
Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ‘taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.
No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”. Yippie Yippie yee. Mar sels brûk ik bygelyks it wurd taai allinne noch as in negative kwaliteitsoantsjutting; as it oer fleis as lear giet, yn in restaurant.
Der gappet in generaasjekleau. Ik begryp wol wat Mulder mei de titel fan syn boekje bedoelt. Mar ik lês dy dochs foaral as de warskôging dat it Fryske taalbelied folslein gjin smaak of soppigens mear hat, al tinkt hy fan al.
No wie my dit lêste ek wol bekend. Dyselde Douwe Tamminga fersuchte nammentlik oan ‘e ein fan syn petearen mei Geart de Vries, yn Trochpaden, alle fjoer te missen by de hjoeddeiske foarfjochters fan it Frysk [1]. De taalstriid is folslein ynstitusjonalisearre, en dêrmei burokratisearre.
Wat dy ynstitusjonalisearring betsjut, wurdt troch Bertus Mulder in dit boekje helder úteinset. De iene titel fan in provinsjale nota folget op de oare, en grutsk wiist Mulder ús op twa resinte hichtepunten yn ’e skiednis fan ’e Fryske taal. Nederlân hat yn 1996 it Europese Handvest voor Regionale of Minderheidstalen ratifisearre. Dêrtroch wurdt it Frysk sûnt dy tiid offisjeel as minderheidstaal beskôge. Boppedat hat de Earste Keamer op 30 novimber 2004 ynstimd mei it Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden. Fan dat stuit ôf binne de Friezen, en de Friezen allinne, hjir as nasjonale minderheid erkend.
Foar in politikus binne sokke besluten prachtich. Syn hurde wurk hat fertuten dien en der komme allegear nije fûnsen frij. Dêrmei krijt de politikus dus ek wat mear macht, want de mooglikheid om dat ekstra jild as subsydzje ta te kennen — of no dus krekt net.
Mar wat is de betsjutting eins fan dy erkenning dat de Friezen de iennichste nasjonale minderheid binne? Hat ien yn dizze provinsje it Kaderverdrag inzake de bescherming van nationale minderheden wolris lêzen? Ik begryp der foaral út dat it sûnt desimber 2004 ûnmooglik is om my te ferfolgjen, inkeld om’t ik dizze wurden opskriuw yn it Frysk. Krektsa mei de plysje jo net mear oppakke om’t jo dit lêze. En dan oerdriuw ik net iens.
Sa is yn artikel 10, lid 1 te lêzen:
De Partijen verplichten zich ertoe te erkennen dat iedere persoon die tot een nationale minderheid behoort het recht heeft vrijelijk en zonder inmenging zijn minderheidstaal te gebruiken, in het privé-leven en in het openbaar, mondeling en in geschrifte.
Lang leve Bertus Mulder dêrom, dy’t dizze grutte frijheid foar ús befochten hat, yn sûnder mis oerenlange duorjende fergaderingen en drege jierren oan lobbywurk.
Problemen ha ik wol mei bepalingen as dy fan artikel 4, lid 1:
[…] elke discriminatie op grond van het behoren tot een nationale minderheid [is] verboden.
Dit komt troch it prinsipe achter sa’n útspraak. Salang taalbelied in saak is fan ’e polityk allinne, binne der altiten kompromissen mooglik. Polityk is boppe alles de keunst fan it dwaanlike. Mar it Fryske taalbelied is no dus net allinne burokratisearre, mar ek juridisearre. Boppedat binne der allegear wêzensfrjemde eleminten fan bûten ynbrocht. Om’t sa’n Europeesk hânfêst no ienkear algemiene bepalings befettet, en ek jildzje moat foar minderheidsgroepen dy’t wol aktyf ferfolge wurde troch harren nasjonale oerheden. Hjirtroch is in wat nuvere situaasje ûntstien.
Strikt juridysk steld hat no eltse Fryske sinkop dy’t him diskriminearre fielt troch de oerheid — bygelyks om’t in plysje gjin Frysk liket te ferstean — no dus de regels mei om fan sa’n amtner it ûntslach te easkjen. Dit liket my net wat wêr’t ik as politikus grutsk op wêze soe, as it it berikt hie.
Nee, dy bepaling ‘eltse diskriminaasje’ sit my yn ’e wei. Rom fjirtich jier nei’t in jonge generaasje skriuwers hurd ôfstân naam fan alle dweperij mei it Frysk-eigene, hat de polityk nochris offisjeel goedkard dat der wis wol sawat as it Frysk-eigene bestiet. Erkenning foar dizze foarm fan identiteit — dy’t dus fierder rikket as allinne it brûken fan ’e taal — leit sels ynternasjonaal fêst. En der is no fêst wol in diehard as twa te finen om dizze offisjeel ynstelde leechte te foljen. Ek al om’t de oerheid him stevich ferplichte hat harren ta tsjinst te wêzen.
As ik oer polityk skriuw, ynteressearet it my trochstreeks net wat de popkes sels allegear te sizzen hân hawwe. Hast alle politisy binne passanten, nijsgjirrich is op syn bêst wat se as tank oan rommel achterlitte. My boeit fral hokker útwurking de politike beslútfoarming hat, en wat foar meganismen dêr in rol yn spile hawwe. En hjiroer is yn it algemien te sizzen dat beslissingen yn Nederlân meastentiids mei in soad ûnbedoelde gefolgen komme. Foar in grut part komt dit troch wat ik hjirboppe yn ’e rin al de juridisearring fan ’e polityk neamd ha. Sa gau as eat yn regels fêstleit, kin ynienen in hiel soad net mear.
Mar tagelyk kinne regels foar fan alles misbrûkt wurde, wêr’t se noait foar ornearre wiene.
Ik jou ta, meastentiids is it de oerheid sels dy’t as earste de eigen regels oprekt. Net ien dy’t de eigen bepalingen better ken. Foar burgers bliuwt dan allinne in djoere gong nei de rjochter oer, om sok in machtsmisbrûk oan te kleien. Dat gebeurt dus hast net. Dit no neam ik ien fan de fûnemintele tekoarten fan ús demokrasy.
En Bertus Mulder is it faaks net iens oan te rekkenjen dat er kritykleas meidraaid hat yn dit systeem, mar der in warber ûnderdieltsje fan wie. Wa’t karriêre meitsje wol yn in grutte politike partij moat dêr de moares fan ûnderskriuwe. Oer syn boekje, dat de oanlieding wie foar dizze beskôging, kin dan ek op syn freonlikst sein wurde dat it hast folslein ûnskeadlik is. De measte teksten deryn binne net mear as flechtich gelegenheidswurk, en boppedat tilt it op fan de werhellings. In soad redes stean deryn, útsprutsen by offisjele gearkomsten as iepenings, priisútrikkings, en kongressen. Yn Nederlân komme sokke gelegenheden no ienkear mei gewichtige sprekkers, al sil der net ien nei harren harkje. En Mulder wie sa’n sprekker fan wa’t de wurden eefkes trochstien wurde moasten.
Lit ús de deputearre Bertus Mulder dêrom oars betinke. Litte wy foaral oan him weromtinke as de politikus dy’t warber meiholp om in meunster fan Frankenstein ta libben te wekken; as de man dy’t de omstannichheden skoep wêryn’t de ‘etnyske Fries’ noch wer ris waakse kin; as de politikus dy’t in solide juridyske status joech oan in al hast fergetten sombi. Nei alle gedachten wist er net iens dat er dit die. It sil alles grif in net sa bedoeld effekt wêze fan wetjouwing dy’t foar hiel wat oars ornearre wie — en it soe ek hiel iroanysk wêze as burgers ynienen fan harren kant oerheidsregels oprekke.
Yippie Yippie yee.
Bertus Mulder, De miskende taaiheid fan it Frysk
144 pagina’s
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2007
ISBN 978 90 330 0611 1
Priis: € 14,95
[1] Ja, boeklog.info is myn publike deiboek oer wat ik útlês. Ik sil dêr faker nei ferwize. Alle tekst dy’t fan my online stiet, is tegearre ien tekst.