Ytsje Hoekstra

Wykboek Praach — part ii

logo.ensafh

But my portrait is also four pigs, brewery pigs, fed on draff and potatoes, and in the summer when the beet ripened, I went for the beetleaves and chopped up those leaves and poured yeasty liquid and old beer over them, and the pigs slept twenty hours and put on as much as one kilogram a day, those piggies of mine used to hear me going off to milk the goats, and straightaway they bellowed with joy, because they didn’t know that I was going to sell two of them for ham and have two of them slaughtered at home for sausages.

Ut: Bohumil Hrabal, Cutting it Short

 

Hrabal wie jurist, mar wurke yn baantsjes as toanielfeint, postboade, klerk en âld-papierperser. En hy skreau. It fûnemint fan syn wurk is it ‘pabitele’, wat hy it poëtysk praat fan gewoane minsken neamde. Hjir yn Praach bin ik yn in Hrabal-besnijing fallen én yn it gefoel: wêrom soe ik nei it lêzen fan sokke teksten yn ’e goedichheid sels noch besykje wolle skriuwer te wurden? Dêrom is diel twa fan dit wykboek yndield yn banen ynstee fan wykdagen. Omdat it my sûnder in wurd Tsjechysk net slagje sil it ‘pabitele’ te beharkjen, betocht ik by mysels mar wat fragen. Minsken of bargen? En sitte der skriuwers tusken de tsjinstferlieners?

 

Kaartsjeferkeaper  Snein oerfalt my in doelleas gefoel yn ’e stedsdrokte. It sintrum fan Praach kin ek net sliepe, makket konstant leven. Ik wol stilte sykje yn in tsjerke: nei bylden of ikoanen stoareagje, meditearje. Ik ha in kaart grôtfol tsjerkesymboaltsjes, mar Praachse tsjerkepaden blike net maklik. Ferdwaalst, komst foar tichte doarren of der is in tsjinst dêr’st gjin ferlet fan hast. Mar ûnder de St. Cyrillus en St. Methodiustsjerke (ticht) kin ‘k wol telâne yn ’e krypte. In freonlike fjirtiger mei lang swart hier yn in sturt, sit by de kassa en liket bliid my te sjen. Bin ik hjoed de earste klant? Mar nee, dat is net sa. As ik troch it portaal bin en yn ’e krypte stean, fiel ik hoe wichtich at dit plak is en sjoch oan in see fan delleine blommen, echt of plestik, hoe faak at hjir minsken delkomme foar in stik tragyske Tsjechyske skiednis en ik wit wer wa’t Reinhard Heydrich wie – de arsjitekt fan de holocaust.

Dit is it plak dêr’t de Tsjechyske Partisanen dy’t de ‘Slachter fan Praach’ ûnder fjoer namen ûnderdûkten nei dy oanslach. Heydrich stoar oan’e ferwûnings. Ta represaille ha de nazi’s twa doarpen boppe Praach útmoarde en finaal mei de grûn gelyk makke: Lidice en Ležáky besteane net mear. Nei ferrie út eigen fersets-gelederen, hat de Gestapo dizze krypte omsingele en folrinne litten mei wetter. Sjochst de ûntsnappingsgong dy’t se noch besochten te graven. De mannen ha harsels deasjitten ynstee fan oer te jaan.

Op dit plak wit ik ynienen wer wa’t my froeger foar ’t earst fertelde oer Heydrich en Lidice: ús heit, doe’t ik in jier as fjirtjin wie. Syn stim hie in swier, earnstich lûd by dat ferhaal en dat falt no teplak.
  

Portier  Dan fielt it goed om wer boppe de grûn te kommen. Wat ljochters dan? It moaie Jugendstil Obedcni Dům (it nije stedhûs) hat neffens de boekjes útstallingen en konsertsealen en in geweldich moai kafé.  Kofje laket my oan. Mar it kafe is te fol en myn each lûkt nei in poster dy’t ik yn de metro ek al spot hie: Dekadence, byldzjende keunst. Mmm, net ljocht, wol lekker! De marmeren treppens op, mar hoho! Man yn sjyk unifoarm meldt op subtile wize: ‘Tickets, to the left’ en wiist mei wite wantsfinger.

Ik bedarje yn in wrâld fan bloedsûgers, mummies, deaden, androgyne skimmen, de (ferlerne) siel, en fan eroatyk, famkes en froulju as (homo-)seksuele wêzens delsetten yn it tiidramt fan begjin 1900, de oanrin nei WO I. Nammen: Josef Vachal, Jaroslav Panúška, František Kobliha; titels: Cells of Life and Mysticism, Somnabula, Spirit of the Dead Mother, Death looking into the Window of One Dying, Vanitas ;  en motto’s: ‘To live is so repugnant, to die so tedious!’of ‘I have begotten pain, and pain begat sin and destroyed the world.’

Moaie kleurskilderingen, mar ek in protte monochromen, en der fal ik foar, hjir like goed as by Sjoerd de Vries. In brûnsbyld fan Jan Stursa, Puberty (1905) is nòch moaier en fragiler yn it skaad fan de efterkant fan it famkeslichem, troch in teare beljochting op ’e muorre. Dûbeld moai dus, mar oaren rinne der by lâns sûnder dat te sjen! It fernuveret my.

Fansels is der yn ’e museumshop wer ris gjin ôfbylding fan it skilderij dat my in bysûnder ferhaal die: Jan Zrzavý- The Sleepwalker. Dit is myn reade trie as ik keunst besjoch: altyd ‘fal’ ik op in skilderij dat nèt yn de ‘komplete katalogus’ of kaartenstanders stiet.

Bûten is it no sawat tsjuster en ik bin wurch, melankoalyk fan alle yndrukken. Kinst miskien ek ris wat minder yntins nei dingen sjen? freegje ik mysels. Fansiden, út in wynbar, antwurdzje saksofoan en piano yn fantastyske live-klanken: …True Love… For You and I… Have a Guardian Angel… Ik moat tinke oan it Ljouwerter Parnasbandsje dêr’t Tsjêbbe saks yn spilet en Ernst de toetsen. Spitich dat sy hjir net sitte te spyljen, dan hiene se jûn in groupie oan my.
 

Jiskeman  Ik sykje it paad nei myn keamer werom. Jûns let (op snein?) begjinne jiskemannen harren wurk. Under myn rút ride en rattelje se de hiele nacht mei op iensumens ombatsende konteners. 

 

Boekferkeaper  Moandei set in reisdip yn. De Betlemska Kapella, tsjerke fan de martelaar Jan Hus wie ticht. In kuier troch de âlde stêd mei as reade trie boekhannels dy’t ik freegje nei oersetten Tsjechyske poëzij (nei Ingels of Dútsk) smyt neat op, útsein in koarte konversaasje mei de âld-hippie fan de Kafka Bookstore. Oant twa oare, snobistyske klanten komme, lûd en neidruklik sykjend om Kafka, mei krèkt de ferkearde fragen. Myn eagen winskje him sterkte en sines leitsje ûndogensk werom. Om dy waarmte fêst te hâlden nei it Literarna Kavarna, mar dêr is de sfear nuver, kofje net suver. It boekhanneltsje-anneks hat op myn poëzijfraach inkeld ‘no!’. Hearde as sovjet-njet. Gjin konversaasje, gjin freonlikens. De Nikolaastsjerke dan? Nee, krekt nei fjouweren bin ik 5 minuten te let.

 
Ober  Jûns traktearje ik mysels op in waarm miel yn restaurant Konvikt, yn ’e hotelstrjitte en oanrikkemendeare yn myn gidske. Mar de ober oerlibbet syn stille moandeitejûn mei film op breedbyldskerm, oates en toates ûnderbrutsen troch lûde rimpelkrèmreklame en de sop fan ’e dei is hilaryske hinnesop. Ek de buorlju, in Japans stel, fine de joekels fan spûnzige blikballen mear nei ‘beef’ smeitsjen, mar de ober snapt it beswier net. Mei syn trijen gichelje we der dan mar om. Hy hat myn ballen de oare deis grif recycle.    

 

Winkelman  Myn neigesetsje beslút ik te keapjen by de Potraviny, it freonlike miniwinkeltsje krekt om ’e hotelhoeke, oan 22.00 oere ta iepen, útsein sneins. Sneon wie ‘k hjir om lusifers foar myn oanskafte bring-dyn-hotelkeamer-op-sfear-kears (echte bijewas) en dy besocht ik yn Tsjechysk te bestellen. De winkelman, jier as 45, súd-europeesk úterlik, hie freonlike brune eagen mei goeie wille om myn brykpraat.

‘He! How are you today?’ freget er by dit wersjen. Hy liket oprjocht bliid my wer te sjen en ynteresearre yn it antwurd.

‘I’m OK!’ liich ik, mar it helpt wol in bytsje.

Tiisdeitemoarn bin ik te let fan bêd. Op strjitte sjoch ik in man, hielendal yn it swart, mei in swart mei giele bultige rêchsek, in swarte mûtse en in grutte giele skibril op. Hy beweecht him nuver, as in dûker, mei in strakrjochte rêch en hy nimt stappen as rûn er op swimfluesen, betwinget dan de Potravinydoar as bejout er him yn in grut akwarium. Him folgjend ferheuch ik my al op de ynteraksje mei de winkelman. Mar… hy is er net. Efter de toanbank stiet in frou mei it gesicht op slot. Like ûnpersoanlik as de Tesco-kassieres en dus gean ik dêr dan mar hinne. Yuppen en toeristen kinne hjir kieze tusken alle 80 sûkelade- of 100 yochurtmerken út hiel West–Europa en omkriten. Belachlik mar wier: it assortimint fan ús grutte Albert Heijn is der neat by. Konsumintestress, dat krij ik derfan. Eangst om te kiezen. Sa wit ik ek net mear wat ik hjoed earst en lêst besjen moat. De kar is te grut, ik gean wer op bêd.

 

Filosofen en oersetters  Tiisdeitejûn skop ik mysels ûnder de minsken yn de ynternasjonale sfear fan kafe Globe. Yn de efterste rige lytse taffeltsjes -prima foar laptopsurfing of it lêzen yn Hrabal en tagelyk wat ite- is noch ien frij. Neffens Coen Peppelenbos (anti-Frysk?) dy’t ik logjeslêzend ek efkes digitaal moetsje oer syn stedsdichtersfilosofy, kin ik dit ferslach as twatalige Ljouwertse likegoed yn it Nederlânsk dwaan. Ha, jawis wol. Mar it soe in oar ferhaal wurde. De taffeltsje-buorman (Amerikaanske tritiger, hat helaas in burd, blykt Jason te hjitten) freget out of the blue:
‘Are you interested in filosofy, by any chance?
‘Yes, I am,’ fielt as it goeie antwurd.

Sa bedarje ik letter by de Monthly Globe Filosofyclub op de boppe-etaazje. Net foar Hegel en Marx  (ik ha neat nijs heard, deselde lear as myn earstejiers RUG- kolleezjes fan 20 jier lyn, útsein de pretinsje dat dit nijs wie) mar om de paradysfûgels te besjen dy’t hjir oanskikke. Jonge manlju mei burden. Lector BeeBee mei himsels graach hearre, mar Reinhardt, in Dútske ekonoom dy’t hjir in jier oan nije spoarferbiningen wurket, wit mear Marx as BB. Hy wriuwt it der net yn, wylst BB der sels in hantsje fan hat minsken ôf te seiken. Benammen as er in jonge studinte (ek USA, net kreas te neammen, mar dat binne de manlju al hielendal net) fiele lit dat se de planke fier mis slacht mei in fraach oer Maslow. Reinhardt (swart hier, swiere bril, liket yn de fierte wat op ‘neef’ Eric H.) en ik wikselje in blik. As BB einliks útlult is,  ha wy in aardich neipetear, dat útkomt by it Frysk, dat Reinhardt as Noardfrysk ek wol kin as taal. Jason hie der noch nea fan heard. Dy is no noch happy mei syn ûntdekking fan `another new language I never heard of!’ en mei wat ik him op it net sjen liet: Farsk en Frisian poetry. Hy woe it fuortendaliks mei my wol oersette yn it Ingelsk. Oeps, ha ik no in déjà-vu? We wikselje e-mailadressen út, mar ik beslút al dat ik gjin inisjatyf nimme sil. Myn ynskatting is trouwens dat Jason dit moarnier wer ferjitten is, want dan sil er syn Nije Slowaakse Leafde fan de trein helje. Om in oere as alve nim ik ôfskie fan Reinhardt en rin núnderjend werom nei ’t hotel. Hearlik om wer even tusken nuver-aardige types te sitten. Myn soarte wol.

 

Loketfrou  Woansdei 10.00 oere stean ik tagelyk mei hundert oare toeristen te sjen nei it slaan fan de wrâldferneamde astronoamyske klok fan it âlde stêdhûs en tink oan It himelsk oerwurk fan Durk van der Ploeg, dat ik lêze sil. Mar wannear yn ’e goedicheid? Ik ha hjir al like folle in tekoart oan tiid as thús. Der dûnsje wat hilligenbylden foarby en der kraait in hoanne en dat wie it dan. Ik hurry fierder, wol foar grutte kloften minsken út op it âlde Joadske begraafplak wêze. Tsjechyske pubers foar de yngong. Goed, sa’n skoalekskursje, mar moat dat nó? Ik wol inkel nei it hôf, mar dat is te dreech foar de frou oan it loket. Jo moatte ien fan de kombi-tickets nimme, ek foar in tal synagogen hjir yn it Joadske Kwartier. Ik wol der ôf wêze en wiis wat oan. Dit kostet 470 kroanen, wat ik yn ferliking mei it priispeil hiel heech fyn én nuver, foar besite oan in hôf en godshuzen.

De keppel jongknuppels, no mei lien-keppeltsjes op, wol tagelyk mei my troch ien doar, de Pinkas synagoge yn. Hjir steane 80.000 nammen op de wite muorre skildere, fan de hiele Tsjechysk-Joadske mienksip ha mar inkelen oerlibbe. Dy drokte kwetteret mar om my hinne en ik gean it hôf op, lit dy groep foargean en wachtsje op de stilte, mar dy komt net.

 

Souvenirferkeaper  Yn in Joadsk souvenirhanneltsje keapje ik in bondeltsje mei tekeningen en poëzij fan Joadske bern út it kamp Theresienstadt (Terezín) yn twa talen, Ingelsk foar myn dochter, Dútsk foar myn soan. It falt de ferkeaper (alwer in tritiger mei lang swart hier yn in sturt, nee gjin burd) op. Ik freegje him nei it reizgjen nei Terezín. Hy skat fuort yn dat ik net mei sa’n maklike Touristbus wol, mar allinne, mei gewoan iepenbier ferfier. Hy is freonlik, minlik is it goeie wurd, brûkt ek wer gjin wurd te folle. Soe it in skriuwer wêze? Anyway: ik moat de bus nimme op station Florenc.

 
Skriuwer?  Tongersdeis fermeitsje ik mysels mei in fotosessy út de daksgoate en sjoch trije snieflokjes fallen. Ik skriuw. Wykboek & notes. Earne skimeret ek in gedicht. Om kofje nei Globe en ferdwaald op de weromreis by de ûntdekking fan in ‘nij’ plein: Karlovo Namesti. It is no griemerich reinwaar. Thús krije se bulten snie, it is ferdomme net earlik! Ik wit dat hjir ek in metrostasjon sit, wol wer ris ûndergrûnsk, mar de hanwizer is wol ferrekte ûndúdlik. In frou op strjitte sprekt gjin Ingelsk, begrypt wol mètro, mar ferhipt it gewoan even de goeie kant út te wizen. Dan myn taktyk: spot in forins en folgje him. Ferrek, dizze man hat in auto. Ja, syn pak like ek wol Armani. Iets seit my dat dizze man gjín skriuwer is.

Ik wol út iten oare kant de Moldau. Resurfacing @ Malostranski. Mar op ien of oare wize fyn ik alle restaurants krekt té gesellich. Oeral toeristen, gjin filosofen. Ik rin werom oer de Karlův Most en einigje op myn bêd, mei in bak Tesco-muesli njonken de laptop- wer gjin winkelman yn de Potraviny! Ik praat yn mysels.

‘Skriuwe tutte! Der kaamst dochs foar?’

 

( Part iii giet oer Terezín en weromreis)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *