
Wa’t tiid net brûkt, ‘dy’t tiid ûntgliidt, ûntfljocht, ûntdûkt’, men wurdt se kwyt
(Wize: si c’est pour mon pucelage.)Ljeafke, lit ús sobje en sabje
wylst it ús mûlket, lumet en lêst,
dat is ommers fierwei bêst.
Lit se gnoarje en ús belabje,
waans fjoer waard ta jiske en tar.
Alle dwaan hat tiid en bar.Sinne en moanne rize en dûke,
simmer, winter, foarjier, hjerst
einje en libje alwer as earst.
Tutelke, as we ús tiid net brûke,
no’t se ús tsjinnet, rint se te ein:
en wa tilt wer de holle oerein?Paaierke, myn swiet fermeitsjen,
dy’t my himels swietheid jout:
jou my hûndert patkes, bout!
Lit se yn it hert ús reitsje:
patsje hûndertien kear tsien,
tuter, do wist wat ik mien.Hûndert tûzen patkes jitte,
tûzen-tûzen peaen der ta:
Bin ik gek? Fereale ik? Ha!
Lit ús patsje, o lodderich swiete,
oant ús lust-ein, sûnder tol,
swiet, ús swiete bûk swiet-fol.
*
Wat my opfalt is dat Gysbert hielendal net sa yngewikkeld is as it yn earste opslach liket. As men de saak omstaveret, in goede ynterpunksje oanbringt, fan beskate wurden mei in streepke it gearstallingskarakter eksplisitearret, dan is it risseltaat ornaris in ferdraaid flot gedicht.
Reonts har leafdegûlen om Fryske syn lichtfeardichheid
(Stim: Periosta.)1.
Let yn ’e jûn (de sinne oarkant dún,
nachtwâdsters each belutsen mei in wolk,
fjild, wetter, loft oertein mei tsjuster brún)
siet Reonts oan it strân, der wâle út herte-kolk
in trienne-gjalp, dy’t lâns har wangen del
rûn, wiet en hjit, en biet en spliet har fel.2.
O Fryske, sei se, en dêrmei waard se stôm,
en hja ferskeat en lei yn ’e swime as dea.
O Fryske, sei se doe’t se wat wer bekôm,
o hert, dyn Reonts is mear yn need as ea!
Reonts, eartiids, Reonts, dyn hert, dyn siel, dyn sin,
Reonts lijt, leaf, om dyn waan, dyn frjemde min.3.
Fljoch hinne, oer-drôvich suchtsjen sûnder ein,
stek, stek yn it hert fan him dy’t Reonts ferjit
(en dêrom skriem ik triennen oan ien ein)
om fijâns min dy’t him, spoar kwyt, berydt.
O Fryske, koe ik myn triennen yn dyn bloed
beminge, ik wit, ik rekke dyn gemoed.4.
Mar it is al om neat, al gûlde ik om dit al,
de goaden hawwe it, ljeaf, och dus foarsjoen,
(kearde it tij mar, kaam mar net dyn fal)
dat hja dit bjuster fjemd dier oan dy joe’en.
Ik rop, ik rop oan ’e himel en bejear
Gods tsjûgenis, leaf, dat ’k om dyn leafde stjer.5.
Hoe soe ik libje! ’k Fiel dyn hert en sin,
ljeaf, earen rjocht en sljocht oan my ferbûn,
no fêst oan dy blier-eagige mearmin,
dy’t (hoe’t se ek sjongt), se is falsk oant yn ’e grûn.
O tsjuster grêf myn winsk! It ljocht bin ik sêd
om dy: ferdjerst, troch Merkurs floit ferret,
Daneus syn dochter har bêd.
*
Yn dit gedicht, in leafdesklacht, is neffens Breuker in polityk boadskip ferburgen. It is nammentlik ek in klacht om’t de Fryske machthawwers mei de Hollânske machthawwers (Mercur, god fan keaplju, dus Amsterdam) besleaten om mei Cromwell syn republikeinske Ingelân yn see te gean. Cromwell hie it keningskip ôfskaft, de bân mei it pro-keningsfolk ferbrutsen. Reonts is ek de namme fan in mytyske Friezinne dy’t mei in Ingelske kening troude. Reonts sil wol stean foar it pro-keningsfolk yn Fryslân en Ingelân, dat ferret wurdt troch de Fryske machthawwers. De politike allegory is net alhiel transparant, mar as leafdesklacht is it wol slagge, al is it dan ek in melodramatyske trienneskuorder.