Hûn oan ’e himel no ek gratis as lústerboek

logo.ensafh

Dichter Cornelis van der Wal hat syn resinte bondel Hûn oan ’e himel foarlêzen, en de opnames dêrfan yntegraal en fergees online set.

Van der Wal syn aksje komt in wike nei’t Twadde Keamerlid Joop Atsma (CDA) oproppen hat om mear Fryske boeken as lústerboek út te jaan, om’t te min minsken de taal lêze kinne. Atsma die syn útspraken by de presintaasje fan Hylke Speerstra syn Oerpolder op CD. Hy wol ek dat de BTW op elektroanyske boeken omleech giet nei 6%, krekt as al foar normale boeken jildt.

Of der in ferbân is tusken Atsma syn oprop en Van der Wal syn aksje is de Farsk-redaksje oars noch ûnbekind. Mar it tafal wie te grut om beide nijtsjes net eefkes mei elkoar yn ferbân bringe te wollen. En oan ’e oare kant, wa seit dat ek dichters net ynheakje kinne op de aktualiteit?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *