Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 1. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (1-3)

logo.ensafh

Ik ha dy leaf

Ik ha dy leaf mei al myn hert,
by dy is al myn nocht allinne.
Myn himelryk is yn dyn skert’
en troch dyn eagen skynt myn sinne.

Eartiids doe’t wy swilen

Eartiids doe’t wy swilen
lei ik mei ien yn it hea,
te boartsjen en te lyljen,
wy spilen pea om pea,
Hja woe sa graach as my.
Wy hiene fan nimmen aan.
Wêrom soene wy it net dwaan?

Sil ik dy ris …

Sil ik dy ris …
do witste wol …
Sis leaf,
wêrom wolst it net lije.
Ik bin ommers oeral sêft en bol,
it oare soe him ek wol flije.

Ta myn fernuvering binne der yn it Midfrysk wûndermoaie lyrysk-eroatyske gedichten ferbûn oan de namme Giacomo Vredeman. En wat ek sa grappich is, dizze lieten wiene bedoeld om mei in groep te sjongen. Se binne doedestiids útjûn mei muzyk derby. Men soe se earder mei moderne popteksten as mei de muzyklêze moderne poëzy ferlykje kinne. It binne oars wakker frijmoedige teksten. Doare koaren tsjintwurdich soks noch wol te sjongen? Meastal binne de leafdeslieten hiel wat minder konkreet, hiel wat abstrakter, as dizzen. It earste gedicht fan dizze trije “Ik ha dy leaf” is miskien de moaiste. It is nammers ek opnommen yn de blomlêzing fan Fryske poëzy mei Ingelske oersettingen “The Sound that remains”. “Ik haw dy leaf” docht ek tinken oan in romroft Middelingelsk gedicht dat ik hjirûnder sitear en oerset:

The Lover in Winter Plaineth for the Spring

O western wind, when wilt thou blow
That the small rain down can rain?
Christ, that my love were in my arms
And I in my bed again!

De leafdesfeint hat yn ’e wintertiid langst nei de maitiid

O westewyn, blaas, waai en wraam,
lit lytse rein omlegen reine.
Hear, hie ’k op ’t boarst mar wer myn faam
en dat wy yn it bêd wer leine!

Mar dit gedicht is wat minder lokkich as it Midfryske gedicht. Wat oan it Ingelske gedicht moai is, is de ferwizing nei de “lytse rein”. Dat is letterlik de sêfte rein fan de maitiid (ferlykje de moderne dichter Jan Kooistra “do bist sêft as simmerrein, simmerrein”). Mar it stiet ek symboal foar in oare fochtigens dy’t him by de frou op bêd oppenearret; al ha ik dit ynsjoch nea by in oar lêzen. Iyn it twadde Vredeman gedicht ” Eartiids doe’t wy swilen” haw ik wat Midfryske wurden stean litten, dy´t yn it modern Frysk noch wol besteane, mar net hiel bekend binne, lykas “lylje” (triljend sjonge, oangean), “pea” (tút). Der is grutte kâns dat “lilje” yn it Midfrysk in betsjuttingsfield hie dat rikte fan it fatsoenlike ‘jubeljend / triljend sjonge’ oant ‘it sjongen fan it liif ek yn eroticis’. In 100% erotysk wurd soe fansels net brûkt wurde kinne, mar in ambigu wurd folle makliker. Krekt sa’t yn de romantyk it swymjen in sterk erotyske bytoan kriget, en de op den del heavjende boarst. By Gysbert Japixs lizze Lolck en Louw bygelyks te liljen, en om´t men almeast net lizzend sjongt, sil it wol de bybetsjutting fan frije ha, krekt sa´t “boartsje” dat ha kin.

It tredde Vredeman-gedicht “Sil ik dy ris” hat de foarm fan in besykjen om de leafdesfaam oer te heljen ta ferbeane spultsjes. Soksoarte ûnderwerp fine wy yn de moderne poëzy net. En dat is net omdat de fammen no williger wêze soene as doe; it is earder dat wy te kompleks, te folwoeksen, te âld foar sokke simpele langsten wurden binne.

Tsja, wêr slacht dat “bol en sêft” yn it tredde Vredeman-gedicht op? En wat is it “oare dat him ek wol flije soe”? As it wat oars is as bol en sêft dan sil it wol langwerpich en stiif wêze. Foar ús, âlde wize moderne minsken, is dit miskien kweajongespraat. Lykwols wurdearje ik it as in suvere utering fan eroatyske langst. It fernuveret my op nij dat soks, mei oare minsken derby, songen waard. Hoe oars belibben minsken yn dy tiid erotyk, sil de krityske wittenskipper him ôffreegje. En de fraach is: hoe sit it no krekt mei it auteurskip fan dizze ferzen? En wa wie Giacomo Vredeman? Giocomo Vredeman? In Fryske achternamme, in Italiaanske foarnamme? Hoe kin dat? In bern fan in Fryske heit en in Italiaanske mem? Oare kear mear.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *