
Nee seit se, as ik har freegje doar
Nee seit se as ik har freegje doar.
Kwânskwiis? Wat hat se dêrmei foar?
Al is it dat se har wart en docht,
hja mient, kom op en pak ris troch!
As ik dy sjoch
As ik dy sjoch mei it giel krolhier,
dan wurdt in dei my tûzen jier.
Sa graach woe ik witte, oft wier it wurd is:
dat de moannen binne allyk de sturt is.
Te keamer gean
Te keamer gean is grutte nocht.
Mar it is noch better by ús Tsjomme
te sliepen as gjinien it sjocht,
soe der gjin seare kont fan komme.
Yn ‘Nee seit se as ik har freegje doar’ ha ik de útdrukking ‘Immen wat neijaan’ yn de twadde rigel stean litten. It betsjut yn ús Frysk noch altyd ‘immen wat taskriuwe, immen earne fan betichtsje’. Dit gedicht is út modern eachweid wei beslist polityk, en yn oarewei, ynkorrekt. Ommers, as in frou nee seit, bedoelt se nee?! Mar de Midfryske auteur hâldt ús foar dat de faam mei ‘nee’ sizze wol: ‘kom op en pak ris troch, ast in hert yn it liif hast!’
Oer it ja en nee en de seksuele yntriizjes en spultsjes hat Paglia ûnder oaren skreaun yn ferbân mei it probleem fan ‘date rape’ en soksoartige saken. Neffens Paglia wie it nayf fan ûnskuldige wite protestantske famkes út in beskerme miljeu as se tochten dat se yn in studintefermidden har tusken jonges bedrinke koene sûnder dat har wat oerkaam. Bytsje dûbel, want misdiedich bliuwt it.
Hiel nijsgjirrich is ‘As ik dy sjoch mei it giel krolhier’. Wat soe de auteur no bedoele mei syn fraach oft de moannen lyk as de sturt binne? By de sedige Fryske proffen dy’t hjiroer skreaun hawwe, mis ik in ynterpretaasje. Hawar, ik hâld it derop dat hjir stiet: soe it skamhier deselde kleur ha as it hier dat se op de holle hat? Mar dan folle moaier sein, ûnder oaren trochdat de faam mei in hynder, symboal fan skientme, ferlike wurdt. Hynders wurde oars ek beriden. In legitime fraach wurdt yn it gedicht steld, want skamhier hat faak, mar lang net altyd deselde kleur as it hier dat ien op de holle hat. Ik leau ek net dat skamhier sa gau útfalt as hier op de holle, al skine Nederlanners, dy’t gau griis wurde yn ferliking mei oare folken, ek gau griis skamhier te krijen. Skeare is dan in útkomst. Dizze saken lêst men yn ús ‘frije’ moderne tiid net faak oer yn gedichten. Is it omdat moderne gedichten inkeld oer wichtige saken gean meie? De Midfryske literatuer kin gefoel foar humor net ûntstriden wurde.
Yn it sechste Vredemansankje ‘Te keamer gean’ dûkt ek in aparte regel op: ‘Soe der gjin seare kont fan komme’. It Midfrysk hat dêr it wurd ‘smertkerne’ en dat wol sizze, neffens Waling Dijkstra, ‘een pijnlijk ontstoken aarsspleet’; dêrom myn oersetting mei ‘in seare kont’. De etymology fan it wurd begryp ik net alhiel, mar eksperts fertelle my dat ‘kerne’ in wurd foar ‘spleet, kerf’ is. By de Halbertsma’s komt it wurd ek foar, yn it sechje ‘smertkerne komt efternei’, mei ek de figuerlike betsjutting fan kweade gefolgen komme letter.
Myn ynterpretaasje is dat dit gedicht sein wurdt troch de faam. Dy sliept wol graach by Tsjomme, mar neitiids docht it kontgat har sear. Wêrom dat dan? Wolno, se woe fansels gjin bern krije, want de twa binne net troud. It is dan in útkomst en gean troch de achterdoar de tsjerke yn. Miskien wie dat yn dy tiid frij gewoan, ik bedoel, net allinnich om te dwaan, mar ek om der yn sankjes nei te ferwizen. It soe wol strike mei it feit dat hiel Europa om 1600 hinne opfallend frij wie yn seksueel opsicht. De Vredemansankjes binne ommers publisearre (1602) yn deselde frijmoedige tiid dat Shakespeare warber wie. Yn Hollân fiert Bredero triomfen.
Letter sil it toaniel ferbean wurde, sawol yn Ingelân as yn Hollân, en noch letter besinsurearje de skriuwers harsels sadanich dat se net mear oer sokke saken prate. Dat wurket troch oant yn ús tiid ta. De direkte tematyk fan liif en seks is ôfwêzich yn ús tiid, al hat Komrij dichters dy’t oer sokke dingen skreaunen, mei de kar fan syn blomlêzingen wer mear nei foaren helle, te’n koste fan de komplekser en swierwichtiger dichters. Yn de praktyk is ús tiid nochal frij op it seksuele mêd, mar der rint minder erotyk mei mank en it is net prominint oanwêzich yn de literatuer. De literatuer is of te saaklik om erotyk te ferhearlikjen of te serieus om deroer te praten. Miskien wurkje de fatsoensnoarmen fan de njoggentjinde ieu net mear troch yn ús deistige praktyk, mar al yn ús literêre oardielen.
Dat de fersen mei de namme Giacomo Vredeman ferbûn binne, is noch net sa lang bekend. De measte fersen stiene yn manuskripten fan de taallearde Franciscus Junius, dy’t yn de bibleteek fan Oxford bewarre waarden. Junius, in Hollanner, hie foar syn besite oan Ingelân by Gysbert Japicx op besite west te frysklearen. Sadwaande wie it betinken dat Gysbert-om dy lietsjes skreaun hie, al wie de toan derfan wat minder dimmen as Gysberts wurk trochstrings is. Yn juny 1966 hearde de professor anneks frisist Galama fan in professor yn de muzyk Noske dat it Haachs Gemeentemuseum wurk fan Vredeman oankocht hie, dat yn it bûtenlân weromfûn wie. Galama teach derhinne en trof in muzykboekje oan mei deryn ûnder oaren alve Fryske lietsjes. De datum fan it muzykboekje is 1602, wylst Gysbert Japicx berne waard yn 1603. Dêrmei wie foargoed bewiisd dat Gysbert net de auteur fan de lietsjes wie.
Galama fermeldt net wêr’t dat wurk weromfûn is. En wat my fernuveret: wêrom keapet it Haachsk gemeentemuseum soks oan? Heart it net op Tresoar thús? No steane der ek Frânske en Italiaanske lietsjes yn dat seldichste lietboek. Miskien dat se dêrom yn Den Haach bliuwe moatte.