Cornelis van der Wal

‘Durk hie him wegere’

logo.ensafh

Hoefolste kear is it dat ik de útrikking fan de Gysbert meimeitsje? De fjirde of fiifde? Ik wit it net rjocht mear. Fansels, ek ik kom meastentiids benammen foar de drankjes en hapkes en it mear as treflike buffet, mar de takenning oan Josse de Haan kaam op my oer as in died fan ferset tsjin it establishment en dêr mei ik graach oer. En dan haw ik it noch net iens oer de literêre wearde fan de Haan syn wurk. Piksjitten op Snyp is in wier masterwurk, ik skamje my djip dat ik syn lêste romans noch net lêzen haw. Dêr wurdt oan wurke.

It moat hast wol in sadist west hawwe, dy’t betocht hat de útrikking yn de sigerige Broeretsjerke te hâlden, of faaks is it ien dy’t net op hichte is fan de gemiddelde temperatuer yn Fryslân ein oktober, mar it wie net hurdzjen fan de kjeld, de manifestaasje hie likegoed yn ’e bûtenloft plakfine kind.


klik foar in grutter byld

Der stapten aardich wat Fryske literêre promininten om, û.o. de eardere priiswinners Steven de Jong, Willem Abma en Abe de Vries. Allegear fleurige mantsjes, it docht bliken dat it winnen fan de Gysbert in posityf effekt hat op it algemiene wolfielen, al wit ik fansels net oft soks ek foar alle winners út it ferline jildt.


Steven de Jong

Opfallend wie it brek oan jongfolk by de besikers, fan de jongere skriuwers wiene neffens my allinnich Arjan Hut en Wobbe Atsma fertsjintwurdige. Hut hie in kreaze hoed op, dy stie him goed. Atsma hie gjin idee wêrom’t er útnoege wie en ik wist it earlik sein ek net. Ik wit ek net alles. De geroften binne swier oerdreaun.


Arjan Hut, links neist him Simen de Jong, alias Simen Oetie

It is moai om in priis te krijen, it neidiel is dat jo al dy ferfelende taspraken oanhearre moatte. Dizze oraasjes kinne jo earne oars yn dit elektroanyske tydskrift fine. It koe nammers minder diskear, it foel my bygelyks ta dat Babs Meerburg, ferneamd om har lange publyklike monologen, aardich koart om ‘e hoeke wie. De nije deputearre foar kultuer, frou de Vries, hie in frisse útstrieling, mar har pleidoai foar meartaligens noaske my net sa. Ik bedoel, dy meartaligens dy is der al, it is saak om benammen it ûnderwiis yn it Frysk fuort te sterkjen. Mar wêr bemuoi ik my mei. Josse de Haan sels wie moai kritysk foar de Fryske pommeranten oer. Ik hie syn taspraak fêstlein op myn rekorder, mar troch de galm yn de tsjerke is de opname spitigernôch mislearre.


Josse de Haan

Doe waard it tiid en strampelje mei healbeferzen skonken nei de iterij en de slokjes ta. It moat sein wurde dat de betsjinning net sa rij wie mei alkohoalysk lekker guod. Wy meie hoopje dat soks gjin belied wurdt, dit sunige gedoch is in goede reden om sa’n priis te wegerjen, liket my.

Oer prizen wegerje sprutsen, ik wist it al in wykmannich, en ik haw it út in geheime, mar tige betroubere boarne: Durk van der Ploeg hie de Gysbert wegere as dy him dit jier takend wie. Fansels om’t er him al folle earder krije moatten hie, neffens Van der Ploeg sels dan. Ik begryp dat wol. Fierders hie Hylke Speerstra him ek wegere, út solidariteit mei Durk. Dat begryp ik wat minder.

Fansels Josse nochris lokwinske, hy wie oprjocht bliid mei de eare. De rige lokwinskers waakste stadich ta in lytse file. Allegear hiene se presintsjes foar Josse meinaam. Ik net, ik bin noch wat oan it fabrisearjen.

Ik siet earst oan in tafel neist Abe de Vries, altyd goed selskip. Ta myn kjeltme kaam Jelma Knol, wurksum by de Friese Pers, of hoe’t it tsjintwurdich ek mar hjitte mei, neist my sitten. Frou Knol spruts de wurden: ‘Ik wol neist elkenien sitte, as it mar net neist Simen Oetie is, want dat is sa’n freeslike man’. Ik frege my ôf hokfoar misdieden dit sympatike bestjoerslid fan it Skriuwersboun begien hie en brimde wat foar my hinne. Abe en sjauffeuze Barbara hiene noch earne oars in ôfspraak en ferlieten de seal.

Ik fielde my hieltyd minder noflik yn it selskip en besleat dat ik oan de ferkearde tafel siet. It begrutte my om Piter Boersma en Steven de Jong cs. mar ik fûn dat ik ferhúzje moast nei in oare grutte tafel dêr’t, neist oaren, Henk van der Veer, Jelle Kaspersma, Pier Boorsma en Willem Abma in plakje fûn hiene. In tige oangenaam selskip, ik haw my skoan fermakke. It wie dêr te tsjuster en meitsje gaadlike foto’s. De petearen giene foar in grut part oer de nije, oanpaste útjefte fan de Spiegel van de Friese poëzie. Kaspersma komt der no wol yn te stean, sa fersekere Pier Boorsma de dichter-skoalmaster út Genemuiden.

It iten wie ynoarder, jo koene kieze tusken ferskate soarten stampot. Gjin bamy… Ik krige myn boardsje net hielendal leech.

Mei noch in lêste groet, in swaaiende hân rjochting Josse, gie it wer rjochting Grins. Benijd wa’t him de oare kear winne sil, dan is it wer in poëtyske Gysbert.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *