
Elske Kampen (Burdaard, 1955) hat op 12 oktober ll. de Fedde Schurersjuerypriis en de Fedde Schurerpublykspriis krigen foar har dichtbondel Fan glês it brekken (2010). Sa’t it no liket wie dat de lêste kear dat de Fedde Schurerpriis útrikt waard, fanwege de besunigings troch de provinsje op de literêre prizen. Elske is opgroeid yn Burgum, hat de Pedagogyske Akademy yn Drachten dien en letter noch de learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert. Net om les te jaan, mar om har dwaande te hâlden mei tekenjen en skilderjen. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen. Se wûn yn 2008 de Rely Jorritsmapriis foar it fers Trije Dagen en it ferhaal De Opdracht en yn 2009 foar it fers Sy is, taal is altyd. Yn datselde jier wûn se ek de Maintiendrai Poëzieprijs mei it gedicht Altyd de loft. Yn 2011 kaam der twatalich wurk fan har út yn Lytse werklikheid, in sammelbondel mei fersen by skilderijen fan Jopie Huisman. De dichtbondel Dit is it gedicht – Dit is het gedicht, foar bern fan tolve jier en âlder, is dit jier ferskynd.
Wat is dyn achtergrûn?
Elske: ‘Ik ha de dieltiid learare-oplieding tekenjen oan de NHL op lettere leeftijd noch dien omdat ik my dwaande hâlde woe mei byldzjende keunst. Ik fûn it in prachtige oplieding, sels oan ’e slach mei allerhanne techniken en tagelyk kolleezjes yn keunstskiednis folgje en dêr tentamen yn dwaan. Mar ek it skriuwen fan myn einskripsje oer Jacoba van Heemskerck, it ferwurdzjen fan har syktocht en it sjen nei har wurk, fûn ik hiel bysûnder. In skift fan myn tredde bondel dy’t hast klear is giet oer har. Ik ha in pear jier dwaande west mei skilderjen en tekenjen, mar kaam der achter dat dat úteinlik net de goede rjochting foar my wie om my te uterjen. Taal is wat dat oangiet in better ynstrumint foar my. Ik ha jierrenlang yn dieltiid by Cedin wurke, mar ik ha dêr koartlyn dien krigen fanwege de besunigings. Ik bin wol op syk nei oar wurk, mar om wat te finen falt net ta op it heden. Yntusken fermeitsje ik my prima!’
Wannear en hoe bist begûn mei skriuwen?
‘Dat wie pas nei myn fyftichste. Ik ha poëzijkursussen folge by Jan Kooistra, Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries. Mar op in bepaald stuit fernaam ik dat ik klear wie mei de skriuw-opdrachten en myn eigen paad gean woe. Ik haw dêr lykwols in protte leard en soms mis ik noch wolris it besprekken fan elkoars wurk yn sa’n lyts fermidden. By Jurjen van der Meer ha ik in kursus lietteksten skriuwe dien. Ik ha in tekst skreaun foar it jubileumprogramma fan Frederike Kleefstra en ek Nanne en Ankie hawwe in liettekst fan my op muzyk set. Doe’t ik foar it earst in tekst fan my sjongen hearde troch in moai frouljuslûd, makke dat yndruk op my. Hiel bysûnder is dat, je eigen wurden op muzyk te hearren. Der komt noch in diminsje by dan. Fierder ha ik ek gauris gedichten skreaun foar de jierliks foardrachtskriich FeRstival foar it fuortset ûnderwiis.’
Wat is foar dy de betsjutting fan taal en it dichtsjen?
‘Taal is foar my ark om my mei út te drukken, om mei te tinken, te sykjen en te boartsjen. En mysels mei te ferrassen as ik gelok ha. It bysûndere fan in taal is fansels dat dy der al wie foar’t ik der wie en der ek wêze sil as ik der net mear bin. It is in trein dy’t al hiel lang ûnderweis is en dêr’t ik ek even yn meiride mei. Ik bin my der tige fan bewust dat dat sa is en as ik ferbining fiel mei dat besef, kin ik de taal hast sprekke litte bûten mysels om. Dan is net de taal, mar bin ik it middel. Om dat te berikken is soms yngewikkeld. Der sit ek in tsjinstelling yn omdat je sels ek altyd wer it útgongspunt binne en inkeld oer dát skriuwe kinne wat je op de iene as oare wize sjoen en belibbe ha en dus meidrage. Mar it leafst kom ik dêr troch in ‘efterdoar’ telâne. Om dat te berikken wurkje ik op dit stuit mei kollaazjes. Yn de Moanne, nûmer 4 fan dit jier, steane dêr trije foarbylden fan. It byld stiet op de rjochterside, it gedicht op de linker, omdat ik earst de kollaazje makke ha en doe it gedicht en it each it earst op de rjochterside falt. It byld is dus net in yllustraasje by it gedicht mar is it útgongspunt. Wylst ik it byld meitsje, komme de wurden. Ta myn ferrassing ûntstie der bygelyks út it twadde byld in gedicht oer Anna Blaman. Op dat stuit hie ik al jierren neat mear fan har lêzen of oan har tocht. Sa’n tema sil ik dus nea út mysels betinke en dochs komt it op dizze wize en troch myn tadwaan foar it ljocht. Op sa’n stuit bin ik hiel gelokkich omdat ik sels ek net krekt wit wat der dan bart en hoe’t it wurket. En dat is hoe’t ik op dit stuit skriuwe wol en wat ik bedoel mei dy efterdoar.’
Do makkest yllustraasjes by dyn gedichten.
Elske: ‘By myn twadde boek wiene de bylden yllustraasjes by de gedichten, mar no wurkje ik dus oarsom. Behalve dat dit in wurkwize foar mysels is, wol ik ek dat der in soarte fan wikselwurking ûntstiet, dat de eagen fan ‘e lêzer hinne en wer geane tusken byld en gedicht en dat dy elkoar beynfloedzje. Ik meitsje myn kollaazjes fan beskildere patroanpapier. Dat is hiel tin papier, yn feite meitsje ik ‘feltsjes’ ferve dêr’t ik krekt sa lang mei sko oant ik wit dat it byld klear is. Dan meitsje ik it fêst. Myn wurktafel leit dus yn wêzen fol mei losse stikjes ferve dy’t ik opkrij en like faak wer fuortlis. Ik kin sa wikenlang mei ien byld omskowe, soms tink ik jûns let dat it klear is en bin ik hiel tefreden mar moarns is de magy al wer fuort en begjin ik opnij. Myn bern hawwe doe’t se noch thús wennen wol gauris skodholle: hong mem wer in hiele jûn mei in gleske port yn ‘e hân boppe har stikjes papier…
Ek hjirby spilet dy ‘efterdoar’ in grutte rol en dan yn ‘e foarm fan it tafal. Ik haw it papier frij rûch en willekeurich beskildere en de tafallige nuânses dy’t sa ûntsteane (kleuroergongen, mingfoarmen, oansetten fan de kwaste, de rjochting dy’t it skuorren fan it papier opgiet) jou ik in betsjutting. Ik gean dus sterk út fan de mooglikheden dy’t ik op in tafallige wize sels oan it materiaal jou. Mar ek as it byld al klear leit om fêst te lizzen, kin it troch in sigentsje noch wer fan it plak reitsje, feroarje en sterker wurde. Soms smyt ik samar op in wat Pollock-eftige wize losse stikken papier op ‘e ûndergrûn, ek dan kin it yn ien kear goed wêze. Mar ik bin wol dejinge dy’t dan bepaalt dat it goed en klear is. It byld leit by wize fan sprekken al in jier lang op myn tafel, ik moat allinnich de goeie stikjes by elkoar fine. Sa hat byldzjend wurk dochs noch in plak yn myn libben krigen. Ik fernim no dat ik yn in faze kom dat ik inkeld abstrakte bylden meitsje wol. En it kin bêst wêze dat ik oer in skoftsje wer oars wurkje, mar dy ‘efterdoar’ sil ik altyd sykjen bliuwe.
Dat tafal is trouwens noch op in oare wize yn myn libben. Ik mei graach rinne en as ik kuierje fyn ik yn ’e berms of op sânpaden hast elke kear lytse skerfkes fan kopkes, pantsjes, dat soarte fan spul. En altyd mei in bytsje blau derop. By de ets dy’t José Witteveen fan my makke hat yn ferbân mei de Fedde, sweevje dy stikjes om myn holle. Dat hat se hiel moai dien. Op de ien as oare wize springe dy stikjes my yn it each. Dat finen is al tafal mar hoe’t se brutsen binne is ek wer tafal. Ik haw in skerfke fûn fan 2 by 2 sintimeter mei in famkeskopke derop en ien, krekt sa grut, mei in swan. Dat binne wiere juwieltsjes foar my.’
Ets fan José Witteveen
De gefoelige gedichten yn dyn winnende bondel Fan glês it brekken ha in moaie opbou en in prachtich ritme. Kwa ynhâld binne se frij kryptysk.
‘De bondel is opdield is fiif skiften. It earste skift Wêr’t it om freget giet oer taal en hoe’t ik my as skriuwer dêrta ferhâld. Dêr haw ik al wat oer ferteld. Dy trije gedichten geane oer dat gefoel wêr’t ik it by de tredde fraach oer hie. Yn it earste gedicht Wachtsje jou ik my oer en wachtsje ik en as ik tink dat ik wat moais makke ha, laket de earste de bêste ekster bûten yn ‘e tún my út. Yn Wêr’t it om freget blykt dat poëzij krekt net dêr is wêr’st it sikest, mar op de plakken mei in efterdoar. Mar fierder fyn ik dat myn gedichten foar harsels sprekke moatte, har eigen autonomy ha en ik soms ek net krekt wit wêr’t se oer geane en my dat ek net ôffreegje. Sa meitsje ik ek net hiel bewust gebrûk fan alliteraasje, de taal komt sa’t se komt.
It iene wurd ropt it oare op. It ôfbrekken fan rigels is fansels wol wer myn ynhâldlik beslút, mei ek noch in fisuele komponint dêrby. Dêr bin ik wol ris wat neuroatysk yn west, mar dat wurdt al wat minder. Mar it fisuele byld moat yn balâns wêze, moat ek in eigen ritme ha. Soks twingt my ek om ta de essinsje te kommen en my ôf te freegjen of in bepaald wurd werklik it wurd is dat der stean moat of dat in oar wurd better is. Ik wurkje hiel lang oan in gedicht, in gedicht is by my samar twa jier ûnderweis. Dat komt ek omdat in gedicht miskien noait echt klear is en ik it spitich fyn as it klear is. Want dan bist it kwyt. Der sil dus net in soad wurk fan my ferskine.’
Do hast dit jier de Fedde Schurerprizen wûn foar Fan glês it brekken. Nei alle gedachten is de priis dit jier foar it lêst útrikt.
Elske: ‘Ik bin wiis mei de Fedde Schurerpriis omdat it in sinjaal fan de bûtenwrâld is, dat myn wurk goed is. As je skriuwe binne je dêr net mei dwaande. Ik haw net in oardiel oer myn eigen wurk, dat ik tefreden bin oer in bepaald gedicht, spilet him op in oar nivo yn mysels ôf. Mar ik skiuw wol om lêzen te wurden. Mei sa’n priis komme beide eleminten op in feestlike wize byelkoar: myn binnenwrâld en de bûtenwrâld. Op dit momint wurdt der aksje fierd troch Fryske skriuwers en it Skriuwersboun, ûnder oare foar behâld fan de literêre prizen. Ik bin benijd hoe’t it fierder giet en fiel my der by belutsen. De priis moat perfoarst bliuwe, it giet mar om in lyts bedrach. Boppedat fyn ik it belangryk dat de nammen fan Fedde Schurer en Obe Postma sa wer efkes yn byld komme.’
Do skriuwst foaral yn it Frysk. Dochst dat leaver as yn it Nederlânsk skriuwe?
‘Ja, it Frysk is myn memmetaal, dus dy leit my nei oan it hert. Ik skriuw ek wol ris yn it Nederlânsk, mar dat is in wêzentlik oare taal mei dus foar my ek in oare ynhâld. Ik soe in Nederlânsktalich gedicht fan mysels wol oersette kinne yn it Frysk mar oarsom leau ik net.
Ik haw dat wol dien mei it Jopie Huisman projekt, mar dêrby wie it wurk fan Huisman it útgongspunt en stie it fierder fan my ôf en dan slagget sa’n oersetting goed. Mar Fan glês it brekken soe ik net oersette kinne yn it Nederlânsk. Dan is it myn poëzij net mear.
Ik ha wol Nederlânsktalige gedichten foar bern opstjoerd nei útjouwerij Querido, mar dêr wurdt fanwege de minne ferkeapsifers fan poëzij gjin wurk mear fan ien dichter útjûn. In part dêrfan stiet no yn myn twadde bondel. Omdat der troch in protte auteurs wol kwaliteit oanlevere wurdt by Querido, jouwe se dêr elk jier ûnder redaksje fan Ted van Lieshout in sammelbondel út, it Poëziespektakel mei elk jier in oar tema. Yntusken binne der fjouwer bondels útkaam mei meardere gedichten fan my deryn. Dit projekt rint jierliks troch en hooplik kin ik der alle kearen in bydrage oan leverje. Dochs tink ik hieltyd faker dat ik my ta it Frysk beheine wol. It motyf om in grutter publyk te berikken is net de haadsaak. Ik leau soms dat as ik werklik poëzij skriuwe wol, ik dat inkeld yn it Frysk goed kin, mar ik haw it Nederlânsk as oarspronklike taal foar myn gedichten foar folwoeksenen noch net echt ûndersocht. Oant no ta wie de earste rigel fan in gedicht altyd yn it Frysk. Sa ienfâldich is it dan ek wer.’
Bist ek mei in nij boek dwaande?
‘Ik bin al frij fier mei myn tredde bondel. In pear fan de gedichten ha al yn De Moanne stien. De wurktitel is Man en mem en ik hoopje fansels dat er útjûn wurdt. Op dit stuit meitsje ik in swart-wyt fariant op de kleurekollaazjes, want dy sille grif te djoer wêze om út te jaan. Ik gean mar gewoan troch mei dat te meitsjen wat ik moai en belangryk fyn.’
Wat lêst sels graach en wat dochst noch mear njonken it skriuwen?
‘Ik mei graach lêze mar it komt der faak net fan. Een verhaal van liefde en duisternis fan Amos Oz fûn ik bygelyks in prachtich boek. Pier en Oceaan fan Oek de Jong haw ik krekt oanskaft. De biografy fan Vasalis en har briefwiksel mei Geert van Oorschot lizze al in skoftke te wachtsjen. Leonard Nolens skriuwt moaie gedichten. Fierders mei ik graach oer poëzij lêze. De besprekken yn de Groene, wurk- en tinkwizen fan oare dichters. Ik fyn it nijsgjirrich om te lêzen en te hearren hoe’t it skriuwproses fan oaren ferrint en it dan mei dat fan mysels te fergelykjen. Poëzij bliuwt my fassinearjen. Sa ha ik De kunst fan it dichten fan Henk van der Waal en Erik Lindner wol gauris yn hannen. Net om it skriuwen te learen mar om dêryn ferwurde te sjen wat ik sels fiel en ûndergean tidens it skriuwen. Myn freon wennet yn Grins en dêr geane we faak nei de skouboarch foar toanielfoarstellings en konserten. En we geane nei musea, mar it is wol gauris sa dat ik dan ûngeduerich wurdt fan wat ik dêr sjoch en dan sels wer oan ’e gong wol.’
Wat binne dyn ambysjes?
‘Dy ha ik eins net. Miskien mear in algemiene winsk dêr’t ik sels in ûnderdiel fan bin en dy’t ynhâldt dat ik hoopje dat de Fryske poëzij it plak hâldt dêr’t poëzij yn syn algemienens rjocht op hat en dat der fermiddens bliuwe dêr’t dy Fryske poëzij (foar-)lêzen wurdt.’