André Looijenga

Foaropwurd 78: ensafhierder

logo.ensafh

Wy binne ensafh: wy geane fierder, wy geane troch. De namme fan ús literêr tydskrift jout al oan dat wy sels it ferfolch binne. Hast fjouwer jier lyn is it dat Farsk en Hjir ien waarden as ensafh. Hast tachtich digitale nûmers binne der makke, en yntusken sânentweintich papieren nûmers. En wy geane troch. Ensafh giet fierder.

Op dit stuit binne wy as redaksje ekstra drok dwaande mei de takomst fan ensafh. Der sille dingen feroarje. Hoe’t wy ús fernije wolle, sille wy ynkoarten sjen litte, op jo kompjûterskerm en op papier.

Mar jo kinne der wis fan wêze dat wy it miene mei de Fryske literatuer! Mei de Fryske letters op papier, mei wurden om te hearen en mei bylden om te sjen.