Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 24. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De Lyryske Gysbert IV

Jaan is leafde, nimmen is tsjeafte
(Wize: mijne harp bekleedt met rouwe)

1.
Yn it tule-wrakseljen, yn it djoeien,
yn it snap-snobjen, ljeaf,
yn it fereale-lille-boartlik stoeien
neamste my tsjeaf, tsjeaf:
om’t ik ûnder patkerije,
pea-sljocht, sûnder lûd,
intere mei mûle-stjit twa trije
dyn giel-poddehier en toet.

2.
Gouden krollebolle holle,
it liket berns-petear,
jaan of nimmen, skeelt rju folle:
haw ik stellen, hear,
as ik jou? Ho! Kin in jouwer
tsjeaverij begean?
Bazelsto net, fjildbebouwer?
Wa soe it oars ferstean?

3.
Dij soe ik earder, mei rjocht, betichtsje
fan tsjeafstal, stellerij:
by dat patsjen, by it swichtsjen,
stielsto it hert fan my.
Ik no, it hert ûntstellen, yn ‘e dwelme fuort,
stiel fan dij? Swiete skelm!
Nee: de herte-steller selme wurdt
in hertedief: tsjeaf selme!

De sprekker moat hjir wol in frou wêze want se tutet ien mei poddehier, in jonge jonge dus (en der is gjin oanwizing foar lykslachtige attraksjes by Gysbert). It is dus in gedicht oer in frou dy’t it inisjatyf nimt, dy’t yn it leafdesspul alteast dominant is. En dêrmei komme wy dochs wer, yn mylde foarm, by de Dominatriks út dy’t har ommers ek yn it gedicht foar Sibilla fan Jongstal oppenearre. Men kin fan tinken wol ha dat in dimmen, beskieden, yntrovert-reseptive figuer as Gysbert wol gefoelich wie foar oerhearskjende dominante froulju.

Op Simon Abbes Gabbema syn Heechliet Salomons

As men earst de huning-dop-waaks knettet en triuwt
dan rint it swiet sa tin dat it oeral hinne driuwt,
mar, knettet men oan, dan toant him tsjokker swiet,
dat yn swietens it foarste fier te boppe giet.

Sa is it mei ús freon. Hy besjongt yn it oanbegjin
wrâldsk djoei-behâld, dy lib-teel-swiete Min:
mar hark hoe swiet syn goudharp sjongt fuort-oan
‘t sillich himelsk geast-swiet Tsjerk-boask, mei God-Soan,

op Heechliets-hoedertoan, haad-wiis, gea-frij
dêr’t breugeman en breid geane te wei.
Dêr’t eigenste leafdes taap dipt wurk, griente, krûd en blomt’
yn dauwe syn lauwe fied-wiete oerfloed, dêr’t Hy komt.

En wykt er, dan triennet it leave breidseach as in slûs,
oant dat se him, klim-om-kladdere, laat yn memme hûs,
yn it ivich Goed, dêr’t oere noch stûne ljeafde skeint,
dêr’t de heechst folmakke oer-mjitte-ljeafde, sinkt noch eint.

Yn Gysbert syn tiid wie it hiel gewoan dat dichters lofdichten op inoars wurk skreaunen. Dat hie ek de funksje fan rekommendaasje, fan blurb, fan reklame. Yn dit gedicht waard ik gewaar dat ‘honingcel’ huningdop is – it Frysk ferrast altyd wer. En om earlik te wêzen, dat ‘kneden’ knetsje is, wist ik ek net. Sokke wurden lit ik stean; se kinne ret wurde, se binne maklik te ûnthâlden. De lêste regel einige mei “kilet noch eint”. Wurdboekstúdzje wiisde út dat ‘kylje’ betsjut ‘in kyl útsnije’ as yn “bern, sit net yn ‘e tsiis te kyljen”, en it wurd is hjir brûkt as in yntransitivum (tiidwurd mei subjekt mei passive rol). Prachtich! Mar ik moast it hjir wol fuorthelje, want as it heal kin, moat de lêzer sa min mooglik opsykje hoege. Ik ha dêr in middewei socht. Drege wurden meie, te drege (te ûnbekende) wurden wurde ferfongen: ik hoopje dat ik alle kearen in goede ôfwaging makke ha.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *