Anneke van Renssen, Willem Winters

Us Kat

logo.ensafh

Piet van Renssen

Dan moatte wy it no mar ris oer ús kat ha. Want hja wie skraachwurk dea. Op in middei seagen wy har fan in stoel op de flier springen. Dy stoel hie in normale hichte, dochs foel ús kat oer ien kant. Langút.

‘Dat is net normaal,’ rôp Anneke.
En der wie mear net normaal. Se hime oerflakkich, har hert bonke ôfgryslik.
‘Dit komt net goed…’
Yn in omsjoch hiene wy har yn it reiskuorke, de jas oan, de auto starten, nei de bistedokter. Hy befielde it bist fan alle kanten. Dêr is er goed yn. ‘Se moat fannacht hjir mar bliuwe,’ sei er.
It skeat ús yn ’t gemoed, dan knypt my de kiel ticht en kin ik gjin wurd útbringe sûnder raar te piipjen. Underweis nei hûs ta hiene wy it al oer it ‘ynsliepen’, as dit en as dat, en it muoide ûs dochs sa!
De oare deis koene wy har wer ophelje. Nei in pear oerkes krige se wer deselde ferskynsels. Rap, rap, skeaten wy as in raket nei de bistedokter. Hy sei planút dat it net bêst like. Dat hiene wy ek yn ’e rekken. Us kat moast wer bliuwe, it waarden twa dagen. Twa dagen en wy wiene al ûnwennich fan it lûd dat hja makke yn ’e kattebak, fan hieren op de bank, skoaie om iten, ensfh.!
No is se alwer in pear dagen thús en it giet goed. Wy hâlde har yn ‘e kuer. Soene dy medisinen echt helpe?

By elke sitewaasje is wol in gedicht te finen, oer deade en sike katten binne der ek hielwat. In hiel fier famyljelid fan de van Renssens wie de dichter Piet van Renssen [1902-1936], dy’t oer twa deade katsjes skreau, wat in oare oanpak!

Groet God van mij, als jullie weer bij hem bent teruggekomen.’
Ik zou ontroostbaar zijn als ik niet wist dat alles, wat van jullie wordt genomen’
t Eenige, wat jullie hadt, het kleine leven, uit hem was voortgekomen’.
Dat skreau Piet van Renssen.
Soe ús kat der meikoarten mei ophâlde dan hawwe wy neat oan Piet’s moaie wurden. Wy leauwe net yn in himel…en alhiel net yn in kattehimel. Hy hie der sels ek net folle betrouwen yn. Yn 1936 die er himsels tekoart.