Ferdinand de Jong

Bling bling

logo.ensafh

Ik bin in sportmaniak. Passyf, dat dan wol wer. Sûnt ik yn de D1 fan Heerenveense Boys op de trening in skop tsjin de knibbel krige, sei dokter dat ik mar better net wer fuotbalje moast. Dat wie spitich, mar ik ha my der by dellein.

Der binne in soad sporten dy’t ik folgje. In oare eigenskip fan my is, dat ik kwa sport belibjen konservatyf bin.

It is in helder ferhaal. Jo lûke twa streken, efter de iene begjinne jo, en wa’t as earste oer de einstreek komt, is de winner. Rinnend, op de fyts, op in motor of yn in auto. Twa skakers dy’t in dei nei in boerd sjogge? Ja, ek sport. Der komt in winner út, of se spylje remize. Mar it is kompetityf. Ek mei tiimsporten is dat dúdlik.

‘Wie de voetbal in het net schopt heb een goaltje, en wie de meeste goaltjes krijgt die wint de pot,’ song Louis Davids yn 1929 al yn ‘De Voetbalmatch’.
It heechste of fierste springe, in kûgel, diskus of in spear sa fier as it kin fuortsmite, altyd komt der in winner út. Is ek gjin diskusje oer, of it soe oer de skiedsrjochter wêze moatte.
De Olympyske gedachte oangeande sport is wat my oanbelanget dan ek net oan de oarder. Jo dogge mei om te winnen, net om mei te dwaan. Dan kinne jo better efter hûs yn de tún in goal timmerje of in kuorbalkoer delsette.

Der binne ek sporten dy’t wat my oanbelanget gjin sport hjitte meie. Dat binne de sporten wêryn’t in sjuery bepaalt wa de winner is. Keunstride, dressuer mei in hynder, ritmyske gimmestyk, trampolinespringe, turnje (sorry Epke), keunstdûke, syngroanswimme en al dy oare sjuerysporten. Mei alle respekt foar wat se prestearje, al hoe grut it oantal treningsoeren ek wêze sil, ik fyn it hielendal neat.
It is foar de sporters en de minsken dy’t der aardichheid oan ha moai meinaam, mar yn ’e regel makket it my gjin donder út hoe moai as immen fan A nei B giet, hoe kreas er om in stok hinne draaie kin, in trijedûbele salto fan in dûkplanke makket, mei in kniper op ’e noas omkeard keunstjes yn in swimbad docht, in stokje mei in lint deroan fange kin, op in spiraalbêd op en del hipt of in hynder om syn as draaie lit. Dat binne fratsen, trúkjes. Doch dat mar yn in sirkus.
In bokswedstriid dy’t op punten beslikke wurdt, is ek neat foar my. As se der foar kieze om elkoar de kop yn te slaan, wol ik ek in winner sjen. Dus: trochgean oant ien fan beiden ommitert.

Mar de grutste ergernis fan de lêste tiid binne dy bling bling sporten. De Red Bull sporten. Freeslik. Jonkjes dy’t mei in snowboard ûnder de earm de filmstjer status miene te hawwen. Fluoresearjende kleurkes, baggy trousers en snoeihurde boemboem muzyk om mar te maskearjen dat der neat bart. Der komme kloften minsken nei datsoarte sporten. Omdat it gaaf, leuk en kicke is. Mar kompetityf stelt it neat foar.
Noch in foarbyld is beachvolleybal. Hoe lytser de bikiny, hoe leuker dy fize âlde IOC mantsjes it fine. Beachvolleybal is foar de fakânsje, op it strân. Net op in mei sândumpers folsmiten plein earne yn in stêd. Hat neat mei beachvolleybal te krijen. Mar it lûkt minsken, mei troch de boemboem tusken alle punten yn.

Ik bin bang dat it IOC derfoar kieze sil om al mar mear fan ditsoarte sporten Olympysk te meitsjen. Om kommersjele redenen. Sa ferdwine moaie âlde sporten. Yn de rin fan de jierren binne rugby, cricket, honkbal, lacrosse, polo en toulûken (!) al sneuvele.

Jou my mar de echte sporten. Biatlon bygelyks. Ien tsjin ien, frou tsjin frou en man tsjin man. Fassinearjend, en op de ein in winner. Mei as sûnder doping, mar dat is in oar ferhaal.