skriuwen fan ferslaggen is in keunst, it lêzen derfan in ûnmooglike opjefte. Dat is de essinsje fan sensuer. Falle soms ek deaden by. Eins altyd ûnterjochte.
It ynheljen fan in pinsjonearre pasjonearre tydskrifteman as foarsitter fan DE pr-klub foar Fryske boeken. Is dat sensuer?
Jo sille dat daliks net sa sjen. Underwilens wurdt de man al behelle yn rûnten dy’t altyd – meast tige fyn ynlein – tsjin hokker krityske noat oer it eigen funksjonearjen ek iggewearje. Dat kin er lykwols net witte sa’t hjir boppe al stiet.
Ik hoopje dat de foargeande alinea stean bleaun is. En net fuort sensurearre is lykas yn in beskaat ferslach fan in gala fan ien fan de Fryske sporten, in goed wike lyn. Ik lies woansdei noch in oar ferslach: ‘[namme] hat witte litten dat sy har lidmaatskip opseit yngeande direkt. Se komt noait mear op ’e gearkomsten en de belangstelling is der ek net mear sa bot.’ Op Feestboek lies ik hiel wat oars: ‘En dan freegje se harren ôf wêrom at ik betanke ha as lid. No, omdat dizze partij syn prinsipes hiel maklik fersmyt, as dat better is foar de stimferhâldingen…’
De fraach is oft wy hjir mei sensuer of mei selssensuer te krijen ha. Jim sille it nea witte. Ik wol.
By de Ried fan de Fryske Beweging dogge se yn alle gefallen net oan selssensuer. Mar wol oan moatten en ferbieden. De side itnijs.nl azemet de sfear fan dat alles troch elkenien perfoarst yn it Frysk moat mar as jo har der op wize dat se sels in soadsje fan harren memmetaal meitsje dan wurde jo ‘blocked’. In taal oars dy’t de ûnderdienen wakker opkringe wolle oan Stellingwarvers en Biltkers. Wêr gie dizze kollum ek al wer oer?
Goed, de djipfriezen dogge it sa fyn ynlein net as mei de yn de hoofdstad brûkte ‘Bûterhoekemetoade’. It doel is lykwols itselde en it resultaat ek. Om it yn politike termen te sizzen: ‘Wy binne dûbeld ynformearre.’ As ik de keninginne west hie, dan hie ik sein: ‘Dit dogge wy net, ik hâld myn folk net foar it lapke.’
Se hat it lykwols al dien. Dat falt my wat fan har ôf. Hie har heger hân as in ‘Djipfries’ of as in ‘Bûterhoekejonkje’. Kom op, Bea, tusken dy beide groepen sit in hiele brede middengroep en dy hat net it measte mei dit polityk sensuerteater. Dy wolle gewoan ‘folk’ wêze. Libje, musisearje, skriuwe en lêze yn de eigen taal.
Dat is alles. En al wer folle mear as ‘brood en spelen’.