Beart Oosterhaven

It skolp’rige wiet

logo.ensafh

Om it jier 2000 hinne wiene der twa bands yn Fryslân dy’t de toan oanjoegen: De Kast en Reboelje. Earstneamde, foaral Hollânsktalige, groep hat bestien fan 1992 oant 2004 en is sûnt ein 2006 fannijs warber yn har meast suksesfolle besetting, nammentlik dy mei Syb van der Ploeg as sjonger-frontman en mei Nico Outhuijse as drummer. It folslein Frysktalige Reboelje fierde triomfen tusken 1987 en 2003.
Dizze hjerst ferskynde lang om let it earste alhielendal Frysktalige album fan De Kast: Dreamflecht yn de tiid. Fan ’e eardere grutte man fan Reboelje, sjonger-toetsenist Marius de Boer, kaam, ûnder de flagge fan Mariusz & de Muzikanten, de cd De nacht wachtetút. Beide skiven steane stiiffol skolperjende mainstream-pop/rock.

Widzesang
It krektneamde adjektyf ‘skolperjende’ hat faaks wat útlis fanneden. As mantelsoarger sjong ik wol gauris de ‘Widzesang fan ’t seemanswiif’ (wurden: Piter Jelles Troelstra; wize: Tsjalling Eeltsjes Halbertsma) foar myn pakesizzers. De twadde rigel fan dat lietsje giet sa: ‘Heit is dêr bûten op ’t skolp’rige wiet’. ‘Skolp(e)rich’ kin oerset wurde mei de Hollânske wurden ‘klotsend’ en ’kabbelend’. En dy betsjuttings jouwe no krékt oan hoe’t de nûmers fan sawol de nijste cd fan De Kast as dy fan Mariusz & de Muzikanten op jin oerkomme.

Behalven it karakter fan ’e muzyk hawwe de skiven fan De Kast en Mariusz-en-dy noch in pear saken mei-inoar mien. Beide binne nammentlik opnommen yn ’e Syco-/The Grien Room-studio te Ljouwert, fan beide is Kast-drummer Nico Outhuijse de producerén op beide cd’s spilet multy-ynstrumintalist en Frysk muzykikoan Hubert Heeringa mei.

Ald en nij
Dreamflecht yn de tiid is, de twa SummerTime-skiven út 2000, dêr’t de groep ek de begelieding fan oare artysten op fersoarge, meirekkene, it alfde cd-album fan De Kast. De band debutearre yn 1993 mei Alles uit de kast. Op ’e jongste cd stean fjirtjin nûmers. Fiif fan dy (‘Eltse grins foarby’, ‘Moarn sil de sinne skine’, ‘Hert fan myn gefoel’, ‘Wa’t ik bin’ en ‘In nije dei’) binne âlde bekenden, dy’t yn ’e njoggentiger jierren en krekt dêrnei heech of minder heech yn ’e lanlike hitlisten stien hawwe. Foar dizze cd binne se lykwols op ’en nij opnommen en dat hat in goed inisjatyf west. De stikken klinke no folle waarmer en ‘riker’ as yn ’e oarspronklike ferzjes. It feit, dat Hubert Heeringa syn talint en ynstruminten ynset binne by ferskate fan dy nûmers (bygelyks syn altsaksofoan yn ‘Eltse grins foarby’ en syn mûlharpe yn ‘Wa’t ik bin’), spilet dêr net swak yn by. En dan moat hjir fuort ek mar de namme fan drummer Nico Outhuijse neamd wurde. Hy stiet as plateproducer, wat my oanbelanget, njonkelytsen, méi Harry Zwerver (fan Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Gerbrich van Dekken en mear), op ‘twasume’ hichte yn Fryslân!

Fan ’e ‘nije’ nûmers foldogge my ‘It feest’ en ‘Oars as at ik tocht’ it minst. Yn it earstneamde kin Van der Ploeg yn ’e refreinen de hege noaten amper rikke en by it twadde hat men it fielen, dat it nûmer muzikaal mar net op ’e gleed komme wol. Dat is namste spitiger, om’t der wier wol moaie rigels yn ‘Oars as at ik tocht’ te hearren binne, lykas:

Mei de lichtheid fan in fearke
En it suv’re fan muzyk
Wie syn libben as in mearke,
In jongesboek gelyk.

De oare farske stikken: ‘Twalingsiel’, ‘De jûn is kaam’, ‘Nim my mei’, ‘Op ’e fyts’, mar foaral it ynstrumintaal moai ‘lyts’ hâlden, gefoelige, titelnûmer ‘Dreamflecht yn de tiid’ en ‘It wetter waakst’ (in dynamysk duet fan Van der Ploeg mei Lotte Verhoeven op in prachtige wize), binne kwalitatyf sûnder mis oanwinsten foar it Frysktalige mainstream-pop/rockrepertoire!

Singles op album
Stean de teksten en ’e muzyk fan ’e nûmers fan De Kast steefêst op namme fan alle bandleden as kollektyf (al wurdt de namme fan ’e wichtichste oanleverder fan in tekst wol altyd as earste neamd; bassist Sytse Broersma en sjonger Syb van der Ploeg skriuwe de measte Fryske teksten foar De Kast), by Mariusz & de Muzikanten is sjonger-toetsenist Marius de Boer de man dy’t alle teksten en alle muzyk op syn namme hat. Foar De nacht wachtet, de opfolger fan syn ek troch Nico Outhuijse produsearre debút-album Wat west hat wie út 2007, hat er alve nûmers fan sawol tekst as muzyk foarsjoen.

It is trouwens in nijsgjirrich ferhaal hoe’t dy stikken de wrâld yn brocht binne. De Boer – hy is ek eigner fan ’e plate- en distribúsjemaatskippij Marista, dêr’t De nacht wachtet by ferskynd is – hat njoggen fan dy nûmers earst nammentlik as cd-single útbrocht. Yn ’t lêstoan die er dat mei de frekwinsje fan hast alle moannen in nûmer. Op sa’n wize hawwe de stikken dy’t no op it album stean, al in soad airplay hân by de ûnderskate radiostasjons, sawol yn as bûten Fryslân.

De ‘Muzikanten’ dy’t Mariusz op syn jongste album bystean, binne: Rogier Trampe (gitaren, sang), Peter Hartmann (bas) en Ruben Soer (drums, sang). De twa gastmuzikanten dy’t oanfoljende bydragen levere hawwe, binne de earder yn dit stik al neamde Hubert Heeringa (bugel, saksofoan, mûlharpe, fioele) en Paul Bergman (akkordeon).

Lytse sûnden
Marius de Boer is fan-hûs-út net Frysktalich. Dat is op De nacht wachtet noch wolris te fernimmen oan syn lietteksten. Lês de neikommende rigels mar ris, en slach dan foaral de troch my rjochtop sette wurden en konstruksjes acht:

dit wie syn doel
hjir moast er nei ta
(Ut: ’Sodom of Gomorra’)

earst moat de dichter noch stjerre
pas dan sille de minsken him wurdearre
(‘Do moatst kieze’)

en

myn heitelân ik wit net of it noch bestiet
yn ’t âlderlik hûs bin ik nea wer west
(’Witsto wa leafde is’).

Foar dy lytse sûnden tsjin it Frysk stean lykwols ek moaie, poëtyske en yntrigearjende rigels oer, dêr’t út bliken docht, dat Mariusz in earsten songwriter is, lykas:

it is de toan fan it hielal, fan de stjerren
en de jazz yn ’e nacht
se is as de frou neist de doar fan ’e himel
mei har duvelske pracht
(‘Blaas der op’)

en

ienris sil ik it beskriuwe
ienris giet myn siel fan ’t slot
dan diele wy de wierheid
mei inoar en mei god
(’Hasto it dien’).

Utspringers
Hoewol’t op De nachts wachtet amper mindere nûmers te finen binne, springe in pear der foar my dochs út. Dat binne: ‘Ik sjong foar dy’, ‘Ik bin in Amsterdammer’ (dêr’t de tekst fan trouwens net yn it cd-boekje stiet; nûmer 4, ‘Farwol’, is dêr twa kear yn opnommen!), ‘It is net oan my’ en it hjirboppe al oanhelle ‘Hasto it dien’. It earstneamde is ien fan ’e moaiste leafdeslieten fan ’e lêste jierren yn Fryslân, mei in sterke fioelepartij fan Hubert Heeringa en ynbannich gitaarwurk fan Rogier Trampe. It twadde is in prachtige synteze fan tekst en muzyk, mei in haadrol foar de akkordeon fan gastmuzikant Paul Bergman. It lange nûmer ‘It is net oan my’ hat in geweldich spannende, út de basgitaar wei opboude, groove en rint út op in fenomenale klimaks. En ‘Hasto it dien’ liket, wat tekst en muzyk oanbelanget en kompleet mei gitaarsolo en in dûzeljende dynamyk, op ien fan ’e bêste en bekendste nûmers fan Reboelje silliger, nammentlik ‘De fûgel yn dy’ út 1992. It soe my gjin nij dwaan, as ‘Hasto it dien’ yn ’e Fryske Top 100 fan 2012 stimd waard!

Fakwurk

Ut it foargeande sil it dúdlik wurden wêze: sawol De Kast as Mariusz & de Muzikanten kinne mei harren jongste albums foar de kreammen lâns. Tekstueel, muzikaal en produksjoneel (mei tank oan Nico Outhuijse!) hawwe de feteranemuzikanten fan dy bands fakwurk ôflevere. Op beide skiven is gâns te genietsjen! Winlik bedarret men as harker mei Dreamflecht yn de tiid en De nacht wachtet yn in subtropyske see fan waarmte, dêr’t in licht koeltsje oerhinne waait. En dêrmei binne wy werom by it earder yn dit stik oanhelle ‘skolp’rige wiet’.

De KastDreamflecht yn de tiid (cd); De Kast BV; Weidum 2012.

Mariusz & de MuzikantenDe nacht wachtet (cd); Marista; Dronryp 2012.