
Idylle en dea fan dochter Cynthia
Palemon by Clarinde har jierdei
De wetterman dy stoart syn krûk balstjurrich út
mei snie en iis; al it fjild wurdt as in wiete tekken,
de eastewyn dy wrotte op ’e stâl ta en de heafekken,
en blaasde blom en beam en fjild op it binnerút.
De meagere honger stiet fan kjeld te bibbertoskjen,
de grûn klinkt izer-hurd, der is gjin mosk dy’t tsjyt,
mar fljocht de skuordoar rûn, om it kromke dat him fiedt,
allinne skierroeken komme om by it aas te boskjen.
It tizich âldwiif is beferzen yn har siel,
sit op ’e stove fêst, har hannen djip yn ’e bûsen,
har Joast sit by de hurd, om turven op te setten,
ûntteit de beanpôt ta it meagere middeismiel.
Mar dizze ûnfruchtbere tiid koe neat Palemon lette.
Hy telde fiks trijeris op al syn fingers rûn
mei noch in jier, dêr’t hy Clarinde har jierdei fûn
en leit syn hert-grûn-seine syn dochter yn ’e skerte.Blide dagen,
sûnder fleagen,
it goed oerwagen:
himels keunst.
Mear oanwierje,
faak noch fiere
har ferjieren:
himels geunst.
Lykas sein tsjutten Durk Linige en syn dochter Cynthia inoar yn har gedichten mei hoedersnammen oan. Dit gedicht hat Linige skreaun by in jierdei fan Cynthia (16), en is dêr in moai foarbyld fan. Yn it gedicht wurdt de wrede winter byldzjend delset:
De wetterman dy stoart syn krûk balstjurrich út
mei snie en iis; al ’t fjild wurdt as in wiete tekken,
de eastewyn dy wrotte op ’e stâl ta en de heafekken
en blaasde blom en beam en fjild op it binnerút.
De tryste kjeld kontrastearret mei de bliidskip dy’t heit Palemon fielt no’t er him realisearret dat it wer de jierdei fan syn dochters is. In lichte eroatyske konnotaasje slút it earste part fan it gedicht ôf: en leit syn herts-grûns-seine syn dochter yn ’e skerte. Feit is dat de dichter amper fersen foar syn frou skreaun hat, mar dy hie ek net deselde foarleafde foar poëij. It twadde part fan it gedicht befettet de wenstige heilwinsk, dy’t troch syn koartkriemerige telegramstyl doch wer in mysterieuze sizzenskrêft kriget.
Gjin ûnbetochtsum minsk komt ea dit grêf tenei
(Op it grêf fan myn heecheardige dochter Cynthia Linige)Gjin ûnbetochtsum minsk komt ea dit grêf tenei.
Dêr’t himelske jiske rêst, mei niid noch fijân op stappe.
Hjir sliept myn Cynthia! Heechweardichheid wurdt net kape,
har ljocht gie as de moanne fan it ierdske skaad-each wei.Har blide siel kleau ier nei de grinzeleaze sinne,
dêr’t se yn fernijde gloarje oanwûn yn God syn geunst!
Hjir woe hja earder al inglene sjongmjitte kenne.
No wint har grutsk talint in tûzenfâldige winst.
De drukparse is myn tsjûge dat ik har noch sprekken hear!
Miskien in oere en wy … sjogge inoar ivich wer.
It hat in grutte slach foar Linige west dat syn dochter op de leeftyd fan 24 jier kaam te ferstjerren. Understeande regel liket raar:
De drukparse is myn tsjûge dat ik har noch sprekken hear
Mar dy regel slacht op de fersen dy’t se har heit neilitten hat. It “miskien in oere” slacht derop dat je alle stuiten stjerre kinne, miskien oer in oere al.