Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 6. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh
Ansk en Houk: eksistintiële Angst en eroatyske langst

II: Rigel 63 – 133

Houk
Dan gau dermei te set, der net tsjinoan mear skoarje,
De earste dy’t der komt, dy sil ik fuort beslaan
Mar as ik boaske ha, moatte jo in brulloft jaan
Dan sjogge je wat in nocht dat hja dêrby bedriuwe.

Ansk
Ik leau net dat se inoar by it libbene liif opkliuwe,
Do bearst ommers te bot; ferslaan de feiten mear,
Do hast der juster west, wat diene se dy kear?
Hoe gie it yn syn wurk, giene se ek op ’e holle
Of spilen se Noas-yn-Kont?

Houk
Ja mem, it skeelt net folle
Dat sis ik jo by God, of allyksa hie it west.
Se houden op de kont, se bûken op it fest,
Se spilen op ’e piip, se dûnsen en se sprongen,
It wie al middernacht ear’t se nei hûs ta gongen.
Ja mem, soe ik it jo fan stik ta stik ferslaan
Ik wie ten minste wol de hiele dei fan dwaan.
Wy ieten der swiet fan hammen en fan guozzebonken,
It wie neat as Hollânsk bier dat se ús yn ’e glêzen skonken.
Ik ha yn myn libbensdagen noch nea sok in nocht
Wjerfearn as wy dêr hiene. As dat no nochris mocht!
Ik woe myn rôk dêrfoar wol oan de lommert jaan
Of jo wite breidskleed.

Ansk
Bern, gjin beskamsum dwaan!
Hast de klean sa dreech, ik wed ek myn behâld
Do krigest it sa net.

Houk
Ja mem, wiene jo net âld,
Ik wedde om in stoer, je soene it sels bekenne
Dat ik de planke net missloech!

Ansk
Och mâle gek, rin hinne,
Sis dat mar tsjin in Bilkert, ik wit, sa is it net.

Houk
Ja mem, dat sizze jo sa, ’t is no foar jo te let
Mar wiene je tritich jier jonger, je soene it net sizze.
Lit ik jo oars de tekst ris tige goed útlizze,
En doch der glossen by, dan sille jo it better ferstean.
Doe’t it no mei de tiid soe op in skieden gean
En doe’t wy oan ’e loft de sinne net mear seagen
Wylst dat de grutte God mei al syn gouden eagen
De wide wrâld oersjocht, syn boadefolk stjoert
Dat alle minsken fêst yn ’e sliep bonsjoert,
Doe namen se de breid om nei it bêd te bringen
En wie der sok in spul: wy hiene har omringe,
De feinten skuorden tsjin har oan, wy holden har moai fêst
Sa dat de breugeman, earm siel, wie yn sa’n grutte lêst
En soarch dat wy har soene út ’e fâden lûke,
Hy kjirme om ’e breid, rûn aaisiik om ’e stûke
Sa lang oant dat se har dêr yn ’e keamer hiene,
Doe wie se wer oan bar; se pipe, bang oft se wie!
Se miende, se soene har fan it libben ôfdriuwe;
En doe soe de breugeman by har it bêd ynkliuwe,
Doe bearde se dat se daalk fan ’e wrâld skiede soe:
Mar doe sei in âldfaam, dy’t har grif net goed koe,
Sei fan ‘biste bang derfan as ús kat fan ’e muzen
Of fan ’e skieppetsiis, is in hûn bang fan luzen?
Wat tjirget dy siel har.’ Mar de breid sei, ‘it is kwanskwiis,
Ik moat ommers sa dwaan, dat learde mem my, soks wie wiis.
Al wie it net wat ik tocht, ik moast mar drôvich bylje,
Soks komt de breiden ta, dat ik moast ek sa spylje.’
Doe sei de âldfaam: ‘Bist mâl. Want sa tinksto ferkeard
Al tjirgest dy as in wyld. It is net heal sa kwea
As Dûmny wol preket, hark, lit my dy wat sizze.
Hy is dyn gouden hert, lit him dêr by dy lizze
En fljoch him om ’e hals en patsje op him om
Sa lang oant dat moarnier de sinne oer de kimen komt.
Dan wedzje ik om in stoer dat jimme moarn de dei
Te ier berinne sil, en no geane wy ús wei.
En jim moatte sjen dat jim it mei-inoar moai meitsje.
Doe sei de breugeman, hoe sil ik fan jim ôf reitsje?
Ik woe wol om in leaf ding, jim wiene al op bêd,
No allegear hjirwei, de hakken op, en moai rêd,
Dan kinne wy inoar it Heechliet tige leare.
Doe sei ik: sjoch wol ta dat jim elkoarren net beseare.
Dêrmei geane wy nei hûs, en litte jim betsjen.

Yn dit twadde part fertelt Houk har mem hokker wille as der op de brulloft al net wie, njonken dan it pleagjen dat earder oan bod west hat. Der waarden blykber op sa’n brulloft al frijmoedige spultsjes spile, lykas ‘Noos yn Eers’, oerset as ‘Noas-yn-Kont’. En hoewol’t de mem Ansk letter beart: ‘Wy plichten yn ús jeugd fan sok spul neat te witten’, is se dochs mar moai op ’e hichte fan de nammen fan sokke spultsjes. It liket der dan op dat Ansk har yn har rol fan mem sediger foardwaan wol as dat se is. En se is mar wát slij nei it sensasjonele ferhaal fan Houk, dy’t ferhellet hoe’t it der op de brulloft om en ta gie.

Der waarden dus ûnskuldige erotyske spultsjes spile lykas ‘Noas-yn-Kont’. Fierders waard dêrnei de breid nei it bêd ta dûnse. Sa te hearren wie dat ek eroatysk. Ommers, ‘De feinten skuorden tsjin har oan, wy holden har moai fêst’. It hat wol wat fan in inisjaasjerite by primitive stammen, dat hiele gedoch om sa’n brulloft hinne. Breid en breugeman moatte in beskate mjitte fan narjen en mishanneljen ferdrage, ear’t se faninoar genietsje meie as in pear, dat himsels tenei apart hâldt fan de mienskip fan net bûne jongfeinten en jongfammen. Ommers, se binne foar de leafdesmerk ferlern; dêrfandinne miskien it narjen en mishanneljen troch de oaren.

As de breugeman by de breid op bêd sil, begjint de breid ek nochris te kleien en te âljen dat se de wrâld ferlitte wol. Sjocht se sa tsjin de houliksnacht op, de earme siel, freget in âld faam? Nee, is it andert fan de breid:

        (…) it is kwanskwiis,
Ik moat ommers sa dwaan, dat learde mem my, soks wie wiis.
Al wie it net wat ik tocht, ik moast mar drôvich bylje,
Soks komt de breiden ta, dat ik moast ek sa spylje.

De mem hat de breid dus leard mar dat se mar goed de ûnwillige spylje moast; grif hat de mem sels gjin lokkich leafdeslibben hân. De âldfaam hâldt de breid dêrop foar dat it eroatyske leafdelibben krekt hiel fijn wêze kin, en dat je soks net mei preuts toanielspul bedjerre moatte:

   Bist mâl. Want sa tinksto ferkeard
Al tjirgest dy as in wyld. It is net heal sa kwea
As Dûmny wol preket, hark, lit my dy wat sizze.

Hjir wurde wy ek wiis dat de tsjerke by de frou dy ôfkearige negative hâlding tsjinoer eroatyk oanmoedige, en sa it houlikslibben bedoar. Fan dat is it foaroardiel as soe it kristendom anty-eroatysk wêze blykber gjin foaroardiel. En tsjin it negative preekjen fan dûmny set de âldfaam har eigen positive preek oer:

Hy is dyn gouden hert, lit him dêr by dy lizze
En fljoch him om ´e hals en patsje op him om
Sa lang oant dat moarnier de sinne oer de kimen komt.
Dan wedzje ik om in stoer dat jimme moarn de dei
Te ier berinne sil, (..)

It is oars grappich dat it krekt in âldfaam is dy’t sa preket, want hoe wit sy dat no? Opmerkliker is dat Houk it breidspear warskôget om inoar net te besearjen. Hoe komt Houk oan sokke kennis? Dat freget de mem har aansen yn de tredde ôflevering fan Ans en Houk ek ôf! Oer twa wike geane wy fierder mei dizze nijsgjirrige stoarje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *