Moaie ôfwikseljende poezijjûn yn de Grinzer Pein

logo.ensafh

Fjouwer hiel ferskillende manlju mei elk in hiel eigen styl, bûn troch harren geografyske komôf en harren skriuwer- en freonskip. Yn it nije Baron Theater yn de Grinzer Pein hienen Melle Hijlkema, Klaas Duursma, Willem Tjebbe Oostenbrink en Meindert Talma ôfrûne freedtejûn 16 novimber in literêre jûn organisearre mei as tema ‘Opende – Gat van ellende?’. It die bliken dat soks wier wol tafalt en dat it yn Oude Pekela altiten noch slimmer is.


Meindert Talma

Meindert Talma fersoarge de muzyk dizze jûn, mei rjocht-foar-syn-raap-ferskes oer fuotballers, Strandheem en de Stadskabouter mei syn synthesizer-muzyk. Ek lies Talma in stik út syn debuutroman Dammen met Ome Hajo foar, dêr’t er in tige komysk harkspul fan makke mei syn werjefte fan de lokale radiopiraat de Stille Genieter.

Klaas Duursma

De poëzij en de foardracht fan Klaas Duursma wie kompakt, ynbannich en hast hoeden. Duursma kin mei simpele, heldere wurden dochs sterke bylden oproppe, as it no oer fiere reizen of oer lytse húslike leafde giet, of oer it bern dat yn de Sinteklaastiid foar it earst yn syn libben ferlanget nei moarn.

Melle Hijlkema

Melle Hijlkema dêrfoaroer is in folle beweechliker performer, mei steviger, ierdske gedichten. Hy hat ûnderfining opdien mei de ellende fan Opende yn syn legere skoalletiid, mar hat ek goeie oantinkens oan it opgroeien yn dy omkriten, by Marum, Trimunt, en de Kolonieweg sûnder begjin of ein.

Willem Tjebbe Oostenbrink

Willem Tjebbe Oostenbrink dan, jout in slepender, steatlike foardracht en wiidweidiger gedichten. Ek Oostenbrink tinkt mei nocht werom oan syn bernetiid, it opgroeie op in boerepleats, blauwe overalls en blauwe loften boppe it Grinzer lân, en dat wat je op skoalle leare net altiten dat is wat je ûnthâlde. Syn Westerkertierske gedichten Goldjeblommen en An e keukentoavel (sjoch Ensafh nûmer 3 2012) draacht Hijlkema dizze jûn yn it Frysk foar.

As der sa’n prachtich teater opboud wurde kin en as de streek sokke suvere gedichten ynspirearje kin, dan wurdt it wol wat mei dat ‘gat van ellende’!