Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 12. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Petrus Baardt: Fryske Boerepraktika

IV. Fan de fjouwer tiden fan it jier (EIN)

No is der jitte mear te dwaan,
dêr moatste wakker acht op slaan,
de fjouwer tiden fan it jier,
pas dêr sa nau op as in hier,
dêryn bestiet de measte keunst,
dyn wolfeart en lânhearre geunst.
As it foarjier wiet en fochtich is,
dan slacht in hûsman wolris mis,
dan rottet yn ´e grûn it koarn,
dyn wintersie rekket bedoarn,
dan wurdt dyn lân, en ikelwâld,
en ponge leech, de boksen âld.
Smyt dan de ploech der daalks yn
en skuor de grûn, by sinneskyn.
Is it foarjier al te kâld en spits
en droech dêrby, en wûnder fits
en is de nije moanne yn it ein
mei froast en ryp of izige rein,
dan is de greide in drôvich oard,
dan wurdt it allegearre smoard,
dyn earte en beanne binne út it set,
dyn weet, dyn koarn en wat al net,
dan stekt men winters turven oan
en lânfrou tsjocht de klompen oan,
dan rint de tersker troch it gea,
dan bakt men beannen yn it brea,
dan wurdt it bier te Ljouwert djoer,
dan moat dyn sûpe en waai op it fjoer,
to summarize, in djoere tiid
as it foarjier is net al te bliid.
De simmer hat ek syn bestek,
dat hûsman, harkje dêrnei ek:
súdwestewyn, in protte focht
is om diz´ tiid gjin grutte nocht,
dyn nôt ferrottet op it fjild,
en sa ferliest de helt fan it jild;
en wierret it te hyt en droech,
dyn nôt wurdt meager dan en slûch,
de mar wurdt as in nest sa great,
de fisken stjerre yn ´e sleat.
It wetterfet moat yn ´e pream,
de parren droegje fan ´e beam,
dyn neigers is fan droechte feal,
dyn bolle is siik, en ek it keal,
en as men dan oan it rispjen sil
toant koarts de feinten syn kweawil;
mar, swiete koelte en bolle wyn
dat bringt in goede simmer yn,
dan waakst it nôt, dan is men fris,
in gek dy´t ûntefreden is!
En it slimste dat men der fan het,
de rypste fruchten komme let,
al dat der yn ´e maitiid bloeit
en dat der yn ´e simmer groeit:
min hellet hjerstmis yn it begjin
al yn ´e skuorren syn gewin,
nee, hûsman, ast in winstdoel hest
bid dan mar om in tige hjerst.
De noarderbuien, rein en focht,
allyk it somtiids wierje mocht,
bringt yn dyn swiere en lette nôt,
de wjirm en dyn hûs de rôt.
Wat foardiel hawwe man en frou
dan fan ´e finne of fan ´e bou?
De rein en fochte bûtenshûs
en yn ´e skuon rôt en mûs.
Wurdt immen fan ´e miggen kweld
(dat bart dochs hjerstmis al komseld)
en is it te waarm, of is it te hjit,
wês dan mar wach by in wyn syn stjit,
dan binne der sjochten op ´e wei
en rint malaarjekoarts dy nei.
Ast dan mei lichte kwakkelderij
ûntkomste, bist fan koartse frij.
No fan ´e winter noch in wurd:
al is it waar dan wreed en hurd,
sa kâld, sa droech en nea net lij,
wês dêrom likegoed mar blij,
al beart de winter dy op it boarst,
ús beammen kinne tsjin ´e froast,
ús lannen kinne tsjin ´e kjeld;
dêrby ferliest men net in spjeld.
En sneit it dan in pak of acht
dêrby behâldt it sie syn macht,
dat jout in skoan takomstich jier,
dan laadt dyn bou hiel tsjok en swier,
dan wurdt dyn greide ryk en frak,
dan sitsto, boer, op dyn gemak;
dan moat it hynder ûnder it seal
omtrint Sint Jan of te Sint Eal,
mar as it in slappe winter wurdt
dan krijst de jokte op ´e sturt,
dan leit it sie-nôt yn ´e plas,
ferrot it nôt as djoer kompos´,
dan komme de hannen yn it hier,
en giet men amper om in bier,
men sjongt fan ach en wee de sang
en sjocht allyk in kat sa bang.
Is it mis mei it liif en wurdt men bleek,
stek dan de noas mar yn ´e reek,
en dan moat Wobbel yn ´e kream
al hat men al fan bern in team,
dan is Sint Piter op ´e hân
om hier en skatting fan it lân:
to summarize, der is mear te dwaan
as aaien yn it beslach te slaan.
Ja, mear as oars, om kreas en glêd
te riden mei de wein te stêd;
hjir ha ik prognostikaasjes stean
hoe dat it dy yn ´e ein sil gean,
hjir hasto no te´n earsten leard
wat al ta waar en wyn beheart.
En fynst der neat bysûnders oan,
dan kinst it dochter jaan of soan,
dy lêze somtiids by de hurd
fan Ulespegels Katteburd,
fan Reintsje Foks en Lytse Nocht
of wat de kreamer harren brocht.
Diz´ rymlerij is like goed
en noflik, en net slimmer tsjoed.

V. Tajefte. Fan de prinsipaalste merkeldagen

Heil en wyn en wetterflagen
hâld ik foar besinningsdagen;
hûsman, boarger, biste wiis,
winters by it wiete sneien
merk dyn freugde, merk dyn lijen;
as de grutte flokken flean´
kin men net te bierhûs gean,
heit en mem mei al har berntsjes
sykje dan de waarme herntsjes,
dan fertart de mier syn jild
dy´t er simmers wûn te fjild
dan wit Loaikert wol te sizzen
wêrom bleau ik, Sleauwert, lizzen?
Wêrom siet ik yn ´e kroech
en fersomme dêr myn ploech?
No ha Klaas en Jantsje iten,
is te uzes neat te biten,
komt de simmer wer, ik wed,
nimmen kriget my te stêd.

Finis – Ein

Foarwurd by Boerepraktika (oerset út it Latyn)

De goedwillige lêzer heil

Yn ´e ynlânske taal ha wy dit jûn, lêzer, te witten yn ´e Fryske taal, en dêr moatte jo je net oer besauwe. Want it is ús ynskepen eigenaardichheid en jou krekt datjinge dat koarddûnsers, sypeagigen en skearbazen fan gjin wearde taliket, en dat gjin stoer wurdich achte wurdt troch de ûnferwrikbere Cato´s fan ús tiid en troch de strange sedemasters dy´t har arrogânsje net troch har ferstân beleare litte. En ik wol leaver, mei Persius, troch har ferachte wurde as ferkeard begrepen. Mar wy ha it net oan tiid en it is ús taak ek net en behannelje yngeand wat ienris de godlike ierde-bearbeiders út ´e djipste yngewanten fan ´e ierde nei boppen hellen, as wiene se om sa te sizzen ta de boarsten fan ´e natoer kommen. Dêrom, lêzer, farwol hjirmei en fersmyt op ´e wize fan ´e net-begripenden dat wat minder nei it sin is.

Ljouwert, fanút myn museum, de 13e april 1640, P. Baardt, Med. Dr.

*

De “Boerepractica” is útjûn troch Brouwer yn de Magnus-rige fan de Fryske Akademy, mar Brouwer leit net út wêr’t de ferwizing nei Persius yn it foaropwurd op slacht (mar Brouwer hie noch gjin GOOGLE). Wolno, yn de 7e satire fan Horatius ferwiist dyseldichste nei in pleit tusken Persius en Rupilius, en dêroer seit er (oerset út in Ingelske oersetting):

Hoe’t de bastert Persius wraak naam foar de smoarchbekkerij en it gif fan Rupilius, de Kening, is tink wol bekend by blinemannen en skearbazen. Dizze Persius …., in man dêryn behurde, koe sels de kening ferbaal de baas: fol selsbetrouwen, opsnijend, mei safolle bitterens yn syn praat …

Baardt sjocht himsels dus as de wrede sprekker Persius dy’t ferbaal figueren machter as himsels lykas de Kening Rupilus oerwint. Rupilius sil stean foar de dûmny’s en geastliken dy’t op sensuer opsteane. Dêrom yn it foaropwurd ek de ferwizing nei de man dy’t de sensuer die by de Romeinen, Cato.

Wat ik it moaiste fyn is de taheakking oan it foaropwurd, ‘Ljouwert, fanút myn museum’. Blykber sit Baardt te skriuwen yn in museum dat hy beheart, mar ik ha net gewaar wurde kinnen hokker museum. It bliuwt in moai byld. Baardt dy’t lekker sit te skriuwen yn syn museum, en sels yn foaropwurden by almanakstikken de striid mei de Cato’s oangiet.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *